De rattelwacht
Tsien het de toersklok slein!
In swiere dei is wer ferflein.
Minsken, harkje nei myn sizzen;
Bid, en gean te rêsten lizzen!
En dy nin tsjoed gewisse het,
Slept sêft en swiet op sa'n gebed:
Want yn 'e himel hâldt de wacht
In helder each de hiele nacht.
Alf oere het de toersklok slein!
It fjoer is hast yn jiske lein.
Harkje, wat ik dy wol sizze,
Dy't jit net te rêsten lizze,
Of dy noch oan de arbeid swit,
Of dy jit by de kaarten sit;
Dy sis ik foar de lêste kear,
De deaklok slacht foar jimmermear.
Tolf hat de klok! sa ropt de wacht,
Boargers, it is middennacht!
Harkje, wat ik dy wol sizze,
Dy't de soarch te heech mocht lizze,
En wêr noch yn de neare nacht
In hert fol soarch en kommer smacht,
Sa jou dy God in swiete slom;
Ja, sliep de wizer yn 't rûnom.
't Is ien oere, dat dêr slacht;
Kâld en tsjuster is de nacht.
Harkje, wat ik dy wol sizze,
Dy jit helske leagen lizze,
As hjir of dêr mei satans ried
In tsjeaf op tsjust're gongen giet.
Sa gean nei hûs en tink terjocht,
Dat God dêrboppe dy wol sjocht
Hark, dêr slacht de klok al twa!
Dat rint nei de moarntiid ta.
Frij fan soargen en fan lêsten
Leit no alleman te rêsten,
En wa't no, foardat it daget,
De swiere soarch oan 't herte knaget,
Do earme sloof, dyn sliep is oer.
Wat soarch? God soarg't yn syn bestjoer.
Trije het de klok, God tank!
Kom, de kjimmen wurde blank.
It ljocht brekt troch 'e wolken hinne,
En dêrmei komt de blide sinne.
Sa tankje God, en gean dyn wei.
En gean mei frisse goede moed
Oan 't wurk, en hâld dy goed.
Hebel, De Wachter-ruf.
e.h.
|
|