Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 41]
| |
MoarngebedsjeSoene wy dy ferjitte, dy net tankje, o Heit yn 'e himel? Tûzen bern binne dizze nacht ynslomme, en hawwe har eagen foar ivich sletten; mar myn eagen hesto wer iepene, om it bliere ljocht fan dyn moaie gleone sinne tsjin te laitsjen. Ieremoarn stiet it brea foar ús ree, datsto simmers waachsje litste. Dêrom binne wy ieremoarn ek bliid, en sizze tsjin eltsoar: ‘Kom, lit ús tankje en bliid wêze! Dêr is nin heit, sa goe', sa freonlik, as Us Heit, dy yn 'e himel wennet, en ús it libben en alle dingen jout!’ Hoedzje ús dizze dei foar alle kwea; believen, hoedzje ús foar de sonde, dat it yslikste kwea by dy is, o God! Jou ús dêrta in fromme sin, dat wy flitich yn ús wurk binne, en by âlde ljuwe om sizzen jane. Doch do goed oan har, dy my goed dwane; seinje myn leave âlders, myn folk en freonen, myn masters en oppassers! Want ik bin earm; ik haw net om har te ferjildzjen. Tink ek om myn ongelokkige evenminsken! Jou brea oan 'e hongerige, en klean oan 'e neakene en bleate! Stjoer dyn hillige ingel mei in treast oan de siken, dy folle pine útsteane, en mei it each nei dyn hege himel sa earmhertich kroanje en weinje. Helpje do se allegearre; want do biste de Heit fan ús allegearre troch Kristus ús Ferlosser. Amen.
j.h.h. | |
Gebedsje foar it itenWy tankje dy, goede God, foar it iten, dat hjir foar ús klearstiet. Hoe goe' bisto, o Heit yn 'e himel, datsto alles jouste, wat wy fan dwaan hawwe! Wat jousto ús folle mear as oan 'e earme minsken, dy bitter honger lije! Lear ús dêrfoar tankber te wêzen, en wat mei te jaan fan alles, dat wy tefolle hawwe. Dêr hesto ommers wille oan, o Heit fan meilijen, dat wy dyn skepsels, ús evenminsken, goeddwaan, lykasto ús goed dochste en ferjouste om Kristus, dyn Soanne. Alles wat goe' is skinksto ús, en hoewol wy it net fetsje, kwea komt nea út dyn seinjende hannen. Soene wy dan net op dy trouje? O, jou ús wat goe' is as wy 'er net om freegje, en onthâld ús, wize God, wat kwea is, ek as wy 'er yn ús blinens by dy om krite en trúnje. Amen.
j.h.h. | |
JûngebedsjeO, Heit, do dy fier boppe de stjerren wenneste! Ik betankje dy, dat ik de hiele dei dyn goedheid priuwe mochte. Klean en iten, onderwiis en gesondheid, alles wat my lêste, wat my tsjinstich wie, haw ik hân. Tanke, tanke dêrfoar, o bêste Heit yn 'e himel. Myn eachlidden wurde swier, en ik moat te bêd. Ferkwikje myn wurge lea troch de swiete sliep, en weitse foar myn bêd, as ik net wyt, dat ik yn 'e wrâld bin; want do, o Leavenheare, sjochste alles, hearste alles, ek de kweade minsken as it tsjuster is. Tink net om it kwea, dat ik dy hjoed dien haw; ferjou it my om myn Sillichmeitser, dy alle froede bern by him ropt, dêr it nea nin nacht wurdt. Amen.
j.h.h. |
|