Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It tsjerkhôf by jûntiid Of it gree fan Lokke Dêr op dat hege tsjust're hôf Lei ik myn Lokke del; Dêr setten har myn buorren ôf, Dêr yn dy kûle del. Dêr leiste, Lokke, dêr, myn bern! Dêr yn dy kâlde grûn. Mei dy ha 'k alles hjir ferlern, Wat me oan de wrâld ferbiûn. Dêr leit myn libben en myn sin, Dêr yn dy griene wier. Dat nimmen mear in trien ontrin, Ik fiel en fiel it swier. De toersklok bile hol en fol, Doe 'k har nei 't hôf ta brocht; My tinkt, ik hear it jitte wol, En sjen it as by ljocht. En mannich famke teach 'ermei Nei 't hege tsjerkhôf ta, De bier mei Lokke efternei, En kriet en snikke sa. En mannich feintsje teach 'ermei, Nei 't hege tsjerkhôf ta, De bier mei Lokke efternei, En kriet en snikke sa. En beppe mei har reinkleed om Kaam slierend efteroan; Dat âlde minske goed en from Troch rou en leed bestoarn. Sa tôge se har lêste blom Nei 't neare tsjerkhôf ta, En moast noch yn har âlderdom Ek dizze rouwe ha. Wat is it libben op 'e wrâld In wif en faai bestean! Hoe selden sjocht men immen âld! Hoe faak in blom fergean! Dy hjoed fol libben en fol fjoer Om grêf noch stjerren tinkt, Hat moarn it wite deakleed oan, Ferjit me' - en fersinkt. Mar, famke, sliep en slomje dêr, Dêr yn dyn griene wier; Dat wjirm en modder dy fertar, Fertar mei 't earste jier! As nei in lange wile en tiid Nin trien mear om dy rint, En de âlde freonskip wiid en siid Wer nije freonen fynt; Dan tink ik jit om dy, myn bern, Te ier ferwile blom, Sa faak as ik it tsjerkhôf sjen, En op dyn grêfstien kom. e.h. Vorige Volgende