Ald Janom
Wel, boer, 't is as 't hjir frijers reint,
Ik bliuw net langer jins âldfeint,
Doe Fike jit in fanke wie,
Doe wist me' jit al gauris rie,
Dan loek ik oan it widzetou,
Of rûn 't ús oer 'e fûst,
Dan joegen wy har oan 'e frou,
Dan dronk hja dat se pûst'.
En waard hja yn 'e kakstoel boas,
Dan ramm'le ik mei de brulledoas
Wat haww' we wol in wille hân!
't Wie altyd Jan-oms pop.
Hja sjach'le mei my troch it lân,
Hja trogg'le my de duiten ôf
Ik tomm'le mei har yn it hôf,
Mar no, no het s' in oare pleach;
Fê! sa'n gefljoch en sa'n gereach,
't Is as w' in slimme sike ha,
Sa wurdt me' hjir oerrûn;
De masters komme 'er hurd op ta.
Och, wie hja mar wer sûn!
Dan komt 'er wer in gielburd oan,
Dan lange Jelke, ús buormans soan,
Dan komt 'er ien troch rein en wyn,
Dan seit de frijster: ‘Skik mar yn;
D' âldfeint kin dêr wol wei.’
Dêr sit er dan, en dampt en smookt,
Krekt as in grytmans soan,
Wylst Fike tige prikken stookt,
Dan jout se him wat barndewyn;
Dan is 't: ‘Skink Jan-om ek ris yn!’
En oars krij 'k nea nin skyt.
Dan stekt se him de fûst ris ta;
Dan knypt se him yn 't ear;
Dan smyt se him myn prûk ris ta.
‘Kom, Jan-om, jaan myn guds wat foer,’
Ik bin 'er as de wever oer
Soms komme 'er trije op ien jûn;
Dan strookje, hest sa net!
Twa ite har de bûk dan rûn,
Twa slûpe 'erút, en helje mear,
Dan strúnje en snuve om hûs en hear
Troch skuorre en hôf rûnom.
| |
Dan dekke se ús de skoarstien ta,
Al wat wy bûten doarren ha,
't Is earsling wat ik fyn.
Dan stiet de haiwein op it hûs,
Dan skreppe en skuorre by de rûs,
En gnoarje ik ris oer dat spul,
‘Och, Jan-om, hâld je dochs mar stil,
Nee, boer! as dat sa langer kin,
Ik tankje jy en 't hûsgesin!
Myn hjerring bret hjir net.
e.h.
|
|