Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It marke It wie op in simmerjûn; It sintsje stoe op 'e grûn Wol heal yn 'e dauwe wei, Krekt as er yn 't wetter lei. Sêftkes en stil wie de wrâld, It wetter lei sonder fâld, En 't goud'ne sinnefjoer, Sprate syn gleonens 'eroer. (bis) Me' hearde nin flinter of mich Sa flodderjen oan 'e ich, Of gonzeljen oer 'e poel, En ek nin bernegejoel. Smûk mei de kop yn 'e plom Driuwkelen de eintsjes rûnom, Yn 't lizich-blêdige gnod Jit syljende yn 'e dod. (bis) Djip yn 'e ladene tsjalk Song skûtefaar as in alk In sang fan d' âlde tiid, En wie mei 't wyfke sa bliid. En 't wyfke spûn en striek, En digere troch 'e riik Troch it heal opskauw'ne lûk, En wie by har hurdsje sa kloek. (bis) En Hearkeman om watte bút Skoot mei de peasjou 'erút. Sakeman fisket op iel, En skoot, dat er stint, nei it wiel, En keilt 'er syn dôperkes yn, En jout se oan waar en wyn; O, rûn 'er in ielke oan! Wat joech it in rike moarn. (bis) En ik mei in wiffe sin Roeike myn swiet ingelin Flink oan 'e oare marswâl. En wie mei it fanke sa mâl. Wat songen, wat boarten wy! Wat wie it ús rom en frij! O wille! O noflike tiid! Wat tins ik oan dy wer bliid. (bis) Soms driuwke it sa sêftkes wei, De riemen sleau efternei; Dan fette ik har ljordichjes om, En neamde har hunichblom. Dan lake hja wyt en blier, As it maiblomke op 'e wier Tsjin 't leave rea-sintsje oan Yn de iere foarjiersmoarn. (bis) [pagina 38] [p. 38] O leaflike stille mar! Wat lake en gobbe ik mei har! En wêrom brochtste safier Us lûd gego en getier? Ei! wêrom wieste sa froed? Ei! wêrom tilste ús lûd, As pipen we ek as in mûs, Sa hearrich oer fjild en hûs? (bis) O jûn! o leaflike dei! Wat tins ik dy efternei. En wêrom fleachste sa swiid, Do goudene griene tiid? Do himelske simmerjûn, Wat wieste my rêd ferrûn! O, kaamste! Ei! mylde, kom! Ei! kom my faker werom. (bis). e.h. Vorige Volgende