Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 37]
| |
In grytman libbe op syn stins
As d' earste fan it lân;
Hy hie dêr alles nei syn winsk,
En alles yn syn hân.
Hy iet al wat syn mûle mocht,
Siet ivich oan 'e flesse,
En dochs by krige gau syn nocht,
En waard dat libben wêrs.
Soms reage er troch it hele slot
En flokte op 'e fammen.
Dan wie 't: ‘verd..de kale rot!’
As tsjinnen s' him as lammen.
Sa'n mâle buoi wie wer ris oer,
Mynhear woe út te jeien.
Hy socht Diana en syn roer
Om wyld en tiid te deien.
't Hie reind, it bosk wie him te wiet;
No teach er nei de heide,
Dêr Oeds-om by syn skiepkes siet,
En fredich pypke en breide.
Hy rink'le mei de hân yn 't jild,
En Oeds sei: ‘Goeden dei!’
‘Sa, Oeds-om, sa allinne yn 't fjild?
Wat jout dat wol sa'n dei?’
‘O, jonker, neat as kost en klean
Fertsjinje ik dei op dei;
Dat is jier út, jier yn, myn lean.
Ik lis myn botsen wei.’
‘Dat is in bytsje!’ sei mynhear;
‘Dat is nin billik lean.’
Mar Oeds-om sei: ‘Ha jo dan mear?’
Dêr koe mynhear mei gean.
e.h. Nei it Dútsk |
|