hy koe nuveraardich komponearje. Hy song fol smaak en ynfieren, en dat talint brûkte er jamk om 'n ferslein hert watte op te beurjen. Ik bin 'erby west, dat hy 'n boartfeint, dy hopeleas mimere, wat moed ynsprekke woe, en doe him dat mislearre, gong er yn 'n tsjustere gong bûten de keamer, en song dêr salang de moaiste Dútske sankjes, dy er koe, onder de gitaar, dat 'er 'n glimke op de lippen fan syn miich kaam. Sa wie Liouwe. Fier soe hy 't yn 'e wrâld brocht ha, wie er nin dominy wurden; mar al syn talinten, dy him oars fuortholpen hienen, wienen him dêr tsjin. De ljuwe hjir te lâne miene, dat it hynstewurk is om yn seis dagen 'n preek by eltsoar te haspeljen, en dy dan sneins út te galmjen; en as se sjenne, dat de dominy dêr ek noch onder sjongt, spilet, rekkent, stjerresjit, of michjes en wjirmkes troch fergrutglêzen belôket, dat giet fan it preekjen ôf, tinke se. Dat kin noait 'n rjochte dominy wêze, sizze se. Dêrom studearje de measte ek net; foaral en believen net yn Gryksk of Latyn, dat sa'n ivigen tiid nimt. Sa dagelikswei wat godgeleard molk'-en-wetter yn it Lêsselskip, dat is alles wat se fan geleardheid en keunst ynnimme. As er no fierder mar parmantich stapt, deftich praat, en benammen sneons foar nimmen te sprekken is, dan sil de gemeente bêst mei him op streek wêze. Sneons sis ik; want dan moat 'n goed dominy wêze as 'n jong wiif, dat yn 't roeien is; op it punt fan te boarsten oan al de geleardheid, dy er yn 'e wike ynnomd het. Dêrom, wat sei pastoarske Wolff - Deken, dy oan dominy Wolff te Beverwyk troud wie, doe de skout har man op 'n sneon sprekke woe? ‘Mijnheer de schout,’ sei hja, ‘mijn man is Saterdags altijd onzichtbaar, om Zondags onverstaanbaar te zijn.’
Om koart te gean, Liouwe hat it net fierder brocht as Emden; dat wie syn earste en lêste berop. Dêr is hy ier stoarn; ik mien al yn 1855, mar noch libbet hy dêr yn de hege achting fan elts, dy sok 'n holle as op him stoe, en sok 'n hert, as yn him sloech, op de rjuchte priis te skatten wisten; noch libbet hy dêr yn de fjoerige leafde fan twa trouwe sielen, dy moarns mei syn byld foar de eagen opsteane en 'er jûns mei te bêd geane, ik mien syn treasteleaze widdo en syn iennichste dochter, dy er ús neilitten het.
j.h.h.