Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Geales sliepke Yn pôpeslom bedobbe Lei Geale yn 't leavich reid; Hy hie de kersen gnobbe Yn 't hôf fan oarreheit. De pet oer 't holtsje hinne, En oer 'e eagen del; Want waarm wie de sinne, De brimzen stieken fel. En oan in wyljenstobbe, Dêr hong syn baitsje oan, En oan it baitsje sobbe In tsjurre kealtsje oan. De rûge holders sûzen Troch blomkes en troch krûd, En troch 'e stânen rûzen De simmertwjirkes lûd. De wettergulpen fleagen En gûlden yn 'e fljocht, En nei de terpen teagen De hoantsen yn 't gefjocht. De skouwe teaperts songen De âlde lange team, En d' ekster wipt' mei sprongen, En gloep fan beam ta beam. En Toon de seine harre Fier yn it lege mêd, En Doeke mopke narre, Fan 't swyljen wurch en sêd. En kuozze yn 'e doeren, Dy haff'le yn 'e brij, Lei hymjend loai te poeren En joech de sinne frij. En op 'e daam dêr blaaide In eike sêd en slûch, En oer 'e lânen waaide Sint-Janstried wyt en rûch. Swiet yn 'e sliep fertize Wist boai fan nimmen kwea, As sêftkes him wat kize Oer holle, boarst en lea. Hy gappe en rekte en sette Syn dôve skonkjes út, As by de noas him fette In kâlde keallesnút. ‘Hoei!’ skrilde er, ‘oarre, oarre!’ En sprong hast út it fel, En seach no as in bloarre Op 't earme kealtsje del. [pagina 34] [p. 34] Geale' sliepke [pagina 35] [p. 35] Och, Geales wroechwjirm kneage; 't Wie oeral: ‘oarreheit!’ Hy waard 'er jit troch pleage Bedobbe yn 't leavich reid. Krûp yn in syd'ne wrine, 't Kwea lit dy nearne rêst; Do kinste it net ontwine: It fret dy sliep en rêst. e.h. Vorige Volgende