Nije widzesang
Witst net hoe goe' ik it mien.
Ja, ja, witsto net hoe goe' ik it mien.
Sliep, sliep sêftkes, myn berntsje;
Sliep, sliep, stil as in blom.
Dûk, dûk, krûp yn dyn herntsje,
Tink do mar nearne net om.
Ja, ja, tink do mar nearne net om.
Nije widzesang
| |
Dy, dy soe ik wol triuwe,
Ticht, ticht, djip oan myn hert.
Nin, nin pinnen beskriuwe,
Nin memme-leafdefjoer net.
Ja, ja, tink do mar nearne net om.
Troch, troch fjoer, en troch wetter,
Gean, gean, flean ik foar dy.
Nin, nin libben is better
Ja, ja, tink do mar nearne net om.
Na ... na ...na ... nane sûze,
Bliuw 'er sa swiet yn wei.
Ja, ja, tink do mar nearne net om.
Toet! toet! tûzen priuwkes
Toet! toet! tûzen triuwkes
Wekke myn fanke moarnier.
Ja, ja, tink do mar nearne net om.
Wurd, wurd in tige fanke,
Wurd in Friezinne, myn bern!
Ja, ja, tink do mar nearne net om.
Sliep! sliep! slút har de eagen.
Sliep! sliep! krûp troch har lea.
Tiis, tiis har yn dyn reagen,
Meitsje har libjende dea.
Ja, ja, witst net hoe goe' ik 't mien.
e.h.
Nei it Dútsk
|
|