Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 32]
| |
Do krytst sa earm'lik fan honger;
Do witste oars nearne fan,
En 't lodd'rich tategelonger,
Dat is dyn paradys, bern!
Dy lytse earme hertsjes,
Dy binne jit ryk by dy;
Dy lizze yn fodden en flardsjes,
Mar memkes tate ha sy.
En hawwe se fjoer noch sinne,
En knippe de glêzen fan froast,
Dan krûpt de mem 'eromhinne,
En triuwt har djip yn 'e boarst.
Och, wieste ek ryk as in prinske,
En hiest dyn widze fol goud,
Jit hieste net dyn winske,
Myn boarst fol tate, bout!
En heste dan watte slûge,
Och, rek dyn earmkes frij;
Do kinste smachtsje en sûge,
Mem het dochs neat foar dy.
Dan tilt in frjemde minne
Dyn tsjuster gerdyntsje op;
Dy het de wille allinne
En gizet mei myn pop.
Dy tilt dy út dyn glûpe,
En tutet en boartet mei dy;
Dy wolste ticht oankrûpe
En leaver hawwe as my.
Ik haw foar dy nin tate,
Ik haw de boarsten foar pronk!
In sankje en noflik prate
Is al wat natoer my skonk.
Och, koeze, net sa kibje!
Mem mient it sa mei dy;
En kin 'k net foar dy libje,
O! stjerre soe 'k foar dy.
Myn leave mût'le jonge,
Ei! kibje net sa fel.
Lit my nin triennen sjonge,
Och, boaike, jaan dy del.
e.h. Nei it Dútsk |
|