Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermdDe reis nei de jichtmasters‘It minskelibben is net altiten rys mei rezinen; it is ek wolris groat mei krôde,’ sei Gabe oan Saskemuoi, doe er in danigen pine hie oan in hûnemiezel, in kwaal dêr de skroarren folle mei oanhelle binne. Dit het syn heit Pibe ek al 'eris onderfûn, as er troch folle ier opstean en let nei bêd gean, troch folle heljen en skuorren jichtich wurden wie, en sa | |
[pagina 21]
| |
krebintich as in kroade. Fan it bêd kroep er nei de hurd, en fan 'e hurd nei de bêdsiggen. It spinnen fan Saskemuoi wie him ta lêst; it keakeljen fan 'e hinnen, it kraaien fan 'e hoannen, it tsjernjen fan 'e âlde bline en 't sjongen fan Gabe, wie him ta lêst. Mar as de buorljus bern mei har hipperts foar 'e glêzen kamen te toetsjen, sprong er neiby út syn fel, sa noartich waard er. En omdat er fan pine opfleach, en nacht noch dei lins hie, wie er ek meager en toar as in latte. Saskemuoi, goemoer, begûn al gau mei har Pibom te dokterjen. Hja helle in âld skinkebonke, dy fiif jier yn in pûdsje op 'e hoannebalken lein hie, bûke him mei in heal âldfries op 'e drompel teknetter, en joech Pibe fan it murch, om 'er him mei te smarren. Mar wat de man smarde, it holp net in bean. Gabe tochte ek dat it better wie om 't ris mei hûnesmoar, kattesmoar of hazzesmoar te besiikjen: in baarch hie er noait net folle rêde sprongen fan sjoen. Pibe begûn te kroanjen, dêrnei lûd te brommen, en einlik te kibjen. ‘Do, biis!’ sei er, ‘do joust' nearne nei; rûnom hest' de gek mei; troch yl en swaard giesto. Mar it sil jit op dyn kop delkomme!’ Gabe sei: ‘Ik haw de gek net mei ús mem, mar mei har ienfâldige rie. Om jo moat ik wol 'eris krite, heit. Mar, heit, gean nei master Freark: dy sil jo better helpje as al dat bargemurch.’ Pibomme, dy watte goarrich fan skik wie, treau him brimstich dizze wurden ta: ‘Wat eamelste wer fan dat barbierke Freark! Het er my ferline simmer nin grouwe tritich gûne nomd, doe er my fan 'e galkoarts holpen het? En wat haw ik 'erfoar hân, heite? In mannich soere hûshimmelers drankjes.’ Gabe sei: ‘Soene jo him wol wer ha wolle foar dat jild? Ik wyt it wol, it het jo hurder oan 'e fiter lutsen as Jan Smid, dy 't wetter nei de piskiker stjoerde; mar dy wie yn ien wike dea, en dan hâldt it beteljen op, dat jit al gelokkich is foar folle ljuwe: want wie it oars, de jildwolven lieten har nin rêst yn 't grêf, mar wrotten 'er har wer út as de wylde wolven alear.’ Dêrmei kaam pastoarske, dat nei 't ferstân, dat se hie, jit al in fernimstich wiif wie, mei in rie by Pibe. Hja hie dan ris lêzen, dat de flearbeam in wonderbeam wie, benammen dy op bientsjekouwen woechsen. As me' dêr de bast ôfskylde nei boppen ta, en me' sea dy, dêr koe me' fan switte en koarje: en skylde me' him nei onderen ta, dan makke it onderút romte. It duorre net lang as skoalmasters jonges tôgen al gau in heal' flearbeam fan 'e bientsjekou by Pibom oer 'e flier: dy waard ôfrûpele nei boppen ta. Mar Pibom hie net lang fan dat middel ynnomd, as hy winske pastoarske mei har flearbeam op 'e bientsjekou; switte, koarje, en al wat onhuer wie, die de man. It wie oars noch oars, sei er, as'd-er him in libben rôt fan onderen nei boppen, en fan boppen nei onderen troch 'e termen rûn. Dêr siet Pibom no mei de poat tuske de knibbels, en de holle tuske de hannen. Saskemuoi stoe efter him mei de triennen yn 'e eagen, en in pantsje-fol-wetter yn 'e hân. Gabe, dy dat hele wurk net noaske, siet stil yn 'e oare hoeke te skroarjen, mei de poanne op, en de kreupel skonk onder de oare trochslein, en bearde dat er neat seach. Mar einlinge waard it him ek te mâl. Hy sloech de holle oerein, en sei: ‘Jo sprekke slimme wurden, heit! Dat geplaster en gekwaksalver mei âldewiifsmiddels sil ophâlde. Ik helje master Freark.’ Dizze master Freark wie in kundich lânbarbier, en wat jitte mear wurdich is as folle te witen, it wie in bjuster foarsichtich man. Dêrom kaam er ek net fier yn 'e wrâld. De measte ljuwe tinke, dat se fan izer en stiel binne, en wolle leaver mei hynstemiddels genêzen wurde as troch 'e sêfte natoer. Doe Gabe weromkaam, wie Pibe dochs jit al bliid dat master komme soe. ‘Ik bin oars eang fan dy mastersdranken,’ sei er, ‘mar sa kin 't net mear.’ Gabe sei: ‘Wat wy moatte, kinne wy ek; mar as 't slim is, moatte de hynzers dochs net earsling foar 'e wein slein wurde.’ Dêrmei kaam master ek al; in gled stoel út de pronkkeamer stie al klear; in grut kakynje lei al foar him yn 't pantsje, en de piip lei ree. Doe er Pibomme ien en oar frege hie, sei er: ‘Ja, Pibe! hier zal het recept te pas komen, waarvan de vrome Job eertijds zoveel dienst gehad heeft in zijn rampspoeden; en dat recept is geduld.’ De mûlripe Gabe sei hjirop: ‘Joegen jimme allegearre sokke goede rie oan 'e minsken, folle soen' 'er wêze, dy har jild bewarren, en dy, as de reap draaid wie, krekt safier wêze soene, as doe hja opholden fan masterjen.’ ‘Ja,’ sei er, ‘ik sis it jitte ris, brûkten folle ljuwe dit middel, hja waarden sonder swolgjen en beteljen sûn as fisken.’ Pibe, dy licht tochte dat sok sizzen | |
[pagina 22]
| |
master net noaske, graude Gabe mei in pynlike troanje ta: ‘Hâld de bek 'erút, ju!’ De rimpene jonge, dy sok in noartsk beskie fan syn fromme heit net wend wie, gong ferslein de doar út, en kriet him út op de bûthúsbalken. Mar Saskemuoi, âld sloof, sloech dochs bier en barmhertichheid wer om 't hert, en socht him wer út syn skûlhoalle wei. Hja koe har Gaapke net kriten sjen. Master Freark teach no mei Pibe te wurk, en mei folle pilkjen, drankjen en smarkjen, en jitte mear troch sêft iten en hurde bêden, kaam er safier mei de man, dat er op in gripestôk nei de skuorrereed skoarje koe om de bargen te besjen. Mar it fleach Pibe net hurdernôch, en hy woe it ris heger besiikje, sei er tsjin Freark. Hy teach mei 't skip nei in Frjentsjerter prefester, dat in kundige skevel wie; mar dy hear hie noait, leau ik, by in boer yn hûs west. Dy rette him iten oan, dat Pibe noait net neamen heard hie, en klean dy him te djoer wiene. Hy joech neat mei as in lyts doaske pillen. Pibe kaam wakker ongetreast wer yn hûs. ‘Memke,’ suchte er tsjin Saskemuoi, ‘'t het dy man my raar iten opjûn: saachmoalsop, lapen fan oksen, rys mei podden 'eryn, en wat ik sels wettere moast ik sels drinke mei wat rea' wyn 'eryn. It soe licht te fertarren wêze, en dêr soe 'k fan dije.’ Gabe sei: ‘Je moasten him ris frege hawwe, as er it fan dat iten hie, dat him syn tsjokke bûk fan de iene beam nei de oare slingere, as er neimiddeis op it bolwurk trape.’ Pibe sei: ‘Ja, heite, en flewiel moast ik onder it himd drage.’ Hindrik, ús moalkers soan, dat in heal stedman wie, joech 'er dizze ferklearring oan: sagosoep, osselapjes, rijstpudding, selzerwater en flanel. It is net swier te rieden, dat de prefester syn bier mei in rep fertape hie. Sok iten koe Saskemuoi net koaitsje, en Pibe tocht ek, dat syn foarâlders mei grôt en bier âld wurden wiene: dêrom tocht er, dat hy it jitte ris heger besiikje soe mei de boal te Ljouwert, dêr Gabe ris om lake. Doe er by master Durk kaam moast er him ontklaaie, en doe er him ris tige betomke en útrutsen hie, sei er, dat Pibe de skammel ferdraaid hie. Dêrom wûn er him yn in lang wynsel, en joech him in poatsje mei griene boalsalve mei. Mar Pibe dy bleau sa stiif as in kakstoel. Nei dy tiid kaam er jit trijeris by master Durk, en doe wie 'er ek in spalling mei oer 'e muorre, dat him danich begrutte. Doe master Durks rie op wie, wie Pibes rie ek wei: hy teach fan 'e iene kwaksalver nei de oare, dy allegearre mear fan har eigene pong hâlden as fan Pibomme, en hja brochten him sa nei oan 'e dobbe-ich, dat it nin stroffeljen lije kind hie, as Pibe hie 'eryn rekke. It wie op in reinige jûn, dat Pibe by trije rykstealen siet te kroanjen, Saskemuoi nêst him mei in readoekje oer 'e eagen; de jonges wiene út 'e hûs; de faam siet te hoasstopjen, en knikkebolle dat de stoel kreakke. Dêr kaam Gabe wer mei master Freark oanstoaien. Master Freark. Goeden avond, Pijbe! Hoe gaat het, vriend? Pibe. Mei twa fuotten yn ien hoas. Master Freark. Dat zie ik tot mijn leedwezen. Maar ziet gij nu wel, dat gij Jobs geduld nodig hebt? Pibe. Praat dêr net te rimpen oer; hie ik Jobs geduld en frommichheid, dan krige ik ek help. Master Freark. Nu, Pijbe, ik heb er geen lust toe om meer proeven met u te doen, maar één goede raad wil ik u geven. Loop niet te veel naar allerhande kwakzalvers: want dan is uw leven kort. Ik weet raad; ik heb een goed vriend wonen te Groningen; ik bedoel mijn oude leermeester, doctor Pfificus, een bejaard man van veel ondervinding. Reis daar eens heen. Die zal u ongetwijfeld helpen, zo iemand u helpen kan. Volg mijn raad. Ik meen het goed met u. Saskemuoi seach wol, dat Freark watte brosser wurden wie, en sochte him al oer te heljen mei tige swiete kofje mei koeke en triuweltsjiis. Mar Freark bleau 'erby, geduld moast er ha; en dy him genêze soe, moast er leauwe, dat him genêze koe. En licht stjoerde er him wol oarwei, omdat er rekkene, dat hy 'er syn krûd op fersketten hie, en dat dy grutte wolfangers 'er no ek net swiet fan ite soene. Gabe tocht ek dat it net tsjoed wie, 'eris nei in âld dokter te gean. ‘Me' kin fan in rier safolle net begearje as fan in âld ko,’ sei er. ‘Ik leau oars dat Freark net fierder komme kin; hy het de pong om 'e hals | |
[pagina 23]
| |
lykas de treddekeals kij.’ Master Freark, dat in grien stedman wie, ferstie it net, dat Gabe him priizge, en gong 'er brimstich en noartich op ou. Mar nei't se it ris in wike mei-eltsoar bekôge hiene, en Pibe jitte ris wat sterker wurden wie, folgen hja syn rie dochs; it wie no dochs in kwea jier, en Pibe koe de reis dwaan. De blaukes waarden ynspand, en Rommert tôge Pibomme nei de wein, en sa kroep er by de tiksel op. Saskemuoi gong mei in bedrukte troanje nêst Pibomme sitten; Gabe soe menne, en 't wurd dwaan by dokter Pfificus te Grins. It wie al let yn 'e hjerst: de beanhearre waaide, en de dyk wie as klaphout sa hurd. Gabe wie oars nin hynstetysker: hynzers neamde er folle rikeljus ongedierte. Hy liet de blaukes ris tige los. Saskemuoi waard al eang, en frege him hoe dat it sa mâl gong. ‘Us Rommert het de wein tefolle smard,’ wie it andert. Dat sei er om it minske te treastjen; hy wie oars mar heal baas mear. De reed gyng oer Boalsert; hjir moast Saskemuoi it jern nei de wever bringe. Dizze wever, dat in longerige poep wie, tilde de stive Pibe, yn trije jassen beteard, út de wein, as it in bosk swevelprikken wie, en sette him yn in pakestoel del. Hjir waarden hja ris tige traktearre, en it duorre net lang, as Gabe begong al gau mei Toon; sa hjitte de poep. Gabe. Witst ek rie foar de jichte, Toon? Toon. Jau, manneke! wat scha 't hum da von siggen? Dat zin saucrementsche plaugen. Man 'k wil im in raut geven, dy veul lu pei ons in Detmold de vliegende gicht afkoerirt hat. Gabe. Kom, Toon! sizz' op dyn rie. It moat no dochs út de fierte komme. Toon. Roe, manneke! gewet dan acht, man sigge 't nit gelyk an Piet ond Klaus wider over; 't hat mich sulf in harden Prusschen daalder kost. Gabe. Domme ljus praat! Wat jout dy dat, as in oar it wit as net? Lykwol ast' 'erop set biste, sil ik 't wol swije, as ús heit mar wer holpen wie. En dan mocht ik ek wol lije, datste jit helte wizer wieste. Ik leau datste in goed doktershoed heste, mar de holle sil dy wol te lyts wêze. Dêrom, hâld dy by de skearring en ynslach. Toon. Doe pist ein spitspoev, doe honsvottige hinkende schneidersgezel! Man 'k wil't dir sagen, om dyn vaar uut den miserabelen gicht to helfen. Gabe (binnensmûle). Of yn in onsêft útein! - Lês op! Man, ik sil de earen opstekke as in hazze. Toon. So sel er hingaun, ond wikkelen im gansch ond gaar in zuver flaachs, ond wan er dan so inne lygt as in jufferken inne rosen, so schol er in schafenfel over im liegen, ond nemen dan in drei leffelvol fischtrane, in half vandelken genever, ond twei leffelvol semf. Gabe. Wat is semf? Toon. Moster! Gabe. Fij, man! Flaaks, traan en jenever, dat roaide jitte; mar dêr moster by! Dat wurdt raar iten. Oan 't flaaks kin me' heare datste in wever, en oan 'e traan en jenever datste in poep biste; mar dy moster, dêr wit ik nin rie mei. Hark, heite! As ús heit it lêste yn 't rib hie, en alle wize-ljus rie dien hie, dan soe 'k sizze, it komt in dea baarch op in stek net oan, mar no, sis ik, sil hy it net ha, as ik sil nin Gabe hjitte. Saske. Foi, jonge! Do moatst de mûle watte ynriuwe. Toon mient it goe'; de man sil ús net fan 'e wâl yn 'e sleat helpe. En de man dan jitte foar in poep út te rachen, dat is te bot. Gabe. Nee, mem; Toon ken my wol. Ferline Boalserter merke haw ik en Janke, Hoatse en Wobbel, jitte by him op in sûpke west. De moandeis yn 'e iere moarntiid, doe hawwe wy him noch ien fan syn Dútske margen út de skoarstien kaapt, mar dy brieken ús lilts op. Doe wy se in healoere yn 't liif hân hiene wie it patsjen dien: de fammen mochten ús net sykjen heare, sa stonken we fan 'e knyflok. En dat er in poep is kin me' wol oan syn skeane tongslach heare. Dat moat er him ek net skamje; mar as er better weve kin as in Fries, dan moat er it him ta in eare rekkenje. En as koe er dat net, dan moast er it jitte: want dy net fan it lân hâldt, dêr er widze is, dy binne de beanne út it wetter te goe'. Saske. Fij! en dan de man syn woarsten jitte te kaapjen, en dêr dan tenei in grut wurd fan te hâlden, Gabe! Gabe! | |
[pagina 24]
| |
By Toon wever
| |
[pagina 25]
| |
Gabe. Hea' mem, as er jo twa reaf flaaks minder oan doek werbrocht as er fan jo ontfinzen hie, dan wie de hele stjonkene woarst al betelle. Saske. Hear 'er mar net mear nei, Toon: by het de gek 'ermei. Dêr ha jo fiif inkelgûnen weeflean; jitte tweintich pûn toppen, en in flesfol rjemme foar 'e kofje. Toon. Roe, goete frau, gott befohlen! Dank veur 't wark ond 'e munte. 'K schal 't ou bal suverkens afweven, ond de rahm dar kan Liesken de kartoffelen in opsnorken. Ond doe, spotvogelken! dick scha'k nog 'n söpken geven. Gabe. Ja, Toon; mar nin grut sûpke; de blaukes binne my oars rom folhandigernôch. Wy koene oars wol yn 'e blaumodder by de doeren en pompeblêden telâne komme yn pleats fan by dokter Pfificus te Grins. As ik hjir Boalserter merke werkom mei ús âlde Noarger rún, taapje op dan; dan komt it my op in dripke nudlesmoar net oan, al woeste 'er dan ek moster by dwaan. Toon. Roe, maneke! moster oder nicht moster, 't is 'n goede-frunde rath, ond wen dyn vaar em nur einmaal probierte, so broekt er nau keen dokter meer to loopen. Ond dit wil ik dir nogmaal sagen, pei ons in Detmold had 's recht viel luit kesonnd gemacht. Fridrich. Hat aber auch recht viel leute zum teufel jeholfen. Toon. Halt smaul, Fridrich! Fridrich. Der wirt da im Rothem Hahn, meister! is dran crepirt. Toon. Halt smaul, sag ich dir, schlingel! Fridrich. Weissen sie nicht? der kerl der sein weib jeder sonabend so ungeheuher durchpriegelte. Toon. Halt smaul, hontsfot, sags 'ch dir, oder! Fridrich. Gnaediger diener, meister! Toon. Du geschwätziger luder! Gabe. No begjint de poep te stjonken. Mar, Toon, wy moatt' 'erút, en til ús heit ris út de stoel nei de wein; dy is dêr mei al dat eameljen al yn de swiete rêst fallen. Dy goede man, wie er mar better, dan hie ik ek wer wille. Doe se wer op 'e wein sieten, kroande Pibe en riboske, en hjitte Gabe net hurd te riden op 'e balstiennen. Saskemuoi beskrobbe him, dat er Toon jimmerwei de foet dwers sette. Gabe sei: ‘Ja, tsjinakselje mei ik graach ris. 't Is in gelok dat domme ljuwe sa goed binne; oars hie ik oan de oare side ek krepel west.’ Wat hja fierder nei de Wâlden ta kamen, wat it foltsen tsjinstfurdiger en better waard. Nuver seach Saske op, as de hospessen fuort de blaukes útsloegen en yn de stâl laten, wêr hja dan waarm drinken en hjouw're en gers krigen by 't bealchfol, en as sy foar in mannich stuorkes iten en drinken nôch krigen foar har trijen. ‘Nin wonder,’ sei Gabe. ‘'t Jild is hjir djoer, mem; en it is mei de minsken net as mei de kij, wat fetter, wat better. Doe Hearke' jonges de ierdappels sa djoer ferkoften, wie 'er nin dwaan mei te hawwen; oeral hongen s' it baitsje op; oeral rûnen s' 'eryn as de bolle yn 'e reak; wat har yn 'e wei stoe waard net út 'e wei set, mar út 'e wei slingere. Keatsen wie nin wurk foar sokke ljuwe; in biljert moast 'er komme om de hospes ryk en harsels earm te meitsjen. De Frânske kelderrottenGa naar voetnoot1 laken 'erom, as dêr hannen as slaaien op dy griene tafel kamen mei kromme knoarrige ierdappeldoldersfingers dêroan; mar hja binne jit net oan 'e reap slein.’ Pibe. Fij, jonge! hoe soer it laitsjen my ek falt, ik moat wol, sa raar komst 'en wer mei oan. Gabe. Jo laitsje, heit? Dat haw 'k yn nin tsien wiken sjoen. Kom, dat wie goe'. Laitsjen is sûn wurk. Och, man, ik woe wol, dat ik myn heal' âld skonk miste, en jo twa sûne werom hiene; dan wiene wy beide klear. Skroarkje kin me' sachs, as me' mar goede fingers en gleone eagen yn 'e holle het. Mar ploeien en eidzjen dêr heare earmen en skonken ta. | |
[pagina 26]
| |
Pleisterje by in Wâldherberchje
| |
[pagina 27]
| |
Pibe. Ja, boai, do mienst it bêst; dat wit ik wol; mar me' moat de mûle wolris wat ynriuwe. De wierheid is in spoek; folle ljuwe skouderje him, omdat er in bysjager foar har eigen rêst is, lykas grutte Gerben fan Jobbegea wolris sei. It wie lette jûn doe de ljuwe te Grins kamen; dêrom koene hja fuort net by dokter Pfificus klearkomme. Pibeman wie wakkere wurch, en dêrom gong dy mei Saskemuoi ek al gau nei bêd. Mar Gabe, dat in plakkersbaas wie, kofte jitte wat klúnbier, en snapte mei de oare ljuwe, dy dêr yn 'e Slingerij wiene, oer alle dingen. Onder dy minsken wie in man, dy him yn 'e merke in gouden horloazje fan in smous út de bûse troggelje litten hie. Dizze man klage earm'lik, hoe se him no by de noas hân hiene. ‘De skande wol ik net iend'ris rekkenje,’ sei de man; ‘want al hie immen sân jier by de prefesters rûn, en mear boeken lêzen as er hierren op 'e holle hie, en as hie er dêrby jitte twa brullen op 'e noas, it holp him net. Gayom-en-har steane foar gjin brullen; hja geane 'er alle dagen sels mei om. Mar wat jit briker is, de skea komt hjir by de skea. Ik hie 't oan de prokureur oanjûn, doe 'k bestellen waard; dêr, tochte my, koe nin kwea fan komme: mar no't se miene, dat se de biis by 't baitsje hawwe, no wurd ik hjir alle blaumoandeis opontbean om te bewiizgjen, as hy it is as net, hoewol ik net in fear fan 'e smous sjoen haw. No kin ik 'er jit it jild by ferreizgje. Fij, wat in lêst!’ ‘Ja,’ sei Gabe, ‘it giet jo as ús oarremem; dy woe ferline wike mei de lantearne in kroantsje wer siikje, dat se by dei ferlern hie: it minske is yn har bernskens.’ Mei dizze lange noas koe de man nei bêd gean, lykas Gabe ek die. De oare moarns rieden hja al ier nei dokter Pfificus ta, dy op it oar ein fan 'e stêd wenne. De feint fan 'e hospes ried mei, en dy tilde Pibe út de wein. Nei't hja in lyts kertier riden hiene, stien' se foar in grut hûs stil, dêr wol tweintich lamme ljuwe, dy dêr foar 'e doar stoenen, ek al help sochten. De feint loek oan in earen knop, dy nêst de doar yn 'e muorre siet, en doe waard 'er skille. Dokters feint. Wat blijf? Hospes' feint. Hier heb ik luden oet Frijsland, dij dokter spreken wollen. Dokters feint. O, freunden! komt in de zydkôamer. Wat wie dat dêr in pronkkeamer! It wie as hja op side trapene. Oan 'e muorre hingen printen sa moai, dat me' jin net sêd sjen koe. ‘'t Is onnoflik; me' doar hjir net sitten gean,’ sei Gabe; ‘hie 'k hjir mar in wâldstoel!’ Mar de âlde Pibe foel sêft del yn in grutte flewielene briedstoel. Doe er dêr sa sêft ynfoel, sei er tsjin Saske: ‘Ik leau dat it al mei my begjint te betterjen.’ Gabe sei dêrop: ‘It giet jo benei as my. Doe ik foar jierren sawat gammel wie, soe ús Rommert my wat pillen helje fan master Freark. Eardat Rommert heal' werom wie, siet ik al oer 'e groppe. As jo sa fêst oan Freark leaud hiene as ik, jo wiene al better west.’ Pibe. Hâld op! dêr komt de dokter oan. Dêr kaam dokter Pfificus oan, in lang man mei in kattesturt yn 'e nekke en poeier yn 't hier. Besiden fan 'e holle hing him lang toppich hier ta de hoed út, as 't in strieke flaaks wie. In grut trijekantich hoed siet him djip yn 'e eagen. Oan 'e lytse kromme noas lei de lytse finger fan 'e lofterhân, en yn de rjuchterhân hie hy in fine rotting mei in sulveren keatting, wol in healjelne lang. Mei't er foar 'e doar kaam, namen al dy earme ljuwe de hoed ôf, en doe er even mei de stôk foarút swong, spatte dat hele soadsje úteltsoar. Gabe. Is 't net krekt as ús Rommert de keallen boarnt en 'er de bollepyst ris trochhellet, as de iene de oare fan de trôch kringt? Pibe. St! dêr komt er yn. (De dokter komt yn, set syn stôk tsjin de muorre oan, en giet foar Pibe sitten mei in gouden snufdoaze yn 'e hân.) Dokter. Goeden morgen, vrienden! Goeden morgen! Wel zo, gij komt er al vroeg met de wagen op los. Gelukkig dat de wegen nog zo goed zijn in de herfst. Waar komen de vrienden vandaan? Gabe. Ut Fryslân, dokter: djip út Fryslân. Dokter. Wel zo, vrienden! ik wist niet dat ik zoveel roem ook buiten de provincie had. | |
[pagina 28]
| |
Maar laat horen, wat gij mij te zeggen hebt. Spreekt duidelijk en kort. Gabe. It ding sprekt fansels, as 't in mûle hie: ús heit kin gean noch stean fan 'e jicht: dêr wurdt rie foar frege. (Dokter leit de finger fan 'e rjuchterhân op 'e noas, en freget him fan alles. Einling ropt er Gabe bûten de keamersdoar, en seit:) Dokter. Hoor eens, jongetje! drinkt uw vader ook te veel rode wijn? Gabe. Och nee, dokter! Ferline jier het ús heit te Makkum-op-see de earste kear fan syn libben in flessefol opdronken, en as dat it him dien hie, dan hie ús bysitter al lang dea west; dy kin alle dagen wol in heal ammerfol op. Freegje je my as er wolris oars tefolle dronken hie, ferline jier yn 'e mylde dagen wie it soms mar it iene hânfetfol waai efter it oare; putskje wei mar! Dokter. En uw grootvader aan vaders kant, vriendje; was die ook niet wel eens jichtig? Wat deed die? Gabe. Us oarreheit dat wie in kofskipper; dy het my wol ferhelle, dat er soms wol fjouwer rûe wiken trochwiet west hie. Dokter. Alla, daar zit de kneep! Gabe. Net ret, dokter! Op syn njoggentichste jier stoar er sa linich as in lape. Dokter. Maar uw overgrootvader, maatje? Gabe. Myn oeroarreheit wie in Amelander fiskerman, dy mar ienris yn syn libben field het dat er in mage hie, doe er op in Holwerter merke in pankoek opiet fan oardeheal'-snies aaien en in pûn spek. Mar jo siikje it te fier, dokter. Us heit het fan syn âlders neat meikrige as sûn bloed, en in korpus, dêr de holle rjucht op stiet; en dêrmei het hy it, God tank, safier brocht, dat er himsels en ús allegearre bedrippe kin. Dêr sit de krupsje net, dokter. Mar ús heit wol it goede tefolle dwaan; hy het him ferskrept, tefolle wurk dien, en gjin rêst hân. (Hja geane wer yn 'e keamer.) Dokter. Nu, wij zullen kort zijn; ik zal uw vader een middeltje voorschrijven, waarvan ik in vele gevallen zeer veel dienst gehad heb. (Dokter Pfificus hellet in moai rea' boekje út 'e bûse, en kriget út de oare bûse in sulveren ding dêr pin en inket yn is; leit de finger op 'e noas, knypt de eagen ticht, brimt 'eris en skriuwt it middeltsje op.) Dokter. Ziet daar, vrienden! gaat hiermede naar de apotheker. Het gebruik staat erop. Maar nu, wat uw leefregel aanbetreft, heb ik u de volgende lessen te geven. Eet geen te sterk aangezette spijzen; houdt u bij de eenvoudige kost; geniet de vrije buitenlucht zoveel mogelijk is; gaat vroeg naar bed en staat vroeg op; slaapt op een hard bed en dekt u niet te sterk. Eindelijk overwint het geduld alles. Gabe. Dit docht de doar ticht, dokter! As ús heit hjir oan leauwe wol, dan is jins preek de reis en it jild wol wurdich. Master Freark het ús dy rie ek al jûn, mar dy wennet te tichteby om him folle te leauwen. Dêrom leauwe folle minsken de jeneveroaljekopen sa; want dy komme út Hongarije, sizze hja. Ik soe oars sizze, dat hja better oan 'e seine foegene as oan 'e fizel. En wa wit, hoefolle om har grut geloof oan it frjemde nei it grutte mienskar reizgje! Mar wat sil me' sizze, dokter? It moat mâl wêze, oars wolle folle minsken it net leauwe; en dat folk het mâle klean oan, en hja sjenne as nyt'lige bollen; hja rûke sa frjemd, en hja prate sa krom, dat sokke minsken moatte wol rie wite foar frjemde kwalen. Mar wat miskearret ús heit no, dokter? Dokter. Die laboreert aan 't Rhumatismus Chronicus, vriend. Gabe. Is dat Hebrieusk, dokter? Dêr pielde de âld dominy ek wol mei, as er yn 'e knipe siet. Dokter. Neen, babbelaar; dat is Latijn. Ik heb de tijd niet om met u hier te reutelen. Ziet gij daar die arme ellendelingen niet, die op mij wachten? Gabe. Jit in wurd, dokter! Dat Latyn, dat je dêr neamden, wie dat no de jichte? Dokter. Hoor eens, maatje! Rhumatismus Chronicus en jicht zijn een zusje met een broertje. De naaste oorzaak van deze kwalen mag de duivel weten. Maar geduld is erbij nodig. Adieu, kreupel maatje! al genoeg gebabbeld. | |
[pagina 29]
| |
Gabe. Dêr ha' jo in gûne, dokter. Ik tankje jo foar jins wiere rie. As ik jitte riker wurd, as ik no bin, sill' jo myn dokter wêze. No, gesondheid en wolwêzen. Dokter. Adieu. Pibe siet alwer mei Saskemuoi op 'e wein mei de feint fan 'e kastlein, en Gabe wipte 'er mei syn oardeheal' skonk ek gau op. Hja rieden nei de herberge en lieten it reau klearmeitsje; doe it betelle wurde soe, klage Pibe oer 'e snijerij. ‘Dy sok smoar net het kin mei nin wein mei twa hynzers ride,’ sei Gabe; ‘dan wie it better mei de bilwein te reizgjen; dêrom treastje jo, heit, en wês tefreden, dat je soks habbe.’ De reed nei hûs gong furdich: de blaukes hiene wille, en oeral wêr't hja kamen waard har ek rie foar 'e jicht jûn. Gabe stoe de toet net stil. ‘'t Giet ús,’ sei er, ‘as Klemint Marrot, doe er pine yn 'e mûle hie; dy krige ek rie fan alleman, ta de kening ynklûs.’ Pibe en Saskemuoi laken 'er beide om; mar dit stie koarts dêrnei yn skriemen en kibjen te feroarjen. Pibe, dy wol wiste, dat kastleinsbrea djoer brea wie, liet Gabe twa hele breaen helje, doe se jit yn Grins wiene, en dat yn 'e bak fan 'e wein lizze om 'er de hynzers mei te fuorjen; en dêr kaam it drankje by. Gabe, dy wol seach, dat dy trije nin goede buorljuwe wêze soene, sei al: ‘Heit, it is krekt safolle, as je 't by de bolle op stâl settene.’ Mar it koe net oars; dêr moast mar tige rûchte en hea om wuolle wurde; want Saske snobkoer wie oan 't lid ta fol fan Grinzer koeke en stoeten. It gong jitte lang goed, mar doe se einling by in weardshûs kamen fier yn Fryslân op, soe 'er fuorre wurde, en doe briek it onwaar los. It brea wie heel, en it glês ek, op in lyts rûn gatsje nei, en dêr wie alles ta útrûn wat 'eryn west hie. ‘Flokken is sonde, en it stiet lilts, mar dit is wol divelsk, heit!’ sei Gabe; ‘it drankje is brutsen.’ Wat hjirop folge kin elts tinke, dy mar ienris fan syn libben yn 'e bodd'lerij fan syn wiif in treppot omreage het. ‘It muoit my,’ sei Gabe, ‘want jo binne better wurden sont je it guod yn 'e wein hân habbe; hien' je 't ris yn 't liif krige, je hiene klear west.’ Wyl't se dêr sa yneltsoar om tsjouden, kaam 'er ek oar folk by, dy har fregen, wêr se sa om klagen. Gabe ferhelle alles koartwei. Ljuwe, dy it leed is, as it in oar wolgiet, laken 'erom; oare beklagen har, en wer oare, dy it jitte better mienden, joegen har goe' rie; en goe' rie wie no djoerder as brea, sei Gabe. Onder dy riejouwers wie 'er ien, dy lang neat sein hie, mar einling opstoe, en mar tige ris it leksum opsei. ‘Ik hjit Piter Flapút,’ ser er. ‘Omdat ik dy namme ha, sil ik ek mar ris útflappe wat my op it hert leit, en om jimme no it hier ris tige út 'e eagen te striken, sa sizz' ik jimme, dat jimme steapelsljucht west binne, dat jimme safier reizge binne om wat jimme sa neiby fine koene te Frjentsjer. Man! dêr wenje ommers ljuwe, dy mannich domme loebes en ondogenske swiften ta fermaarde ljuwe meitsje; en soene sokke ljuwe sa'n man net helpe kinne? Mar it is samar, op 't lêst rint me' nei de prefesters, en op 't alderlêst nei de boal: dêrom wol ik jimme jit in rie jaan. Hjir tichteby wennet in keardel, dy ek wolris mei de jicht ommastert; hja neame him wol de duvelbander. Wat dêr oan is, lit ik oan jimme oer, mar wat er útrjuchtet is op 't tsjoenen ôf. Hja lizze de ljuwe bânen, en jouwe se watte krûden; dêrmei is de boel ôfdien; mar dit sizz' ik jimme, it is in mâl feint.’ Gabe. Dan docht er krekt as ús beppe die: dy pielde ek wol mei knoffelbânen, as ik my ris ferkloft hie, en dan waard 'er ek wol in goed wurdsje by sein. Ik leau oars net, dat se fan it wurd wie; want al hie se tsien jier op it tsjoenen gien, hja hie it net leard. Piter. Jins beppe, dat is dêroanta; mar ik sis, it wurdt hege tiid, dat jimme nei dy man ta reizgje. It giet mei dy steddokters as in lûs op 'n tarrich kleed, en jimme heit is sa ribskjin al, dat as er net makket, dat er by dy man komt, dan koene de hûnen wolris skielik om him bylje moatte. Gabe. No, heit! wat sizz' je? Wy binne no dochs yn 'e lytse lij. Pibe. Jonge, do moatst it wite. Do heste mear ferstân as ik. Gabe. Tinkt jo dat, heit? No, fiat dan; nei de duvelbander! Gabe mûskoppet ris wat mei Piter en de kastlein, en lit ynspanje. Saskemuoi wie 'er skouderich fan, en bleau yn de herberge: tsjin de duvelbander wie me' net opwoechsen. Dêr rieden se wer hinne; Gabe bliid, dat 'er wer in nij aventoerke op stôk wie, en de | |
[pagina 30]
| |
goede Pibe heal' bliid en heal' bang. Doe se oan de wringe fan de jister kamen, dêr stoe de man sels. De Duvelbander. Dêr komme jimme al oanriden? Ik hie jimme al ferwachte, mar sa ier net. Pibe (binnensmûle). Och hea, wat is 't raar! Gabe. Ja, man, dêr kamen wy oan. Wennet hjir de duvelbander net? De jichtmaster? Duvelbander. Do smytste my kneppels foar 'e skinen. Soe 'er wol in divel wêze, heite? Do likeste oars mar in kanstoppe fan in keardel. (Pibom wurdt út de wein tild, en yn hûs tôge.) Duvelbander. Ik wit net, boer, dit stiet 'er skean foar. Jo binne oars in keardel as in lôge, en dochs as je net by my komd wiene, je hiene de koekoek net wer heard. Gabe. Sizz' net tefolle! Earst dwaan, en dan sizze. Duvelbander. Hâld 'er dyn toet út, do gêrstige skinke, as ik jou 'er dy foar in fjirtsjin dagen in pine yn, dêr gjin smous dy fan rêde kin, al skuort er dy al dyn kiezzen út. Pibe. Fij, man! Duvelbander. Habb' jimme al frij folle mastere mei alderhande frjemde snúshoannen? Gabe. Snúshoannen habbe wy nin ien by west, dêr 'k fan wit, oars net as by de boal; dy seit 't ris hurd en heech; dy skynt it wol te witten, as er 't út de krante lies; mar 't ein learde, dat er om ús heite jild sa opswetst hie. Oars binne wy jitte by twa steddokters west, fikse ljuwe, mar dy wat folle geswaai en bestel hiene. Duvelbander. Habbe jimme ek al by de âlde hurdbaarch west, de soldaat fan Hjerbeam? Gabe. O ja, man! dy wie lilts op syn wize, dat we net earder by him komd wiene, en ik leau dat de skevel gelyk hie: want hie ús heit no by him komd, no de pitten 'er jit mear útgien binne, by hie de man kâld makke as in froask. Hy joech ús heit in lyts middeltsje foar in ryksdaalder, en ik leau net, dat er 't heal' op hie, as it wie oars net as er heit de termen mei hânskrobbers útreage. Duvelbander. Ja, it is in mâl feint; dêrom leauwe de ljuwe him; soene 'er oars wol safolle nei de piskikers rinne? It liket nuver sa mar út in bekjefol pisse te sjen as de ljuwe in lintwjirm habbe, of 't kolyk, hoewol dy twa nei gedachten al oare middels fereaskje. En dit wol ik jitte rinne litte; mar út de pisse te sjen as immen foar fiif jier bloed spein het, of in breuk hân het, en sokke ljuwe braakmiddels te jaan as 'er galkoartsen omgeane, dat koe wolris blide erfgenamen meitsje. Ik leau oars net dat dy ljuwe it sels ek leauwe, mar jildwinnen is swiet, en dêrom sjocht me' 't tsjinwur'ch ek al fan oare dokters te Ljouwert en Snits, en dit giet as 't skonken het. Fan sokke ljuwe is 't jit ondogensker; want dy witte better. Die ik, dom boer, it jitte, ik koe miene, dat ik it wiste. Hja binne minder as de gûchelhânzen, dy de mouwen opstrûpe, as se begjinne. Gabe. Ja, ús master Freark kniest 'er soms ek wakker oer. Duvelbander. Jimme master Freark is in gek; dy wol de ljuwe net beskite, en dêrom moat er earm bliuwe. Wêr kniest de man oer? Hy sil fan de hondert wol tachtich genêze as de piskikers 'er tweintich genêze. It giet har as de baden yn 't poepelân: dêr binne fan dy wetters, dêr de ljuwe mei har lamme lea ynkrûpe. Dêr wurdt lûd fan ropt; alle jierren wurde 'er boekenfol fan drukt, hoefolle dat dêr al genêzen wurde; mar waarden al dy ljuwe ek ris opjûn, dy 'er net genêzen wurde, dy 'er stjerre, of 'er slimmer wei komme, de nearring rûn gau staf, en sa soe it my ek gean. Gabe. Hoe? Jo ek? Dêr hear ik nij fan op. Duvelbander. Ja, skroarke! Ik bin, God tank, safier, ik hoef net te ligen om it brea, lykas folle wize ljuwe wolris dwaan, woll' se de stôk út de hals keare. Sjoch, feint! folle ljuwe komme hjir om rie, ik haw in âld middeltsje foar 'e jichtkwalen, en dêrmei wurde folle genêzen, en folle ek net. Mar omdat it nuver liket sa fan in boer fan sa'n swiere pleage befrije te wurden, dêrom tinke de ljuwe dat ik alles genêze kin, en dat 'er mear as ien oer geane: dêrom neame se my ek duvelbander. Myn jonges, dat swiften binne, sizze oars dat | |
[pagina 31]
| |
de divel nei Eastynjen tein is sont er nin heil mear op 'e preekstoel het, en dat it him gean sil as Malbroek, dat er net weromkomt. Wol jimme heit fan my genêzen wurde, dan moat hy leauwe wat ik sis. En folle haw ik genêzen, dy jitte slimmer wiene as hy. Gabe. Mei heit moatt' je dwaan sa je wolle; hy is dommernôch. Hy sil jó wol betrouwe en leauwe. De man giet allinne by de suchtsjende Pibe yn 'e keamer, en wat dêr geskaat wie, het er net ferhelle, mar it wie in nuver getsjoen west. De âldman wie 'er oars eang fan west, en as er net moast hie, hja hiene him 'er net ta krige foar nin tsjiistsjettelfol jild. Hy joech Pibe jitte ek krûden, en sei 'erby, dat 'er net mear as twa pear eagen oer gean moasten. Hja rieden wer nei hûs, en it draaide dêrop út, dat se allegearre mis west hiene. Want Pibom krige in apstoanje oan de skonk, dat master Freark iepenje moast, en dat er einlings mei folle keunst en flyt tichtmakke, sadat Pibom de oare maityds ier al wer te Frjentsjer yn 'e poarte mei in grutte kneppel yn in keppel lammen omtyske. nbsp; e.h. |
|