De fûgel fan Bearn-poep
Bearn-poep waard njonkelytsen in dei âlder en it swierste wurk wie him ontkomd; it meanen benammen wie in wurk, dat him op it lêst dregernôch waard. Ek dat jierlikse kuierpaadsje fan Paderborn nei Hollân hinne en werom, begûn him lêstich te fallen. Dêrom bestege er him foar hearefeint by in Drint mei in grutte parade en in lyts garnizoen; want yn pleats fan him efter de tafel oan 'e mieltiid tsjinje te litten of op de bok fan 'e koets te setten, lieten se him dong kroadzje, of setten him by de jachtige fammen yn 'e koken oan it wurk. Sa smiet dan de kokenfaam him ris in ezel (konijn) ta en sei: ‘Dêr, Bearn, dêr heste in einfûgel; ropje my dy ris.’ Bearn helle it beest de hierren getrou by plôken út de hûd, en hie nin oare oanmerking as dat er op it lêst sei: ‘De fûgels hjir te lâne binne heel oars fan skik as yn Dútslân; ik kin my op de wide wrâld net begripe hoe de bisten mei sokke koarte fearkes fleane kinne.’