en seach tûzen dingen, dêr er noch nea fan dreamd hie. Hy waard al gau grutsk op syn ûnderfininge en sei faak yn himselme: ‘Us folk, wat binne dat onnoazele minsken; sa dom as it efterein fan in ko! Mar sa giet it as men ivich by syn moers brijpôt bliuwt. Dan wyt men net fan toeten of bliezen. Myn bruorren en susters miene al, dat har hoale in paleis is, mar dan moasten se sa'n tsjerke en toer ris sjen! Jonge, jonge, wat sille ús folk nuvere eagen opskuorre as ik har dat alles ris ferhelje, wat ik sa al sjoend ha.’ No, hoe fier de jonge bear it yn de kunde fan de wrâld brocht hie, dat bliek ek al gau by 't folgjende foarfal.
Hy kaam by in boerehiem, dêr in team fan njoggen wjittene hinnen mei in reabûnte hoanne om in holpanne stienen te drinken, en by eltse swolch, dy hja dienen, de kop yn 'e hichte stieken. Dat begriep Olfert de bear net, en hy frege oan in kreaze hin út de keppel, wat dat kopopstekken te betsjutten hie. ‘Dat is ús gebed,’ sei de hin. ‘Jimme gebed?’ anderde de bear, en mei-ien begûn er út te boarsten yn laitsjen. ‘Jimme gebed? No is 't briker as bryk!’ en dêrmei de bear alwer oan it geien, en hy waard op it ein sa slop fan laitsjen, dat hy mei de grouwe bealch al sketterjende oer de wjuk truzele. De hoanne, dy dit seach, wie in grut hear; hy hie lange wite blibben, dy him om de kiel bingelen; in brede bloedreade kaam, dy him as in lape op ien ear by de kop del hinge, en dan hie er noch lange flonkerjende sturtfearren, dy him onder it gean bôgjende op en del gongen; mar hy wie 'er edelmoedich by en koe de smaad, syn godstsjinst en syn wyfkes oandien, net kropje. Mei in pear deftige stappen kaam er op de bear ta, en sei him: ‘Frjemdling! It is fan âlder ta âlder in godstsjinstich gebrûk ûnder ús folk, dat wy by eltse swolch de holle yn 'e loft opstekke, om Him, dy boppe de wolken wennet en ús it wetter tareint, te tankjen; want sonder dizze goedheid fan Him moasten wy earme fûgels fertoarstje. Oer dat gebrûk mei immen tinke wat hy wol, mar hy mei 'er net mei spotte. Allinne in bear kin 'erom laitsje.’
De hinnen binne de minsken, dy oare seremoanjes yn 'e tsjerke hawwe as wy, en de bear binne sy onder ús, dy 'erom laitsje.
j.h.h.