in dominy tsjinkaam, dy him gek studearre hie, sei hy: ‘Dy man het de mage oeriesd. Hy woe de geleardheid opfrette, en men kinne 'er, tinkt my, mar fan priuwe.’ Oan in studint, dy him ferhelle dat hy al acht jier Gryksk en Latyn leard hie, liet Gabe rûke, dat it in moai mar djoer ding wie, mei him te freegjen, of hy dat frjemd praten no sa goed al koe, as de skroar fan Cicero en de faam fan Demosthenes. Ien fan Gabes bruorren, dy fan syn wiif, dat in bjuster aardich minske like, skaat wie, waard dêroer fan in selskip froulju berabbe. Gabe, dy dêrby wie en krekt in pear splinternije skuon oan hie, stiek syn beide skonken út en frege har, wat har fan dy skuon tochte. ‘Dat binne tige moaie skuon, Gabe!’ seinen se. ‘Dat kinne jimme sjen,’ herfette de snedige skroar, ‘mar fiele jimme no ek, wêr't se my twinge?’
Gabe holde in bulte fan de froulju; mar se wiene him te rynsk yn it oertallige en te deun op it nedige. Jamk sei hy: ‘Troch 'en dei in tige miel en altemets in sechsteheal oan 'e earmen griist har wol helte mear as in flardsje kant fan fyftich gûne.’
Gabe is ek ris ferlove west. Yn it nêste doarp by harres wenne in faam, dat wie syn sin en syn libben; hja hjitte Wobbel Baukes, en wie 'n skippers dochter, dêr se wolris 'n reiske mei dien hie nei Rotterdam ta. Onfoege moai wie se net, mar hja wie mear as moai; hja wie aardich, nuvere aardich yn wurd en beskie, boppe-al sêftsedich; mei ien wurd, it wie 'n leaven ien. It waard gau sok sib wurk, dat alle lju seinen: ‘Dat wurdt in pear’; mar troch folle rabjen en stokeljen fan wangeunstige boartfammen rekke de boel dochs wer ôf. Alde leafde roastet net, seit it sprekwurd; en op âld iis wol it jern frieze, en dat seach men hjir ek wer. Doe de hollen wat betommele wieën, kamen bier en barmhertichheid wer boppe; de âlde achting liet him by beiden jildzje, en Gabe loerde op eltse gelegenheid om Wobbel te oerrompeljen. Dat lokte him op it ein, en wol, nuverdernôch, yn 'e tsjerke. Op 'n sneintemoarne gong Gabe yn 't doarp, dêr Wobbel wenne, te tsjerke. Dêr hienen se 'n keunstner fan 'n dominy, dy meast in tekst keas fan twa of trije wurdsjes en dêr dan in preek útspûn fan 'n pear oeren lang. Dat wienen allegearre pronkstikken yn syn eagen, mar dêr wie nei syn sin nin moaier onder as syn preek oer de wurden: Ende de mol, dy Leviticus XI vs. 30 beskreaun steane. Yn dy preek ferlike er de minske mei 'n molwrot, en dat die er yn de fiif folgjende punten. ‘1º. De molwrot is blyn, en de minske is ek blyn foar it wiere ljocht. 2º. De molwrot wrot yn 'e ierde om, en sa wrot ek de minske op ierde, om goud en sulver, lân en fee, by eltsoar te skraabjen. 3º De mol iest yn 'e modder op earme wjirmen, en de minske iest yn it tsjuster op it swit en it brea fan de arbeiderslju. 4º. De molwrot bedjert de tunen en finnen mei syn gatten en molsbulten, en sa
feroaret de minske ús ierde, dat 'n himel wêze koe, troch syn ondogensk gewrot yn 'n hel. 5º. De mollefanger wipt de molwrot midden onder it wrotten út syn hol en slacht him mei de lodde dea; sa grypt de divel op it ein de minske mids onder syn skraabjen of oerdwealske flinken oan, en slingert him by de hierren yn 'e ivige hel, as er net bytiids yn it omsjen komt.’ Dizze selde preek hie dominy yn de lêste tsien jier twaris dien, en dit soe de tredde kear wêze. Doe Gabe yn 'e tsjerke kaam en Leviticus XI vs. 30 op it tekstbuordsje fûn, sei er yn himsels: ‘Do biste 'n âlde kunde fan my, feint! Dy haw ik al ienris wrotten sjoen. Ik ha mei dy neat mear te parten, mar 'n bulte mei Wobbel.’ Hy seach rûn yn 't bûn, en jawol, man, hy bemurk har op de efterste bank fan 'e froulju; en of 't spul sprekke moast, krekt efter har wie 'n iepen mansplak, dêr hy sitten gong. Doe dominy de tekst ôflies, begûn Wobbel yn it âlde testamint om te siikjen as 'n ferlegen minske; want hja wie better thús yn de evangeeljes en yn it boek fan Ruth as yn de boeken fan Mozes. Gabe, dy har al hinne en wer blêdzjen seach, rikte har syn bibel ta; mar de biis, yn pleats har Leviticus op te slaan, sette syn finger op de Openbaring van Johannes, kapittel twa, fers fjouwer. Wobbel lêsde de wurden, dy dêr stienen, en besauwe; hja seach foardel yn Gabes bibel, en de dominy mei syn molwrot en de hele gemeente draaiden om foar har eagen. Dat duorre sawat 'n heal kertier, doe begûn hja wer te blêdzjen, en joech Gabe syn bibel mei de lofterhân wer, wylst hja de foarste finger