Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 16] [p. 16] It famke Myn famke kipet gol en blier Ut har twa blauwe eagen. Hja is sa mûtel, gled en tier; In flodder draacht se nei de swier, In kyps mei syd'ne beagen. (bis) En om 'e sêfte hals in string Fan moaie reade kralen: Dêrfoare yn in gouden ding, It flikkert as in stjerrekring, Mei stientsjes gleon fan stralen, (bis) Mar boppe pearel of robyn Blinkt jit har spitsich kintsje: In dobke stiet 'er midden yn. Har wankjes binne waarm en fyn As 't iere foarjierssintsje. (bis) En fan dy leave kralestring, Dêr wynt in slinke hinne; Mar wêr dy slinke hinne wynt, En wat dêr efter 't jakje tynt, Dat wit hja mar allinne. (bis) Har tútsje - o, sa weak, sa hjit, Dat wit ik mar allinne. In ryg'le tosken geef as kryt, Beseamd mei lipkes read en wyt As 't Berlts'mer kersen binne. (bis) En jit by al dy snipperheid Fan klean en ien en oare, Sa het s' in fromme, froede sin, De kreazens fan in wjitten hin, De blierens fan Aurore. (bis) Mar wat jit swietter is as swiet, Dat kin nin bloarre priuwe. Want is hja tsjep en smûk en moai, En het har kantens mjitt' noch roai, Hja wol it sels net leauwe. (bis) Nei it Dútsk e.h. It libbensein Vorige Volgende