Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 13] [p. 13] Deagraverssankje Lodde, lodde en modder, Deawurks ark en reau, Dêr ik earme bodder Mannich grêf mei kleau! Modder, grêf en lodde! 't Needbrea, dat ik ha, Wyt ik skeppe en lodde, Grêf en modder, ta. Earme en rike ljuwe Tsjenn' hjir op my oan. Minske! hjir moast bliuwe, Boer en kenings soan. Smoarge kop mei hierren, Leist dêr op 'e flier? Blank - foar trije jierren, As s' in ingel wie. Tûzen jonge feintsjes Sobben har de hân; Stauwen mei har weintsjes Om sa'n byld troch 't lân. 'n Do, fermôg'le plasse, Nimmen knikst goendei. Wêr binn' no dyn skatten? Wêr dyn grutheid? Wei! Lodde, lodde en modder! Jou my brea en rêst; Jou my earme bodder 'n Grêf, in grêf foar 't lêst. Nei Hölty e.h. Deagraver. Súd-yngong fan de tsjerke te Weidum [pagina 14] [p. 14] De tsjernmole Vorige Volgende