Jonker Pyt en Sibbel
Jonker Pyt hie op 't oanretten fan in poep, dy syn heit him ta in gûverneur jûn hie, in rûn jier yn 't Frânske lân omswabbe, en as in grut hear bankettearre. Mar net fetter, net riker, net better kaam er op it slot werom. Flokken hie er leard út 'e pin, en oare dingen dy't er foarhinne net neamen heard hie, en dy't er op it slot ek net leare koe. It Frânsk hie er wakkere hiem, en mei de fammen fan it slot libbe er lykas me' 'er te Parys yn it Palais Royal mei libbet.
Daalk nei syn oankomste ('t wie op in waarme simmerjûn) siet er op in bank oan 'e bûteleane fan it slot mei in âld jachtpakje oan en boksen à la cosaque. Dêr kaam Sibbel, de slotboersdochter, mei in linige stap de leane del, jok en amers oer 'e skouders, en tinzende, dat it in oar hearskip wie, gong se mei in freonlik ‘goenjûn’ foarby. Mar jonker seach har net, as hy fleach as in hokling op har ta, en pytske har mei in ryske tsjin 'e rokken oan. Dêrmei het me' no it folgjende tuske jonker Pyt en Sibbel.
Jonker Pyt en Sibbel yn 'e Slotleane