Boalserter merke
En tomm'len my dêr op it liif,
En seinen: ‘Man! dêr is dyn wiif,
En Wobbel liet har sinke,
As pypkaniel oer rizenbrij,
Ja, noch wol swietter smakke 't my,
En dêrmei onder 't dûnsjen
En 't patsjen sonder ein,
Sei Wobbel: ‘Wêrom stunest sa?
Do woest my ommers lang al ha,
Ei! hiest it my mar sein.’
‘Dêr,’ sei ik, ‘dêr, myn Wobbel!
Dêr hest myn rjuchterhân.
Bliuw altyd rjucht en sljucht as no;
Hâld jimmer dy oan Fryske trou,
e.h.
Nei it Dútsk
Dit sankje het Gabe makke op 'e bêste snein fan 'e Boalserter merke, dy er nea fersomme. Dêr sjit ús by yn 't sin, dat er de lêste reis mei poarte-lieden de stêd útgong, en doe er in heal kertier op wei west hie, him in siktaris mei in oeribel tsjokke wynbealch mette. Dizze frege him: ‘Jongetje! zou ik nog door de poort kunnen?’ ‘Jawol, hear!’ sei Gabe. ‘Daalk is 'er noch in weide hea mei twa grouwe hynzers sonder kantroeren trochriden.’
j.h.h.