In wurdsje foarôf
Tuske Boalsert en Frjentsjer wenne Pibe Rommerts mei syn wiif Saske. 't Wiene tsjeppe ljuwe, en goederjousk boppe mjitte. As 'er in bidler kaam wie 'er nin brea brek, en wiene de ierdappels rom, dan hie mannich earm widdo in wintertarringe. Dominy krige alle jierren in heal baarch en in goes te krysttyd. Pibe syn jonges wiene tige sa tûk as hy: wêr't se kamen moast har hoanne kening kraaie, as soe de onderste stien boppe; en yn 't keatsen en tippen, dûnsjen en koekeslingerjen, rinnen en hurdriden, koenen hja alleman oer. Allegearre waarden hja foar 'e buorkerij grut makke; mar Gabe, dy krepel en troch 'en dei altyd sawat gammel wie, moast dêrom skroar wurde. Dizze Gabe koe nuver prate en sjonge, en al wat er sizze woe, koe er yn rym sizze. Skroarje koe er ek wol; mar in jongfaam hie er dochs leaver op 'e knibbel as in âld broek. Hy is jong stoarn, en nei syn dea het beppe onder syn skroarsbank yn 'e lapekoer dizze sankjes en rymkes fûn.