Peke Donia, de koloniael
(1993)–Nyckle J. Haisma– Auteursrechtelijk beschermdYnhâld‘In minske is yn it djipste wêzen oeral en ivich te wrâld in iensume,’ lit Haisma Van Clifford tsjin Peke Donia sizze, as de luitenant oankommen fielt, dat er op 'e fiere legerpost yn Atjeh de ein fine sil. De man hat safolle as Peke syn freon en mentor west yn Ynje. Hy hat de jonge ûnwennige Fries syn eigen boeken útliend, sadat er studearje koe. De ‘koloniaal’ hat in soad oan him hân, mar de ûnrêst is er net kwyt wurden. Faaks hawwe it syn ûngeduerigens en syn ienlingsskip west, dy't him nei de Tropen dreaun hawwe. De seis jier dat er yn Ynje wie, hat er longere nei de dei dat er wer yn it heitelân werom komme soe. Fryslân en de natuer yn it eigen gea binne yn syn dreamen hyltyd moaier wurden, de minsken freonliker. It is him fergetten, dat hja him, doe't er noch thús wenne, faak skoudere hawwe, omdat se him wat in nuverenien fûnen. As er werom komt, wurdt him dat fannijs dúdlik makke op in ûnmeilydsume en ûnkristlike manier, ek troch de leden fan de jongfeinteferiening, ek troch de dûmny. Hy hâldt fan it gea en de bân mei syn heit, de lytse gernier Tede Donia, is waarm en sterk, mar as Heit komt te ferstjerren is der eins neat mear, dat Peke noch oan Fryslân bynt, wylst syn langstme nei Ynje en nei syn jonkje dat er dêr efterlitten hat, hyltyd grutter wurdt. Sa liedt Peke Donia syn libbenspaad yn Paad oer 't hiem oer Heite' hiem yn de om- | |
[pagina 419]
| |
kriten fan Dokkum wer fan dat hiem ôf nei de kampong yn Ynje, dêr't Mardjo by syn ynlânske mem wennet. Yn it twadde diel fan Peke Donia, de koloniaal, Paad nei eigen hoarnleger, komt Peke njoggen jier letter wer nei Nederlân ta, no mei syn soan, dy't fierder Teda neamd wurdt. Hy is âlder en wizer wurden, hat minder yllúzjes en is mear as yn it earste diel ree om de skuld fan syn iensumens by himsels te sykjen. Hy liket ek mear kriich te hawwen en him minder fan oare minsken en har oardiel oan te lûken. Yn Hiske, in famke út de Westerein, dat yn Ljouwert ta de prostitúsje ferfallen is, fynt er in libbenskammeraat. Tegearre besykje hja op 'e nij de âlde dream fan in eigen boerespultsje yn Fryslân wier te meitsjen. Hja en it bern dat se fan Peke draacht, bine him en jouwe him nij hâldfêst yn it heitelân. ‘Ynje ferbredet, mar ferdjippet net. Ferdjipping fynt men allinne yn it lân en mids it folk dêr't men yn berne en foar skepen is.’ Dat is Peke syn fêste oertsjûging en mei dat witten jout er him de twadde reis rêstiger del ûnder de omstannichheden en hat er minder argewaasje fan de minsken har hâlden en dragen. Linkenlytsen fine de nijkommelingen sa har plakje yn de mienskip. Mar Peke syn lok kin ek dan net folslein wêze. Syn yn Ynje berne soan sil ommers om deselde redenen dy't syn heit nei Fryslân werom dreauwen, nea bewoartelje kinne yn it kâlde skiere lân, ek al is it klimaat yn de Wâlden dan letterlik en figuerlik mylder as yn de Dongeradielen. Teda syn langstme ropt him nei syn bertelân werom en Peke moat him gean litte. | |
Autobiografyske elemintenIt leit foar de hân, dat lêzers dy't it libbensferhaal fan Nyckle Haisma kenne yn de romanfiguer Peke Donia oerienkomsten mei dy syn skepper sjogge. Yn de boppe al oanhelle brief oan G.A. Wumkes út 1936 skreau Haisma fan himsels, dat er ‘him min ofto mear in balling fielt, dy't allinne yn Fryslân aerdzje kin, mar troch omstannichheden der út rekke is.’ En pan Fedde Schurer yn 1937, dat it kontakt mei de keunstbruorren yn | |
[pagina 420]
| |
Fryslân him ôffallen wie: ‘Ik alteast haw my tidens myn forlof fendetoangeande noch iensumer field as hjirre.’ Mar dochs: ‘... it longerjen is op 'e nij nei Fryslân. Mar de wrâld is sa wiid en hwa't det ienkear wyt, kin it binnen de lytse swetten fen't Heitelân net bankje. Mar de tragyk is, Fryslân wirdt hwet langer hwet mear in dreambyld ynpleats fen realiteit.’
Haisma ûnderhold in wyklikse briefkerij mei syn âldershûs en wylst er mei it ferhaal fan Peke oan it skriuwen wie, frege er by syn heit geregeld nei de details fan it buorkjen yn 'e omkriten fan Ie. Gjin niget, dat de lêzers de gong fan saken yn it gerniersbedriuw sa natuergetrou werjûn achtsje. Dat jildt ek foar de beskriuwing fan it gea. Wa't de omkriten ken, sjocht yn tinzen krekt, wêr't Peke en syn heit lâns rinne, wêr't se steane te wachtsjen op 't beurtskip, wêr't se oanstekke en wêr't se oan it wurk binne. Kin men ek sizze, dat Peke oer de dingen tinkt op deselde manear as Nyckle Haisma? ‘In forklearre minske wie Haisma,’ hat Bloembergen skreaun, ‘yn Peke joech er syn eigen wrâldskôging dy't universeel wie.’ Yn De Tsjerne publisearre Douwe Tamminga yn 1946 in artikel oer libben en wurk fan Haisma ûnder de titel ‘By de dea fan Nyckle J. Haisma’. It is yn haadsaak basearre op in petear dat Tamminga mei de skriuwer syn âlden hân hat yn oktober 1945, doe't it berjocht fan Nyckle syn ier ferstjerren noch mar krekt yn de Fryske kranten stien hie. De redakteur hat op in donkere, wiete sneontemoarn de reis makke nei ‘it royale wâlddoarp’ (Bûtenpost) en fierder oer in ‘glysterich sânpaed’ nei de ‘bihindige koumelkersstjelp’. Hy hat de sfear op him ynwurkje litten - ‘de sfear dy't ek Nyckle Haisma ûndergien hat yn jonges- en feintejierren’ - en krige it gefoel, dat beide âlde minsken, Nyckle syn heit en mem, sa weistapt wêze koene út Paad oer 't hiem. Hy hat Jabik Haisma frege, oft Peke echt bestien hat, mar dy andere: ‘Né, jo moatte jo dat sa foarstelle. Hy hat oeral wat weifandele en dêrút in nij karakter opmakke.’ Yn syn resinsje yn Yn ús eigen Tael (1938) wol Poortinga hawwe, dat Haisma in wol frijwat algemien Frysk libbensge- | |
[pagina 421]
| |
foel fan ûnwennigens yn Peke stal jûn hat. It binne net de uterlike omstannichheden fan ‘koloniaal wurde en út teloarstelling wer ôfreizgje’ dy't it ferhaal foarmje, it is dat inerlike konflikt yn Peke en yn it bestean fan safolle Friezen, dat it wiere tema útmakket. ‘Sokken as hy [Peke] scille it nearne fine, hjar skouwe gefoeligens scil de wrâld nearne oan kinne, oan 'e oare kant scil de wrâld en alle libben de langst en ûnfrede yn 'e djipte fen hjar siele nea bistilje kinne.’ Yn It Heitelân fan 1941 komt Poortinga by syn besprek fan it twadde diel op noch in oar elemint, dat faaks autobigrafysk wêze kin. As frijgesel mei in soan heart Peke Donia by syn twadde thúsreize noch skerper as de earste kear - doe't him winliken allinne syn fuortgean nei in frjemd lân te ferwiten foel - by de ûnmaatskipliken, dêr't de boereboargerlikens him heechhertich fan ôfkeart. It is opfallend, dat by Haisma krekt dy minsken mei grutte leafde tekene wurde, dy't har net oanpasse wolle of dy't bûten de mienskip rekke binne: de fisker Ryk Ferjoel, Hiske en eins âlde Tede Donia sels ek, dy't ommers fan boere-arbeider baas op eigen hiem wurde woe. Poortinga freget him ôf, oft dêr rankune oer eigen ûnderfiningen efter sitte kin by de auteur. Folle lichter waacht it autobiografyske yn Haisma syn skildering fan Ynje, syn beskriuwing fan it heal-mondêne libben fan Ynjegongers mei ferlof yn Hollân, fan it libben yn de lytse stêd en wol tige konkreet wurde eigen oantinkens as er Peke yn Amsterdam it skip, de ‘Marnix’ lizzen sjen lit en him oan board gean lit om oantinkens op te heljen. As Peke letter syn soan nei de boat foar Ynje bringt, is dat in oar skip, mar de noed fan de heit foar de gefaren fan de lange reis kin bêst basearre wêze op eigen ûnderfining fan de skriuwer. Doe't Haisma yn 1936 mei frou en bern op 'e Marnix van St. Aldegonde de weromreis makke, hawwe hja yn 'e Middellânske See min waar hân mei swiere stoarmen en dêrtroch is der brân útbrutsen oan board fan it skip. De boeken dy't er út Fryslân wei meinommen hie, binne ferbaarnd of skansearre en ek it manuskript fan de roman dy't er doe omtrint klear hie, hat safolle skea oprûn, dat er de hiele tekst op 'e nij skriuwe moatten hat. |
|