Peke Donia, de koloniael
(1993)–Nyckle J. Haisma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 422]
| |
FoarskiednisNyckle Haisma wie lid fan it Kristlik Frysk Selskip. Syn iere wurk is publisearre yn kristlike blêden. Men soe ferwachtsje, dat syn earste roman in útjefte fan de yn 1934 oprjochte Kristlik Fryske Folks Bibleteek west hawwe soe. Paad oer 't hiem ferskynde lykwols yn 1937 as nûmer 42 yn de rige fan De Fryske Bibleteek, in organisaasje dy't al sûnt 1923 warber wie om in algemiene, neutrale doelgroep fan yn de ‘Fryske Beweging’ meilibjende lêzers oan boeken yn de eigen taal te helpen en om foar de útjouwers kommersjeel net sa wisse útjeften mooglik te meitsjen. Om Haisma hie der gjin kristlike pendant komme hoegd, sa docht bliken út in brievekaart oan J. Fennema as skriuwer fan de Propaganda Kommisje fan it Kristlik Frysk Selskip. Tusken 1934 en 1941 hat dy kommisje sân bondeltsjes mei Fryske ‘lektuer for eltsenien’ útjûn, dêr't alle kearen behalve de lêste, ek wurk fan Haisma yn opnommen is. Wierskynlik yn dat ferbân skreau Haisma op 4 jannewaris 1935: ‘As 't in bytsje kin, scille Jy ien skets en ien ef mear ferzen hawwe. In skets fest, de ferzen moai grif, ef ien tominste. Scil soargje det jy it spil foar 1 Maert '35 hawwe. Kin midden '35 myn roman klear. Scil lykwols net geskikt wirde for de Kristlik Fryske bibletheek, is net posityf Kristlik fen opset en det liket my wol eask to wêzen. Fierders wyt ik net ef in eigen bibl. wol nedich west hie. Koe it net yn gearwirking mei de Fryske bibl?’ De skriuwer sprekt op itselde kaartsje noch syn ‘biwûndering en komplimint’ út foar de warberens fan Fennema en syn maten foar de Fryske saak en ûndertekent nei in ‘Fryslân Oerein’ en ‘Fryske hânslach’ as ‘Jim meistrider N.J. Haisma’. Op dat stuit lei de Fryske beweging him neier as de kristlike. | |
De boekútjefteDe earste kear dat der yn it argyf fan De Fryske Bibleteek wat te | |
[pagina 423]
| |
finen is oer in roman fan Nyckle Haisma is yn in brief fan 9 augustus 1935 dêr't er nei in opmerking oer syn abonneewurden yn skriuwt: ‘Haw oer in pear moanne in frysk boek ré (± 200 blocnotefel). Scoe de Fryske Bibl. der sims priis op stelle? It is mar in útstel, hear!’ As er mei ferlof yn Fryslan is (yn maart 1936) seit er syn lidmaatskip fan de Bibleteek al wer op, mar op 'e weromreis nei Ynje (yn oktober 1936) meldt er him fannijs oan en freget dan oft De Fryske Bibleteek ‘noch bilang stelt op syn roman foar '37’. Hy wol dat graach ‘per omgeande’ witte, omdat oars it wurk ein '36 nei Osinga stjoerd wurde moat. De brief oan de skriuwer fan De Fryske Bibleteek, Marten K. Scholten, d.d. 3 febrewaris 1937 is sa nijsgjirrich foar de skiednis fan it manuskript, dat ik de tekst yn syn hiele hear en fear oernim: ‘Ja, mei det boek bin ik mis. Ik hie it by de ôfreis nei Ynje ré op 'e korreksje nei, scoe it daelk by oankomst neisjen en it sahwet Dec. foartstjûre. Do't ik lykwols myn spil (for in part) oankrige, nei't it earst in set yn Genua omswynd hie en foartyd in pear wiken yn 't séwetter tahâlden hie, blykte it my, det ien fen de fjouwer blocnotes wei wier, twa net mear to lêzen, it fjirde mei lijen to ûntsiferjen. As in razende bin ik bigoun to skriuwen, haw it wirk bikoarte, sadet it nou ± 200-225 blocnotefel wirdt. Mei troch hinderlike omstannichheden hjirre [syn dochter is 30 novimber 1936 berne; TSW], wie it my glêd ûnmûglik it wirk ein '36 ré to hawwen. Ef it scoe der slim ûnder lije. Nou arbeidzje ik der stûf oan, mar sjuch gjin kâns, der foar ein Maert mei ré to wêzen. It muoit my stom, det ik it útjowersplan sa yn 't nau stjûr, mar de eleminten hawwe my tsjin west en woene noch mar mei lijen myn libben frij jaen. Ik scil my haestje hwet ik kin, mar 't is gjin mesinewirk fensels. Tige hoopje ik, det jim my det net to kwea ôf nimme scille: ef woe ik my halzje litte, ik kin der neat oan dwaen. Sels haw ik der noch it measte lest fen faeks. Yn elts gefal, sûnder tsjin-tynge stjûr ik it wirk sahwet ein Maert, bigjin April, dos ein April yn it heitelân. Mocht ik it spil der al sa bot yn 'e war stjûrd hawwe, det men it net mear brûke kin, skriuw it my den efkes. It wirdt in roman: Formoedlik neam ik it ‘It paed fen in iensume’. Yn twa dielen: 1. It paed | |
[pagina 424]
| |
nei hûs, 2. It paed fen hûs togearre ± 225 blocnotefel.’ As de roman troch de bewurking koarter wurden is, moat de earste ferzy frijwat langer útfallen wêze as de 200 fel skriuwpapier dêr't Haisma de omfang yn augustus 1935 noch op rûsd hie.
Ut de notulen fan de bestjoersgearkomsten fan De Fryske Bibleteek docht bliken, dat Scholten op 21 novimber 1936 útsteld hat in roman fan Nyckle Haisma op te nimmen yn de rige foar 1937. Yn juny hat it manuskript by de lêskommisje (M.K. Scholten, J.H. Brouwer en J.T. Piebenga) lâns west en is it goedkard foar útjefte, op betingst, dat it kritysk neisjoen wurde soe: ‘Folkertsma scil it yetris neisjen en fen oerstallige grouwélichheden klinzgje.’ Hoe grut de oplage west hat, is net bekend, mar De Fryske Bibleteek hie yn 1937 162 leden, dy't it boek noch foar de hjeldagen 1937 yn 'e hûs hiene. Osinga levere 175 ynbûne eksimplaren foar ƒ1,50 it stik. It honorarium foar de skriuwer waard bepaald op ƒ75, wylst de korrektor inselde bedrach krige. It twadde diel, Paed nei eigen hoarnleger, soe earst yn de jierrige 1939 útkomme, mar ferskynde yn 'e simmer fan 1940. It waard nûmer 50 en Osinga levere De Fryske Bibleteek 180 ynbûne eksimplaren foar ƒ400. Hie E.B. Folkertsma foar de útjefte fan it earste diel it manuskript fan Haisma bewurke, by it twadde diel hat Ype Poortinga dat wurk dien. Fan beide hat Jan Piebenga de einkorreksje hân. Fan Paed oer 't hiem (1937) binne yn 1941, 1942 en 1943 werprintingen útkommen. Fan Paed nei eigen hoarnleger (1940) yn 1942 en 1943. Yn 1943 binne beide boeken foar it earst as ‘Sammelprintinge op yllustraesje-pompier’ ferskynd ûnder de titel Peke Donia, de koloniael, hoewol't foar yn it twadde diel printe wie: ‘Dit boek hat deselde centrale figuer as “Paed oer 't Hiem.” It biskriuwt in oare pearioade út syn libben en moat net sjoen wirde as in forfolch op it boppeneamde yn 'e gewoane bitsjutting.’ In wat frjemde opmerking, faaks ynjûn út eangst, dat minsken dy't diel I net hiene, it twadde diel net keapje soene, as it net in op himsels steand ferhaal befette. Mar de lêzers sjogge yn Paed nei eigen hoarnleger grif in ‘gewoan’ | |
[pagina 425]
| |
ferfolch op Paed oer 't hiem al hat Peke syn soan dan in oare namme krige. Foar de sammelútjefte hat D.A. Tamminga beide parten nochris ûnder eagen hân, sa fertelt Koop Scholten yn syn artikel ‘Paed nei hûs’ en de korreksje... yn It Beaken (1978). Yn 1952, 1965, 1976 en no dus yn 1992 en 1993 is it folsleine boek wer printe. | |
WurdearringIt grutte tal werprintingen jout al oan, dat Haisma syn wurk in protte lêzers fûn hat. It feit, dat de lêshonger yn de oarlochsjierren tige grut wie en de minsken alles wol keapje woene, fertekent it byld faaks wat, mar út de kritiken docht dúdlik bliken, dat de boeken oer Peke Donia ek echt om de ynhâld en de skriuwtrant wurdearre binne. Men kin jin ôffreegje oft Haisma syn wurk wol metten is mei likense mjitte as dat fan syn kollega's. Paed oer 't hiem wie syn earste roman en in debutant, yn dit gefal ien dy't him nei twa berneboeken oan in ‘serieus’ boek foar folwoeksen lêzers weage hie, sil licht mei mear goedwilligens beoardiele wêze as in rûtinearre auteur. By it ferskinen fan Paed nei eigen hoarnleger yn 1940 wie de stimming tsjinoer sa'n ‘ynfrysk’ boek wierskynlik ek net skerpsliperich en by de werprintingen nei de oarloch skreauwen de kritisy oer in jongferstoarn talint, wat har út piëteit mijen makke hawwe sil. Oan in fergeliking mei foargongers en tiidgenoaten hawwe de resinsinten har omtrint net weage, al wiisde Poortinga op de ealens yn it proaza fan Sybesma en de lytse fine trekjes yn Brolsma syn hast filosofyske humor, aspekten dy't er by Haisma mist hie, omdat de persoanlikheid fan de skriuwer yn Haisma syn moderne skriuwtrant sa folle mooglik útskeakele wie by de skildering fan Peke syn wjerfarren. De lêzer wie hyltyd by it barren en wat tusken dy mominten yn leit, waard gjin ferslach fan dien. E.B. Folkertsma priizge yn De Stim fen Fryslân (1938) de moed fan de skriuwer om fan de bewende | |
[pagina 426]
| |
paden ôf te wiken en as nij tema de moeting tusken East en West yn ien persoan stal te jaan. Haisma skreau mei in yngeande kennis fan it fermidden en mei ynlike waarmte en leafde. Folkertsma hie wol beswieren tsjin de styl: te hastich, te rûch, net altiten like krekt, mar slimmer fûn er, dat de sielkundige en dramatyske gong fan it ferhaal jin net alhiel oertsjûgje kin. Hy frege oft Haisma it konflikt wol suver steld hat. Ynje is ommers net allinne skuld oan Peke syn bûten de mienskip reitsjen. It konflikt is minder dat tusken East en West as in ynderlik. It sit yn de minske sels. Yn 1948 waard oan Nyckle Haisma postúm de Gysbert Japicx-priis takend foar syn yn 1942 yn it ynternearringskamp Tjilatjap skreaune novelle Simmer, dy't yn 1946 (mei in tal neilitten fersen) ôfprinte wie yn De Tsjerne. Om de priisútrikking hinne is hiel wat skreaun en sein oer Haisma en syn literêre neilittenskip. Utsoarte wiene sprekkers en skôgers doe ûnder de yndruk fan it tragyske ferstjerren fan de skriuwer en dêrtroch hawwe de redes en artikels in dúdlik betinkingskarakter krige. Haisma waard as skriuwer fan in ivige striid tusken ‘Fernweh’ en ‘Heimweh’ fergelike mei Jacob Israël de Haan en fansels mei Jan Jacob Slauerhoff. Nei it betinken fan C. Kramer (yn 1948) wie it ien fan syn grutte fertsjinsten, dat er besocht hat de universele morele iensumens fan de minske yn Fryske romans te beskriuwen. Fokke Sierksma miende yn syn radiolêzing fan 1948, dat it wurk fan Haisma bestie út en yn de tsjinstelling tusken it lok, dat ûnder hânberik is en de romantyske ûnfrede. It keunstnerskonflikt tusken realisme en romantyk waard by him in algemien minsklik konflikt mei in like persoanlik as Frysk aksint. Tusken dy stikken dêr't mar inkeldris in krityske kanttekening yn pleatst wurdt en Trinus Riemersma syn ‘Kwatte gearfotting fon ut oeuvre fon N.J. Haisma (spesjaal fwar aktelearders)’ yn De Kul (1983) ta. ‘Och, vot sil mun dur fon seze. Och, ut is vot. (...) och, och, och - hark, de gamelan!’ binne hiel wat nuansearringen mooglik, mar men krijt net de yndruk, dat de lettere resinsinten it nedich achte hawwe in nije, kritysker fisy op Haisma syn skriuwerskip te jaan. | |
[pagina 427]
| |
Hy wurdt hyltyd wer, ek yn kritiken by de werprintingen fan Peke Donia, sjoen as de romantikus dy't in (typysk Fryske?) striid tusken langstme nei de ûnbekende fierten en ûnwennigens nei it fertroude stal jûn hat yn syn wurk. Inkeldris wurdt derop wiisd, dat it tema fan de fêste bân mei de bertegrûn efterhelle is, no't de wrâld folle iepener wurden is en withoefolle minsken fier fan hûs har bestean sykje, of dat der dochs mar in bedroefd lyts bytsje bart yn Haisma syn romans, dat it tempo stadich is en de toan dochs wol slim sentiminteel foar moderne lêzers. Mar de wurdearring bliuwt. Broer van der Hoek is yn syn artikel oer de romantyk fan Haisma en syn besprekkers yn Trotwaer (1988) winliken de earste dy't skerp op swakke punten doart te wizen. Neffens him hat Haisma te min ôfstân ta syn romanfiguer om krityske fragen te stellen nei it wêrom of de wearde fan dy syn langst nei de bernetiid of de feilige mienskip. Van der Hoek ferwyt de besprekkers dan ek, dat se net kritysk genôch west hawwe. ‘Der hiene fragen nei de ferhâlding tusken dream en realiteit op it aljemint komme moatten. Krekt om't de romantyk sa deun tsjin de triviaalliteratuer oanleit, moat men it by in skriuwer as Haisma wol hawwe oer hoe't de keunstner hokker wrâld foarmjûn hat.’ Besprekkers as H.K. Schippers, Fokke Sierksma en Fedde Schurer hawwe derop wiisd, dat Haisma siket nei it konkrete fan wat west hat. Hja binne fan betinken, dat it de skriuwer dêrby net alhiel slagge is it realisme ta symbolisme te meitsjen, lykas Slauerhoff wol koe. Van der Hoek bestriidt de opfetting, dat alles yn it libben symboal wêze moatte soe fan wat oars en leafst fan wat hegers, mar it steurt him likegoed, dat Haisma syn persoanen gjin romte foar ûntjouwing litten hat. De minsken yn syn boeken moatte de striid mar oerj aan en berêste yn de fêste oarder fan natuer en maatskippij dy't ferbûn is mei God en Heitelân. ‘Frede krije mei God en de Fryske grûn, dêr giet it om en net om de minske as yndividu.’ Hy wiist op it ûntbrekken fan in persoanlike tagedienens by de skriuwer foar de ynlanner en foar de frou. It slagget Haisma net Mardjo syn mem, Eke, en sels Hiske te beskriuwen mei inselde waarmte, as wêrmei't er bygelyks Peke syn heit tekene hat. Haisma falt werom op konkrete dingen: it | |
[pagina 428]
| |
wurk, it lân, de natoer, it ritueel. Syn figueren hawwe suver gjin geastlik kontakt mei oaren. Fan datoangeande is er noch in âlderwetske skriuwer.
Oer de styl bestiet tusken âldere en jongere resinsinten net folle ferskil fan miening. Oer it generaal wurdt Haisma syn fermogen om byldzjend te skriuwen en sfear te skeppen priizge. Hy wurdt in ympresjonist neamd dy't mei alle fiif sintugen skriuwt en filmyske bylden wit op te roppen. As beskriuwer fan in lânskip, dat hurd ferdwynt, fan boerewurk, dat sa net mear dien wurdt, hâldt Haisma grutte wearde. It is de fraach oft syn foarstelling fan in ûnmeilydsume sletten doarpsmienskip dy't de man dy't der út rint, bûten keart ek yn syn tiid al net wat te skematysk west hat. Bliuwt oer de figuer fan Peke Donia, fan syn heit, fan de fisker, fan in Hiske nettsjinsteande de wat flakke typearring dy't sy lykas alle froulju krige hat, fan Rikus Seinstra. Dat binne dochs allegearre minsken wurden, dy't jin neier komme ûnder it lêzen en dy't jin bybliuwe. Yn Peke Donia as ‘fleiswurden’ twaspjalt tusken langstme nei de frjemdte en leafde ta de bertegrûn, in striid dy't safolle Friezen kend hawwe en miskien noch wol stride, hat Nyckle Haisma dochs in literêre figuer fan bliuwende betsjutting skepen. | |
TekstferantwurdingDizze útjefte fan Peke Donia, de koloniaal is basearre op de earste printinge fan de sammelútjefte fan 1943. Nei oanlieding fan opmerkingen fan Koop Scholten yn syn boppeneamd Beaken-artikel út 1978 binne trije dúdlike flaters ferbettere. By twifel oan de krekte foarm binne de earste printingen fan de losse dielen rieplachte. De Maleiske wurden binne stean bleaun yn de stavering dy't Haisma sels jûn hie.
Tineke Steenmeijer-Wielenga |
|