jier it ûnderwiis yn Ynje tsjinne te hawwen foar in jier mei (stúdzje)ferlof nei Europa koe, al út ein set mei it meitsjen fan in tal sjoernalistike reisferslaggen, dy't yn 1936 publisearre binne yn De Stim fen Fryslân ûnder de titel ‘De wei nei it Westen’. Foar it Leeuwarder Nieuwsblad skreau er tusken desimber 1936 en maaie 1940 noch in sechstichtal ‘Indische impressies’ en ‘Indische brieven’.
Op de legere skoalle hie Klaes Haisma al nocht hân oan opstelskriuwen. Noch tidens syn stúdzje, yn 1927, debutearre er yn Yn ús eigen tael, it tydskrift fan it Kristlik Frysk Selskip en yn Sljucht en Rjucht. Foar de earste reis nei Medan hied er al twa jongesboeken skreaun: Simmerdagen en De kar. It earste is yn 1933 útjûn; it twadde yn 1936.
Fierwei it measte fan syn literêre wurk (en it wichtichste) hat Haisma yn Ynje en ûnder ynfloed fan syn ferbliuw yn de frjemdte skreaun: fersen (yn 1981 troch Y. Poortinga yn in sammelbondel besoarge), sketsen (bondele yn Suderkrús, 1938), de yn 1948 postúm ferskynde novelle Simmer, it fierdere neilitten wurk, dat yn 1951 samle is yn It lân forline en de beide romans: Paed oer 't hiem (1937) en Paed nei eigen hoarnleger (1940). Foar de folsleinens moat ek noch neamd wurde syn op fersyk fan in útjouwer yn Djokja skreaune jongesboek Werkers, dat yn 1949 yn in oersetting fan D.A. Tamminga útkommen is ûnder de titel Wrotters fan de Froskepôle.
Mei't er yn 1936 de middelbere akte Ingelsk helle hie, doe't er in lyts jier mei ferlof yn Ljouwert wenne, koe Haisma omsjen nei in funksje yn it fuortset ûnderwiis. Oant 1939 ta bleau er yn Medan, doe krige er in baan oan in iepenbiere ulo-skoalle yn Cheribon op Java. Om de sûnens fan de bern is de húshâlding letter nochris ferhuze nei Bandoeng. Dat er, hoewol't er út in kalvinistysk fermidden stamme, oergie nei it iepenbier ûnderwiis hat faaks te krijen hân mei de skepsis dêr't er yn in brief oan Fedde Schurer fan 6 desimber 1937 oer skreau: ‘As ik polityk wêze scoe, stie ik deun by 't kommunisme: det leart men hjir wol mids rubber en oalje; tsjerklik bin ik sceptysk. Ik ljeav-