Peke Donia, de koloniael
(1993)–Nyckle J. Haisma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 354]
| |
[II.3.2.1]Op 'e kamp by de gerskroade stiet Siger te sjen, de kant oer nei de Guozzepôle. Dan ropt er oan Ynskje: sa skerp sjocht er no net mear, mar dit mist him, leaut er, net. Op 'e reed rydt de nijboer op 'e fyts. De seine op 't skouder, in protte ark oan 'e fyts. Mar dit liket nuver. In wite broek oan en in wyt sneinsk boesgroentsje. Hjir moat Ynskje mar ris efkes by komme. Goaitsens Griet smyt it túchblik leech yn 'e âld sleat efterhûs en skadet de eagen mei de hân. Och hearken, wat ha wy no! Tsjaarda trêdet troch de miede fan 'e achteheale, oan 'e oare kant fan 'e wei: dy moat der ôf hjoed of moarn. By de slinke bliuwt er efkes stean. Wat is dat no foar nuver spul, hy kin it net rjocht skouwe. Hy grommelt wat en stekt de hân efter de flippe fan 'e langjas. Fierderop is Sinningha's folk fan Damwâld mei de masine yn 't lân. Mar midden yn 'e omgong is 't ho! De bymeander en de ôfkearder komme der ek by. Jonge noch en ta. ‘Hearken, hearken,’ seit Siger, ‘it is dochs wûnder folk, it is dochs frjemd folk.’ Dit sil fansels hinne te meanen en mar leafst yn 'e feestbroek. Men kriget der dochs net gau hichte fan. Hjoed liket it allegearre like gewoan en moarn wurdt men der wer gjin wiis út. Hy is oars in evenredich man, mar no soks ek wer. En hja, soms hiele dagen mei op 't tún en dan wer flinterknipt se mei in bûnt jurkje oan wat op 't hiem om en tsjirget har mei de hûn, dat de hinnen wytwersanne stowe en hy sit op 'e hiemshikke en pypket mar wat en laket mar wat, as Siger der op in neidei efkes oan ta rint. No, en dy soan, dy hie er al sa graach ris te wurd wollen. Dy is mei Pinkster samar wer weiwurden ek. Nijboer moat dan dochs troud west hawwe. Wat woe Seinstra okkerdeis hawwe? Dy praatsjes allegearre. Mar wat moat men der no fan leauwe? Unbestindich folk, sa is 't al. Mei Pinkster yn tsjerke en Pinkstertwa... Fui, fui, Siger moat der net om tinke. Mar hy | |
[pagina 355]
| |
tinkt der in bulte oer, dy dingen. Och, mei Ynskje en sa kin men jin der mar better stil oer hâlde, mar fansels dat men jins gedachten der wolris oer gean lit. Jonge ja, Pinkstertwa, dat moat der al wat raar útnaaid wêze. Och, ek ferkearde maten, moatte jy tinke. In gat yn 'e nacht thús kaam en sjonge, sa ha jy net! Hy harjewarje it bêd út. Ja, mei syn fjouweren yn dy âld auto fan de ferver. Dêr stiene se te toeterjen. Goaitsen en hy hiene de jûns it spul beret, want al wa't foar melken thúskaam, hja net! En hy hie 't net ferfêst tsjin Goaitsen sein fan melken, dat earst al in skoft wachtsje fansels. No, en dêr wiene se. Hy, Siger, yn 'e ûnderbroek nei de efterdoar. En, och hearken, hy skammet him noch, as er der om tinkt, dêr stiene se fjouweresom. En oerémis, hy koe der gjin wiis út wurde. Oft de tee brún wie. En dat kloppe him mar op 't skouder en it iene frommis hie him al yn 'e earm! Hè, sa mâl! Hy hie se mar wat delbêde, fan ja, alles wie ynoarder en moarn mar ris tee net? No, efterôf, hat er wol heard, it wie mâl gien, ek noch ûngemak hân. Och, soks is gau de hiele streek oer, fansels. Mar, wêr't Siger mar op delkomme woe, hoe kriget men no hichte fan sokke lju. Sjoch, hy, Siger, mei wolris oer sa'n grapke. Mar dat se net begripe, der wurdt oer praat. En no dochs, nei't Seinstra him sa útlitten hat. Tsjaarda spuide der al sok raar guod oer. Healwize lju. En krekt nei 't er se yn tsjerke sjoen hie. Dêr wie de âld man oars hiel wol oer te brûken. Hy hat it der mei Siger noch efkes oer hân. No wiene se krekt dwaande, harren hjir in goede namme te meitsjen, nettsjinsteande dat praat fan 'e keapman. Mar dan sjocht men soks en dan wyt men it wer net. Nee, gewoan folk is 't net. In stekje oan los, dat hawwe se allegearre no wol foar't ferstân. Der in bytsje mei oppasse, sa hat Tsjaarda der him ek oer útlitten en Siger leaut ek wol, dat is mar 't bêste. Underwilens rydt Peke mei syn ark de kant út nei de Trêdeheal. Harspit en hammer oer 't stjoer, efterop in baalsek, strikels, in fjildflesse fol hjitte kofje en in foech ferskûl, in stik wetterticht seil, dat er noch meinommen hat út Ynje. It waar stiet him neat te goed oan. Justerjûne like it oars noch sa aardich, dat hy is by de souder opklommen en hat ta syn grutte | |
[pagina 356]
| |
koffer west om in âlde, Yndyske broek, in wite rûmsek en wite skuon. Doe wie der yn syn hert in grut, stil feest. Syn eigen miede soe er dellizze. As 't waar him no mar in bytsje goed hâldt. Hy hat him hjir safolle fan foarsteld. Ja, hy fernimt it wol, dat it folk him ryklik lang efternei stiet te sjen. Mar hy sil dochs sels wite, oft er in wite broek oantsjen wol, net? Nee, it moat no ek wer net te mâl gean: elts syn eigen baas! Lykas mei Pinkster ek, dêr hat op 't lêst net ien wat mei te meitsjen. Alles goed en bêst, mar se moatte him de wetten net stelle wolle. En Tsjaarda mei syn opmerking fan soks jout hjir gjin foech. Hawar. Hy sil foar iten noch in moaie ruk oan 't krewei dwaan. Foarsichtich stapt er ôf mei it ark en set it spul tsjin 'e hikke oan. Dan bynt er it ridskip der ôf en makket him ree ta it wurk. It soe jin hast oangrize, sa'n kostlik stikje miede, weagjend op 'e moarnswyn. Mar dan set er de seine der yn en yn swiere sweeën falt it njonken syn foet. Ek in hiel skoft hâldt it waar him goed en al te felle sinne, dat is foar in hantsjemier net iens sa gaadlik. Der moat hjoed in fiks stik del mar en alles meiinoar is er der net iens in oere út te iten. Dan giet it mei nije moed út ein. As 't waar goed bliuwt, soe Hiske him mar net te let tee bringe en dan net foar melken nei hûs ta. Trije dagen hie er oars sawat tocht. Mâl folle meanders binne dizze kant út noch net yn 't fjild. Hawar, dit kin der bêst ôf en as er der dan wer wat op past, kin der foar de twadde kear noch in fetsoenlik swee op komme. Al meanende gean syn prakkesaasjes sa nei 't iene en oare út. No stiet er dan yn syn eigen miede. Peke Donia. Soms moat er inkeld ris yn 't wurk ophâlde en de hiele realiteit op him ynwurkje litte. De hannen moatte al efkes wer oan dit wurk wenne, dat fernimt er wol! Mar wat soe 't! Wis, foar net tefolle hie er it faaks delhân mei de masine. Mar wat is no moaier as jins earste stik miede dellizze? It moaie waar is in bytsje op, dat muoit him oan 'e iene kant wol wat. Mar oan 'e oare: hjoed seit moarn net en 't is sa better as oarsom. In moai geil stikje, dit moat liket him ta oars wol wat sinne ha en net te hastich mei ynheljen. Nee, de loft stiet neat te moai: as 't om in oere of tolve net wat trochskuorre wol, dan wyt er it net. Wat in rêst hjir oars. Wat jongfee | |
[pagina 357]
| |
en jinsen, by Keimpe-en-dy op 't hiem in geit, dy't nokkert. Alles is der fierder stil. De bern nei skoalle, hja fierderop op 'e bou. En dan sûzet de seine wer troch it gers en farsk en swier falt it ta in swee. Dit wurk wurdt yn him ta in grut feest. It feest, dat de simmer ynlet. Hoe hat er fan 'e moarn feitlik noch him noartlich meitsje kinnen oer ien en oar. Yn 'e goedichheid, elts syn sin, lit de lju fan 'e streek no wat nijs oan him sjen. Syn wite broek is ûnder al wat wiet slingere en de skuon. 't Is him allegearre bêst, hy fielt him sa thús yn 't lichte spul mei opstrûpte mouwen. Sa stiet er te arbeidzjen en syn tinzen boartsje frij oer hjoed, ferline en takomst. Dat hy hat hielendal net iens fernaam, dat der immen om 'e hikke kaam is en mei de stôk yn 'e hân efter op 't gat tusken de sweeën troch op him takuierjen komt. Suver is er tiid en plak fergetten en as er in lûd efter him heart, bliuwt er midden yn 'e slach sitten en sjocht ferheard om. ‘Ik tocht by my sels, in frjemde fûgel yn 't fjild!’ Peke sjocht yn 't laitsjende oantlit fan 'e keapman. Noch nea hat er him sa deun by him sjoen. In pertale troanje. Mar dy't by de lytse lju nochal wat autoriteit hat. Peke set de seine op 'e hakke, rêst op 'e jelt en sjocht him oan sûnder in wurd te sizzen. Seinstra glimket en flybket fier oer 't swee hinne en faget him mei de mouwe de mûle ôf. ‘Ja, ik tochte, wa ha wy dêr yn 't fjild. Dat liket nuver, net?’ ‘Wêr kamen jy feitlik om?’ ‘No it is hjir de wenst en meitsje wolris in praatsje. Is der wat te hanneljen, Nijboer?’ Peke draait him wer om nei 't wurk: ‘Nee, neat te hanneljen en op jo praatsjes bin ik neat net hjit.’ Yn him begjint wat op te wâljen, dêr moat er net oan tajaan. Wat hat dy keardel hjir deun efter him te meitsjen en beflybket syn miede? ‘Jy hawwe yn 'e Oast sitten, leau 'k net?’ ‘Jonge ja!’ ‘En no boer. It jongfrommis, wêr komt dy wei?’ ‘Jy binne moai nijsgjirrich útfallen, keapman, net? Ik tochte, dat jy oars al moai goed mei in bulte dingen op 'e hichte wiene.’ | |
[pagina 358]
| |
‘Dat sil ik jo fertelle. In bult better dan sommigen miene.’ Peke soe wol graach efkes de seine dellizze en lit yn him omgean, sil er dit sizze of dat? Mar och, lit de man ek prate. ‘Och hearken, dit liket goed! Dêr komt it wyfke sels oan mei tee. Jongtroude lju, dat giet sa, hen?’ Sa't Peke omsjocht, komt Hiske ek de kear del. Deun efter him stiet de laitsjende, kôgjende troanje. ‘Der is neat te hanneljen, keapman; ik soe sizze, jy kinne jo tiid better brûke.’ ‘Soa. No ik moat oars altyd ek efkes mei 't wyfke kennismeitsje.’ ‘Ik hie oars leaver as jy de greiden mar út giene.’ Hy laket wat ferachtsum en lûd: ‘Sokke ljutsjes fan bûtenút, men soe oars sizze, net!’ Peke leit de seine del, hellet de strikel efter út 'e broeksbân en set dy der tsjinoan. ‘Ja, ik hie dochs wol wat te hanneljen. Wat hawwe jy op my tsjin.’ ‘Mar man, tsjin jo? Hielendal net. Allinne, ik sis, sokke ljutsjes fan bûtenút. Sokken kinne wy hjir wol slite, in hiele bult bombaarje. Jy hiene yn 'e Oast bliuwe moatten en jo wiif yn 'e Bûterhoeke te Ljouwert yn 'e...’ ‘De praatsjes, dy't jy hjir sa oan wjerskanten útstruie, is it de bedoeling, dat dat sa trochgean sil?’ ‘Myn goede man, wêr meitsje jy jo sa drok om!’ Jitris de laitsjende, flybkjende troanje. Soks is Peke tefolle en dat yn syn eigen lân. En foar 't er der hast sels op fertocht is, fljocht er de man nei de strôt en hat him yn 'e fuorge ûnder de knibbel. ‘No ja of nee! Dy de bek hâlde of ik smoar dy hjir. Dû silst it in minske hjir net ûnmûglik meitsje. De wrâld is net allinne foar de kowekeapman en noch in stik twa.’ Moai fêst hat er him de tûmen op 'e strôt en 't kin gjin kwea foar him, dat Hiske moai deunby is. ‘Peke jonge, meitsje dyn hannen net smoarch oan sa'n keardel. Lit him los.’ Peke sjocht nei it readoprûne oantlit: ‘Mar as ik noch ien- | |
[pagina 359]
| |
kear wat hear, heite, dan soe 'k dy oanriede en rin fuortoan in eintsje om!’ De man yn 'e fuorge fernimt, dat de greep losser wurdt en ferhellet it op 'e knibbels. ‘Lammeling fan in Oastg... mei dyn wiif út 'e...’ ‘Nee fader!’ Peke draait him de hannen klem op 'e rêch en avensearret him de kear oer nei de sleat. ‘Net dwaan, Peke!’ Mar 't is te let. Mei in klets komt er yn 't wetter telâne. ‘En ast der oan dizze kant út komst, heite!’ Prústend pakt er him beet yn 'e reiden oan 'e reedskant. Peke smyt him de stôk efternei yn 'e wâl. ‘No meist noch al fertelle, dat de nijboer dy in wan op 'e bealch jûn hat.’ De man komt fan oerstjoerens net ta wurden en avensearret de kant út nei syn fyts ta. Peke faget him de hannen oan 'e broek ôf. ‘Sjesa, dat is wer dien. In hiel stik opluchte.’ Tagelyk fernimt er, der komt in stower oer. ‘Wat sei er, Peke?’ ‘Neat. Dat sil 'k dy strak wol fertelle. Wy mochten wol efkes ûnder 't ferskûl mei de tee.’ Net fier fan 'e hikke ôf stiet it opslein, mei it harridskip derûnder. Peke lûkt efkes in jas oan en hja falle del. In hiel ein hinne de feart rydt de keapman. Peke blaast yn syn kûmke fol tee. ‘'t Is dochs beroerd, dat soks moat. Mar se moatte jin der op 't lêst ek net op fergje.’ ‘Hjir jonge, in stik koeke foar dy. Ferjit it no mar.’ Hy laket tsjin syn wyfke, sa kalm as dy de saak opnimt. Dan byt er yn 'e koeke en beide sjogge nei de sleat, dêr't de rein delmiggelt op de snilen en 't einekroas. Ja, wêrom? Mar de tee smakket wûndergoed en rêstich miggelt de rein. | |
[pagina 360]
| |
[II.3.2.2]Op 't hiem en op 'e úthoeke fan 'e kamp is 't ûngetiid. Salang't de Trêdeheal noch net berêden wie, bleau dat derby. Mar no't de boel yn 'e skuorre sit, moat it ek nedich wêze. Peke skrept der de hiele dei wat yn om en snúft de rook op fan it hea yn 'e golle. Fjouwer kear hawwe se deroer riden, mei dûbelde weinen. Dat it fierste goltsje sit fetsoenlikwei fol. 't Hat der goed op wierre noch, yn 't earstoan in bui, dat it hat in dei langer ûnderweis west. Dochs soe it Peke net benije, as der nochal wat broei yn kaam. Peke tinkt oars mei tige ûngelikense fielings werom oan it haaien. Dat is noch op spul útrûn mei Tsjaarda. Dat wie oars al heal en heal foarinoar, Tsjaardafolk soe efkes komme mei reau. Mar krekt doe't it neffens Peke sa'n gaadlike middei wie en Tsjaarda krekt de moarne mei de Achteheale klear kaam wie, doe't Peke der sadwaande sawat op rekkene hie, die it bliken, nee, it paste de âlde baas net. Der moast deselde middei noch in pear reed helle wurde út it Twadde stik. ‘Dat hea yn 'e Trêdeheal ferstiet him noch net.’ No, de mûts stie Peke al neat te goed. Dat gefaltsje yn 'e Trêdeheal, dêr wie Seinstra mei nei de marechaussee gien te Dokkum en dêr krige er ek noch krekt belet oer. Yn elts gefal, hy hie Tsjaarda ien en oar sein, dat er better net sizze kinnen hie. Nee, danke, hy wie syn reau net mear brek. En in foech fuorman út Damwâld hat it spul mei thúshelle. De oare deis ûngetiden se wol by Siger. Sûnt dy tiid is 't ek krekt oft Siger him in bytsje skout. Nee, it iene mei 't oare is de aardichheid in bytsje fan 'e ûngetiid ôf. Friezen binne ek tipelsinnige minsken. En 't is, oft it iene by 't oare komme moat, krekt op 'e dei fan 't haaien krige er in briefke fan Teda, dy lei op bêd. Hie mei syn maten nei de Wielen ta west te swimmen en wie beklûme rekke. Dat hy moast in dei of wat thús bliuwe. 't Ald minske hie sels in dokter helle. Peke hat der in dei hinne west. Oft er der faaks nocht oan hie en gean mei nei hûs in wike of sa. Mar nee, hy tocht, 't soe gaueftich wer klear wêze en hy hie 't goed by de âlde. Fan 'e moarn wie der in brievekaart dat it woe noch net wat better | |
[pagina 361]
| |
wurde. Peke prakkesearret der oer, wannear oft er der noch ris efkes sjen moat. Sa 't iene mei 't oare hat er de rjochte aardichheid net oan 't wurk. Och, oars ek wol wer. As er de hearook fernimt út 'e golle en hy tysket wat om yn 't hea op 'e hoeke fan 'e kamp. Dat is ek meiinoar wer in oardelreedsje. No en dan skielk de twadde sneed fan 'e Trêdeheal, dan kriget er it hûs fierhinne fol. Wat biten derby fan 't tún. Dan moat it al raar komme, as er gjin trije bistjes op 'e stâl ha kin; ja, hy prakkesearret hast oer in keal derby. Troch de grêft tsjocht slobberjend in team einepiken. No en dan sjocht er se skimerjen troch de hege snilen. Op 't hiem rinne de âldste piken al, hiele dingen no. Och ja, der binne ek noch safolle goede dingen. Op 't tún hawwe Hiske en Sijke, 't fanke fan Goaitsen, wat pûltsjes socht nei teedrinken. Mar no moatte se Peke efkes helpe, oars kriget er it measte foar melken net mear oan 'e bult en om 't letter te dwaan, dan wurdt it ek gau wer wat jûnich. Hja binne ek ree en falle elts op in riuwe ta. Sadree't der in bewyske fan in wudze is, kriget Peke de foarke en oppert. As dit mar klear is, it tún kinn' de froulju dan ûnder melken wol byinoar roppe. ‘Hiske, fanke, wurdt it net heech tiid foar kofje.’ Sijke slacht hast dûbeldgear oer de riuwe: ‘Kofje! En de tee is krekt op!’ Sijke fermakket har hjir ta de teannen út en is der sljocht op om nei de juffer ta, seit Griet. En Peke pleaget har wat mei de lytsfeint fan Tsjaarda en freget har út oer wat der bart yn har noch lytse wrâld. Hiske stekt nei hûs. ‘'t Is oars noch fierstente betiid.’ ‘Kin my neat skele, dan krije wy om in oere of fiif mar wer tee.’ ‘Dû bist net wiis.’ ‘Nee, dat is goed. Hellest hast kofje?’ In skoftsje letter falle se trijeresom efter de nijste reak del. ‘Wat seist fan omke syn moaie wite broek, Sijke.’ ‘No, moai.’ ‘En wat sizze Heit en Mem?’ | |
[pagina 362]
| |
‘Dat wyt ik net. Jan fan 'e molkrider seit, fan Seinstra hat sein, hy hat de kolder.’ ‘Wat is dat foar in ding?’ ‘Dat wyt ik net.’ Yn 'e stoppel steane de wite kûmkes, in raai hea dwirrelt deryn. Om fierrens rattelt in molkkarre. Yn Sinningha's greiden klinkt ientoanich it opheljen fan 'e swylder. Peke sit mei de earms oerinoar. Hiske sit mei in kleur op 'e wangen te ynjitten. Peke lit him plat op 't liif oer de greide falle en slobbert sa de kofje op, dat Sijke fan 't laitsjen hast yn harres smoart. Max komt fan 't hiem ôf kuierjen en jout him njonken Peke del. Fuort dernei komt der net fier fan 'e reak ôf op 'e reed it lûd fan in oanskavende kettingkast en it rinkeljen fan ridskip yn in fytstaske. De hûn fljocht blaffend efter de reak wei. ‘Ho, dûmny!’ De man makket kjel in kriem en knoffelt der ôf. ‘Ah, ha!’ ‘Sis dat wol dûmny. Wy binne oer de kofje gear.’ De dûmny fan 'e grutte tsjerke op 't hoekje. ‘Stil hûn! Dûmny kin wol swylje, tink?’ Hy laket wat. ‘Ja, ik hie net witten dat men hjir yn 'e ûngetiid siet, feitlik net, dat men der folle buorkerij op nei hâlde. Dêrom... e... wie ik mar sa frij... e... e...’ ‘No, mar dat komt ek moai út dûmny, wy hawwe it no oan tiid, fal del.’ Under de bedriuwen is der fûstke. ‘Ik leau, it liket hjir wol yn 'e tropen, net?’ Hy sjocht ris nei Peke en Hiske har tenu. ‘Nee, want dêr sâltsje se de dûmny's ôf.’ Hy laket en falt efter de reak del. In âldeftich en geset man mei koarte siken. Sijke pjutsket har kûmke leech en springt oerein. ‘Ho ris efkes fanke, dyn gewisse is net yn oarder. Ja, dûmny, no't jy hjir dochs binne, hja is yn 'e frijerij mei de lytsfeint fan Tsjaarda, sa'n pyst!’ | |
[pagina 363]
| |
Hiske helpt har om los te kommen, hja sjit in kaam en naait út. Dûmny laket fan herten, soks docht Peke goed. ‘En, dûmny?’ Ja, tsja, wat sil er sizze. Hy hie harren in kearmennich yn tsjerke sjoen en fan âlderling Tsjaarda oer harren heard. En - ja, no kaam er feitlik mar ris om in praatsje. ‘Kofje, dûmny? 't Is wat in rare tiid, mar dêr trekke wy ús neat fan oan, dat dogge wy sa't it útkomt.’ Hiske hat noch in kûmke by de hân. As der oer wat ditten en datten praat is, begjint dûmny op 'n nij, ja hy hie se yn tsjerke sjoen. ‘Tsja, dûmny, en 't mâlste is, net ien fan uzes heart ta jo tsjerke.’ ‘O nee?’ ‘Nee, ik bin grifformeard en myn wiif kristlik grifformeard fan hûs.’ Dan makket de man gau in hiele rige ferûntskuldigingen, nee, dat wist er net, mar yn dat gefal... ‘Dat let ek neat, dûmny, wy binne net sa krekt.’ Nee, nee, mar hoe't se dan by him tsjerken. ‘No wy kamen feitlik mear om 'e tsjerke as om 'e dûmny. Dat is no wol net sa flaaikjend, mar earlik is earlik, hen? Dûmnys ha nea myn grutste spitsen west.’ O nee hen? Dat wie wol mûglik. Nee. Woe hy faaks oan syn grifformearde kollega de namme en 't adres opjaan? ‘No, goed oanbean, dûmny. Mar 't moat mar net. Wy bliuwe der mar leaver wat bybongeljen en nimme it libben sa't ús Leaven Hear it ús tapartet, it ljocht en de blommen, de rûmte en it wetter.’ ‘Tankbre minsken soene oars faaks goede tsjerkeleden wêze.’ ‘Soene minsken mei in lang sûnderegister en sûnder folle berou ek goede tsjerkeleden wêze, dûmny?’ Dûmny drinkt kofje en blaast en sjocht skean nei syn nije klanten en lûkt oan de skouders. ‘Nee, ik tink dat ik mei dy dingen by ús Leaven Hear sels better terjochte kin as by jo en jo folkje.’ Dûmny set it lege kûmke del: ‘No, oer dy dingen wie noch wol 't ien en oare te sizzen. Mar hawwe jy op't folk te uzes wat tsjin?’ | |
[pagina 364]
| |
‘Se moasten it harren oer in oar sa drok net meitsje.’ ‘Mynhear Donia, dit is ien kant fan 'e saak. Hawwe jy 't folk ek al fan in oare kant besjoen? As ik, dy't hjir as frjemd kaam bin, soks kin, moatte jo, dy't Fries fan geboarte binne, soe 'k sizze, it dochs altyd kinne!’ Peke swijt. Stil sitte se alle trije efter de reak. Jitris rattelt der in fyts op 'e reed. In jong frommis wipt dan ôf, smyt de fyts tsjin de fuorgekant oan en rint op 'e heareak ta, glydt út en knoffelt deun by de kofje del. ‘Och hearken, dêr siet ik dûmny al hast op 'e knibbel. Goed, dat myn man dat net sjocht. Dûmny yn 'e ûngetiid? Hè, ha 'k my ek noch sear dien.’ Tryn Lettinga. O ja, dy soe noch komme te swyljen. ‘Myn man sei, bliuwst thús. Ik sei, 'k gean fuort. Ja, no, dûmny?’ Ut Hiske har kopke kriget se noch wat kofje mei grom. Tryn is samar net útpraat en alle fjouwer sitte te laitsjen. In molkkarre rattelt. Dûmny springt oerein. ‘Kom, ik sil it folk net langer ophâlde.’ ‘Let neat, dûmny, hear. Wat hjoed net dien komt, moarn wol en oars grif oaremoarn.’ ‘In oare kear dan wat langer, as ik wolkom bin?’ ‘Wrychtich, wy moatte noch al ris prate.’ Peke giet ek oerein en rint in trêd of wat mei nei de fyts ta. Hja fûstkje. ‘En dûmny, betanke foar it leske.’ Hy sjocht Peke ris oan en makket it sawat. Dan set er de foet op 'e efterstap en preamkeskoot in roede of wat, ear't er de sprong weaget. Peke digert him efkes nei. Soa, dan tocht him dat. Dan reaget er mei in riuwe it folk oerein en hellet sels de headrager wer út 'e grûn. | |
[II.3.2.3]Yn 't earstoan fan july like it de dokter te Ljouwert wol sa goed ta, as Teda in hoartsje yn 'e bosken tahâlde. 't Woe mei dy hoasterij net rjocht oerbetterje. Sadwaande is der efkes oerlein | |
[pagina 365]
| |
en hy is nei in betiid jongereinkamp rekke op 'e Veluwe. Heal foar wille en heal foar it gestel. En op dy manear falle de kosten mei. Hja woene der oars wolris in kear oan ta, mar hoe? Oant Klaas Lettinga en Tryn op it idee kamen, meiinoar yn 'e âld Ford. 't Koe nea mâler as dat it ding stean bleau. Der waard oer praat en wêrom der dan net in fiks útsje fan meitsje, bygelyks in nacht oerbliuwe? Och, wa hat sa yn july folle te ferstriken. Peke net. De Trêdeheal leit der goed foar, it tún is skjin. En Goaitsen hat it iere plakje dollen al dien, dat it kin him bêst wachtsje en sjoch in dei twa op 't spul ta. No, hy is der by fertroud, dat wyt Peke. Sa binne se dan de moarns nei teedrinken al betiid op 'n paad gien it Suden del. De middeis foar iten sawat teplak. It middeismiel behimmelje se yn in aardige útspanning en dan giet it op it kamp ta. Teda skreau, om in oere of twa soe er har opheine. Dan koene se har fierder ek de hiele dei fermeitsje. Efkes is it sykjen nei it paad, mar nei in pear kear freegjen krije se de grutte flagge yn 'e link op 'e barak. Teda yn simmerklean kuieret op 'e reed. Hy sjocht der moai goed út en hat it ek aardich nei 't sin. In pear Yndyske jonges, wol gjin kunde, mar dochs al freonen, sitte hjir ek. En wa't hjir ek deun yn 'e buert binne? De famylje Tegelaar fan Batavia, dy't ommers dat grutte pensjon hiene en dy't wolris by Rikus kamen. Grinzers oars feitlik. Hy tsjut harren oan dêre oansje binne se yn pensjon. By in útspanning tichte by 't kamp jouwe se har efkes del en drinke wat. Dêre meitsje se it plan foar de dei fan hjoed en moarn. Strak efkes it kamp besjen, dan in fikse kuier en op 'e jûn ris sjen. De lieders fan 't kamp binne bûtengewoan hertlik, ien kuieret mei en leit alles út. As er mei Peke efkes foarop rint, lit er sa in pear wurden los oer Teda. Wûnder nei 't sin, mar mar ien doel: Ynje. Hy hat it idee, dat de jonge der soms alhiel mei oan is. Ja, hy ken dat ferskynsel wol. Se hokje ek daalk gear, sokke jonges. 't Is stil; behalve in pear mei blierren is 't folkje der op út. Oft se bliuwe om tee? No nee, hja woene de omkriten hjoed oars noch al efkes besjen. | |
[pagina 366]
| |
Dat hja sjouwe fiifresom al gau oer de heide en troch it bosk. Teda leit út, dat is de trein fan Swol nei Harderwyk. Dêre leit Harderwyk, in kilometer as fiif miskien. Hja hawwe it ein wol rûn. En wrychtich, dêr ûnferwacht, lizze Tegelaar en syn dikke moeke yn 'e heide. Hy kipet oer de bril hinne, skoot de panamahoed efter op 'e holle, sjocht fan Teda nei Peke en fan Peke nei Hiske en de oaren. ‘Heb ik dat nou potverdorie goed!’ In bytsje stiif klattert er oerein en pakt Peke mei beide hannen fêst: ‘Maar kerel, nee! Man, hoe is 't met jou!’ De âldfrou, of âld, in lytse fyftich faaks, komt ek oerein en Peke jout tekst en útlis. Tegelaar besaut him. En troud en allegear! Hjasels binne in pear moanne lyn dizze kant útkaam. De moaie tiid oer hjir wat wêze. Bliuwe? Nee! Foar 't skielk de winter komt mar wer op East ta. Grins? Ja, hja hawwe der al efkes west, mar binne hjir better op har plak. Rikus hawwe se de lêste tiid net sjoen. Kaam de kant nei Batavia net folle út; wat hokfêst. O, Peke-en-dy moarn al werom. As hja in pensjon ha moatte, in ein fierderop oan 'e wei is altyd wol plak, ek wol foar ien nacht. Al pratendewei rint it folkje op; efteroan sjout Tegelaar mei Peke. De âld baas knikt him ris begripend ta en lit syn eagen gean, Hiske har kant út. Ja, ja, samar efkes! En no skielk ek wer hinne, fêst? 't Is sa oars hiel wat oars, as mei in swart behelp, watte? Hm? Wie him dat tinken, om hjir te bliuwen? De jonge hie 't der al sawat oer. Earne yn in úthoeke fan Fryslân siet er, net? Man, man, man! Peke lake ris om 'e golle âldgrinzer, dy't dêr te Batavia yn 't pensjon sa'n bytsje heit spile oer al de jonge bazen, dy't dêr al folle sieten. In goede kenner fan in sigaar en wurdearder fan in knap frommis, ta ivige argewaasje fan syn oare helte. Peke syn kar hat syn folle bewûndering. Sa skeanoer rinnend komme se op 'e grutte wei ta, dêr't Tegelaar harren it pensjon oantsjut, wêr't se moai wis terjochte kinne. Hoe sit it, hiene se foar jûn plannen? Hja ride wol gauris efkes nei Harderwyk, dêr is jûns noch al fertier. Tegelaar soe | |
[pagina 367]
| |
sizze, kom mei! Hy hat in fêste hierauto mei sjauffeur. Sil er dy dan stjoere? Nee, nee, gjin stive boel is 't mei junsklaaiïng of soks. Hja rieplachtsje. Klaas en Tryntsje hawwe der net de measte nocht oan. Mar dêrom moasten Peke-en-dy it net litte! Efkes mei âlde kunde. Hiske? Hja knikt. En de jonge? Tegelaar klapt him op 'e rêch: nee, dy sil der gjin sin oan ha! No, dan om in oere of acht stjoert er de wein. Dan giet elts syn gong. Tegelaar en 'e frou kuierje fuotsje foar fuotsje in binnenpaadsje del op 't pensjon ta. De oaren sykje en fine ûnderkommen by 't oantsjutte adres. Jitris meitsje se dan de reis, de kant oer nei 't kamp. Teda bliuwt dêr en de oare fjouwer helje de âld Ford op by de útspanning. Der is om en by it pensjon nei it smaaklike jûnsiten safolle te sjen en te swalkjen, dat de tiid ferrifelt harren en ear't se der erge yn hawwe, rydt Tegelaar syn auto foar. No't er der deun foar stiet, soe Peke hjir leaver bliuwe. It pensjon yn in grut tún, hjir foar it iepen fjild en fierderop de dinne- en spjirrebosken, dêr't de rook fan oerdriuwt hjir oan ta. Fakânsjegongers, dy't yn klubkes troch de heide swalkje. De simmerjûnsloft mei in mennich lichte wolken. In oare loft as yn Fryslân. Alles is sa oars wer as Fryslân, dêr't trije plakken fan 'e leane ôf de Guozzepôle leit. Ek hjir en op dit stuit is 't goed. Wêrom no nei de stêd? 't Is sok min wegerjen en sa goed bedoeld. En dan, och, ris efkes âlderwetsk prate lyk as yn Ynje en oer Ynje, dat liket him ek wol wer. Klaas en syn wiif stean ree, om noch ris in eintsje om te swalkjen. Hy benammen hat syn slinger. Peke en Hiske stappe yn 'e grutte wein. Hiske, hoe flot giet ek dit har ôf. Op ‘Heizicht’ hawwe de âlde lju noch net ienris safolle haast en Peke moat earst in sigaar opstekke. Dan ride se in eintsje om nei 't kamp, om de jonge. Mar dan steane twa klear ynpleats fan ien. Tegelaar is in man fan skikken. Allegear in bytsje opskowe, dan. Peke sjocht syn jonge stean yn 'e lange broek. In keardel. Is dat it jonkje, dat er ienris op 't sawahdykje omkrûpen seach, doe't de sinne sakke efter de bergen? Syn maat komt út Deli en is in pear moanne lyn yn 't lân kaam. Yn de stadich oandriuwende skimer sjitte op 'e wei de earste ljochten foarby. Iepen auto's, motorfytsen en fytsende pearkes. Filla's oan 'e kant mei | |
[pagina 368]
| |
minsken yn 't foartún, laitsjende en fakânsjehâldende minsken. Nee, in oare wrâld wer as sines, hjirre. Hiske praat en laket en eaget nei bûten. De dûnkere beammen oan wjerskanten glide foarby. Hja ride it terrein op nei it fleurich ferljochte hotel. Ut de iepen seal driuwt muzyk, op it terras sit pratend en laitsjend folk. Efkes fielt Peke wat fan in âlde ûnwennigens. En dochs, jierren hat er mids sa'n libben tahâlden. Hja rinne de stoepe op, de hall troch en sykje in sit yn in rêstige hoeke, bûten en deryn tagelyk. Tegelaar skriuwt in bestelling, wylst Peke syn eagen yn 't rûn dwale lit. Al gau is mefrou Tegelaar yn drok petear mei Hiske. Hja hat fan 'e wike nei Hollân west om ynkeapen en skynt te betwiveljen, oft hja wol by is mei de moade. En His, dy pias, spilet de rol fan ekspert, en goed. Peke harket dernei en glimket. Nee, it is gjin gewoan wyfke, dizze fan him. Soe hja har no op har gemak fiele hjirre? Peke soe 't wolris wite wolle. 't Hat alle wierskyn fan wol. In nije sigaar, noch better as nyskes. Wei ja, ommers. Wat kostet hjir in sigaar, sa sit Tegelaar út te lizzen. Tolve sinten de alderdjoerste yn 't hotel. Yn Ynje? Achttsjin tweintich sinten en mear, sa 'nien. De gol drokke Tegelaar. Mar Peke sjocht en harket tagelyk. De jonges sitte yn in oare erker. Hawwe al wer goekunde met sa't it skynt. Faaks ek út Ynje: 't soe Peke neat ferwûnderje. Folle mear soe 't him nij dwaan, as er ris drok mei in Fryske jonge siet te petearjen. Hoe komt it sa? Bern fan in oare wrâld, ja. Mar sil hy, Peke, dit ea folslein begripe kinne? Oan 'e oare kant, soe krekt hy der net hielendal yn komme kinne moatte? Dy oare wrâld, dat hat dochs ek jierren en jierren sines west. Sines, dêr't de eigen wrâld, it eigen lân him it ienfâldichste plakje wegere! Och ja, hy wyt it ek net. Hjir rinne, lykas altyd, syn tinzen fêst. De muzyk, in licht en libben sjongen, rêstich en bliid. Mar brekkend yn in unferwacht ein. Wêrom no? Ta Peke syn grutte argewaasje wikselje de musisi fan ynstremint en de dûnsflier kriget alle oandacht. It jonge folkje yn 'e erker trapket. Freegjend sjocht Teda him oan en hy knikt. Mank de oaren skoot er mei nei 't midden. In muzyk, dêr't de helske machten yn losbrutsen binne. Mar hy, syn jonge, lykas de oaren, fynt it moai. Wer sa'n ferskeel. | |
[pagina 369]
| |
Mar hjir tusken âld en jong. Dan, yn stiltme is er efkes grutsk op syn jonge, dy't dêr slank en linich mei syn famke draait. Ek de oaren sitte mei stille niget en sjogge ta. Dêre Hiske! Har eagen ljochtsje en har hiele wêzen glimket. Wyt hy, Peke, wat der yn har omgiet? En dêr syn jonge, wei yn dit wûndere bedriuw. Nee, Peke syn generaasje net mear. En syn soart en syn wrâld net. En dochs, hoe komt it, dat er it hjir op dit stuit nei 't sin hat? Hoe komt er hjir sa ynienen feitlik oerset yn dit bestean? In dûnsjend keppeltsje komt werom. Tegelaar applaudisearret en jout foar harren in folslein rûntsje. De âld baas stekt jitris oan en yn 'e skimerige úthoeke skikt er njonken Peke. Nee, Tegelaar giet skielk foar de minne tiid de oare kant wer út. It lân? O ja, alderbêst! Mar bliuwe? Nee, leaver net. Faaks letter ris, Peke? Troud en wol en yn 'e boargermaatskippij. Boppedat, syn jonge. Jou him dêr in takomst. Dit allegearre spint er út en tekenet it yn 'e waarme kleuren fan 'e tropen. Peke hat net de moed en lis der tsjinyn. It harkjen nei dit fleurich gemoedlike praat is him goed. Wat is it, dat al dy âld Yndyskgasten dit ûnbesoarge, kwajongeseftige wêzen jout? Behalve oan him? Sa giet de goede, lange jûn om, oere nei oere. In libben yn in oare wrâld, net frjemd, nee, mar wol hurd wer oan it ferfrjemdzjen. Stil giet de jûn. Myld timpere is it ljocht. De muzyk yn in yntermezzo. In kloftsje jongfolk is drok en fleurich. Hiske praat en laket en hat in ûngewoane kleur op 'e wangen, net? Moarn sit hja wer op 'e Guozzepôle. En de jonge... Ynje... Ynje... Liket it soms net, oft it it lân is, dat alle beswieren op slach yn in gaadlik kompromis wyt oer te sljochtsjen? Hjir njonken him guodlik pratend, de âld baas. Wat wie der in bytsje foar nedich en jou ta. Syn tinzen geane út yn 'e stille jûn en sykje en sykje; oant se oandriuwe op 'e stille Guozzepôle, dy't er lizzen sjocht yn 'e lette jûn. Goaitsen hat der nyskes in loopke oan ta west, in lêste hinneskúf tadien. Op 'e kop fan 'e kamp lizze de kokes: de baas hat der hjoed sels net west te melken. Troch de tichte mantel driuwt de nacht en yn 'e sleatten om 'e pôle hinne kweakje de frosken. Oer de lannen de dize. Yn 'e Trêdeheal ripet de twadde sneed... It libben wurdt te'n lêsten net beskaat fan it ferstân, mar it hert, de leafde is 't, | |
[pagina 370]
| |
dêr't it lêste wurd oan takomt. Ynje, Ynje; it hat safolle goeds, safolle moais ek, safolle mei en foar. Grut en ryk en gaadlik bloeit it op yn dizze mylde jûn. Mar it hert ken mar ien, mar ien grutte leafde. | |
[II.3.2.4]Neidei sa healwei augustus. In ûnfoech hjitte rite, no al dagen efterinoar. Ek oer de Guozzepôle leit de atmosfear swier te broeien tusken de tichte mantels. De bank hat Peke njonkenhûs wei helle en ûnder ien fan 'e skadichste beammen delset yn 't hôf. Hjir is it ljocht timpere yn 'e lijte en men hat in goed útsjoch troch in iepen plak fan 'e mantel. Hjir hâldt Hiske tsjintwurdich in bulte ta. Mei naaiwurk, dêr't se net perfoarst in tafel by brek is en oars, as 't moat, tôget se de masinetafel mei. Och hja hat it ryk ek al in bulte allinne, Peke is in bult fan hûs. Hy helpt Keimpe om in stikje greide del te lizzen, dat dy foarweide hie. As 't dan skielk safier wie, soe Keimpe ek efkes mei oer de Trêdeheal gear. Hy hat fan 'e middei al betiid efkes thús west te melken en doe noch in ruk wer hinne. Dat it sil wol in oere of sân wurde. Hè, dy jonge, mei sok brodzich waar foar 't swee. Mar hy sei, Froukje paste tige op har mei iten en drinken. En hja hat it ryk allinne. Hja hat lêst fan 'e waarmte lykas it har net heuge mei en al gauris rêst it naaiwurk op 'e skerte. Der broeit hjoed wat op, dat mist net. Djip de Wâlden del begjint de loft te grûnjen en in swier, dûnkerblau driuwt der boppe de beammen oan. Hiel inkeld rommelt it om fierrens, mar op sa'n ûnwierskynlike ôfstân, dat it de wrâld hjirre hast net liket te reitsjen. Mar har tinzen, har tinzen, dy geane en driuwe yn like wide kriten om, as dêr't it swier waar driuwt en noch folle, folle fierder. Dêr binne earst de bussen, de grutte, folle bussen mei fakânsjegongers, dy't moarns ier en jûns let de wegen lâns dinderje; fakânsje, fuort... fuort... fuort... Moarns sjocht hja se gean, jûns faak weromkommen. Wêr geane se hinne? Fan sommigen wyt se it wol, fan oaren net. En har tinzen geane se stik foar stik nei. In printbrievekaart fan Teda dy't in fakânsjetocht makket mei in pear freonen, | |
[pagina 371]
| |
troch Drinte, Oerisel, Gelderlân, fan de iene jongereinherberge nei de oare. Teda... In brief fan de famylje Tegelaar. Yn novimber in boat besprutsen. Hja in ferhaaltsje derby fan ynkeapen, dêr't se it dy jûns al oer hie. Hy, oft Peke it fêst út 'e holle set hie. Heal en heal út 'e gek en dochs mienens. Der is, och, der is safolle. Der is it dûnkerswier aroma fan it sterkbroeiende hea yn 'e skuorre, dat fier om de skuorre hinne driuwt. De koekoek, dy't him sa ûnferwachts ris delset yn 'e mantel oan 'e oare kant hûs, mei syn rop út lang ferfleine fammejierren. Der is, och, der is it hiele grutte en swiere ferline, dêr't hja yn dizze dagen allinne safolle en faak oer gear is. Hja is suver bliid, as Sijke ris efkes it reedsje delkomt mei it breidzjen ûnder de earm en har op jongfammemanear fertelt fan wat der yn har wrâldsje omgiet, har geheimen tafertrout, dêr't hja jinoer mem net fan reppe sil, en har, Hiske's, betinken freget. Wêrom har, Hiske, yn fertrouwen te nimmen? Hja, dy't soks faaks it allerminst fertsjinnet? Sa is de tried fan 'e prakkesaasjes wer oan 't útrinnen. Hat hja, Hiske, wol witen wat se die, doe't hja sei fan ja en tsjoch mei, werom nei har âlde wrâld? Koe hja it ek wol wite, dat de lêst fan it ferline, mids it normale en goede âlde, groeie soe, dei oan dei? Ja mear, hie hja nei sa'n ferline rjocht op dit libben? Hja hat it allegearre mar nommen. En no? Hjir binne allegearre minsken om har hinne, dy't mei freegjende eagen in ferklearring sykje, want men seit, men seit... Hoe sil hja oan ien fan harren wat sizze fan dat allegearre en begryp fine? Hoe kinne hja soks ek begripe? Allinne rint hja om dei oan dei en swierder en swierder wurdt de lêst. Lêst? Hat hja it ea as lêst, alteast as skuld field? Mar it slimste is miskien, hja begjint te twiveljen oan harsels. Is it sa gewoan, sa begryplik en ferklearber, wat hja útheefd hat yn 'e dûnkere, foarbye jierren? En binne de motiven, sa't hja dy harsels altyd foarhâlden hat, sa geef as hja altyd oannaam? It is har, as wurde eltse dei dy wissigens en dat selsfertrouwen lytser. In minske, dy't hâldfêst hat oan in weibroazeljende reidpôle njonken in draaikolk. Is it faaks sa slim en hat Heit gelyk, as er har skout as in ûnreine? En hawwe de minsken gelyk hjirre yn 'e âlde | |
[pagina 372]
| |
wrâld, dy't in bytsje op in ôfstân bliuwe, want men seit, men seit... Och, en it iene steapelt him op it oare. No Teda, de jonge. Wêrom bliuwt er sa lang mûglik om utens en slyt net in lyts stikje fan 'e fakânsje by syn folk? Wis, der is reden genôch te finen. It trof no sa moai en hy kin foar in pear sinten hiele Nederlân hast sjen en noch wol mear. Mar as hja hjir no ris net siet? Soe er it dan ek sa dien ha? Hoe faak hat Peke har dat út 'e holle besocht te praten, faaks hat er gelyk. Mar foar harsels bliuwt der noch altyd in grutte twivel oer... Hark, in lette molkkarre jakkert de wei lâns, in mennich fytsers sette de gong der yn. Want efter Driesum del wurde de slaggen swierder en hoarder. Dûnker en djip is it blau, dat der oanskowen komt út 'e trochbroeide loft. Dêr hat it fjoer him opkroppe ta in útboarsting. Hark, by Tsjaarda's op 'e hege kamp foarhûs ropt de bolle, dûnker ûnder de dûnkere loft. Hjir swevet it swier aroma fan 'e broei út 'e skuorre, fierder is der de tergjende stiltme en de iensumens. Mar ûnrêstich mids dizze rêst hat hja der in ynderlik wolgefallen oan, dit driigjend opskowende swierwaar. Machtich en heech dêrboppe, fierder en fierder, neier en neier. De slaggen lûder en langer. Lit mar komme. Hoe tsjusterder de loft boppe har, safolleste better. Want dizze lykmoedige rêst teget har ta it uterste. Dizze lykmoedige wrâld, dit lykmoedige folk hat gjin swierrichheden, ken gjin twivel, begrypt noch ferjout noch ferjit. As der dan gjin wei oars út is, lit dan it fjoer fan 'e himel mar komme. As hja dan sa ûnferjaanber sûndige hat, lit it oardiel dan ek mar net sunich wêze. Is der winliken gjin wei ta befrijing? Hja tinkt oan de brief fan 'e famylje Tegelaar... de jûne langlêsten te Harderwykyn't hotel... Ynje... Ynje... Wat soe 't har skele kinne. Alles better as dit. En Peke? Soe se him der ea op fergje kinne? Hy, dy't hjir it ideaal fan syn libben fûn hat? De minsken? Wy sille de minsten wêze moatte en needrich freegje om in plakje, lyts wêze en ús fertrouwen jaan. Miskien hat er gelyk. Mar soe er wite, wat dat foar har betsjut? Soe hja him ea wer misse wolle? Wêr is hjir de ein út in tizebosk fan fragen? En dêrom is 't har goed, no't dêr heech yn it suden de loft opskowen komt. Dûnker âlet de swiere bolle by Tsjaarda's op 'e kamp der tsjinoan. | |
[pagina 373]
| |
Fytsers jeie de wei del. In auto. Wêrom allegearre sa hastich, sa bang? Unskuldige minsken allegearre, dy't it oardiel freze. Wolkom, ditte! En as it fûle ljocht skean boppe har nei ûnderen pylket, hâldt hja wiid nei 't earste knipperjen de eagen iepen. In woldied, dit ûnfatsoenlik knetterjen, rjocht fan boppen del. In oardiel? Alteast is it better as it ferwyt fan tûzen eagen. As yn it stille tuskenbedriuw har geast fannijs falt yn 'e needlottige sirkel fan tinzen, like fansels as needlottich, is it allinne in nije, fûle slach, dy't der har út helpt. Dit kin sa net trochgean. Sok prakkesearjen makket har gek. O, hoe leadswier driuwt hjir de loft oer. It dûnker waret troch de mantel en om hûs. En dan it swier swier rûkende hea. In auto, dy't as razend de wei lâns jaget. Toe mar. En wer in slach. Hja is oerein sprangen en rint de kant út nei de hiemshikke. Ja, der walget noch mear op yn it suden boppe de bosken. Toe mar, lit mar komme, no mar it iene of it oare. Och, dy earme kokes, dy't op 'e kop fan 'e kamp oerein skrille binne en njonken de sleat lâns strune. Dy kinne der alteast neat oan dwaan. Unferskillich rint hja troch. As it dan allegear sa slim west hat, no hja weaget it derop, dat dan de ein mar komme mei. Wat is der dan ek oan it libben wei? Hja sjocht efterom. As yn in ûnwêzentlike nacht leit de Guozzepôle. Foar har, as in silhûet rikt Tsjaarda's skuorre boppe de beammen út. Hark, wat is der dochs yn dat lûd fan dy bolle. O, ûnbegryplike twaspjalt binnen yn har. Sa fûl as hja it hatet, sa djip feitlik is ek har leafde foar dit lytse wrâldsje hjir om har hinne. Kinne leafde en hate sa deun njonken inoar lizze? Dizze wrâld. Mar is 't net krekt, oft der earst by har in âld sear útsnijd wurde moat? Midden yn 't rinnen bliuwt hja stean. Unminsklik knettert in slach om har hinne en oan alle kanten stiet it fjoer, blau en skroeiend. Oeh, hè! In neatich minskje, sa krimpt hja gear ûnder dit machtich barren. O, nee, hja doar it dochs net oan, de grutte konsekwinsje. Wat hie hja har, neatich minskje, yn 'e holle helle? Ja, hja wol ek wol om lyk en lyts wêze, ek wol. Sjocht hja goed? Komt der in fyts de reed lâns? Peke, o Peke! It hert fljocht har nei de kiel. No moast der jitris sa'n slach komme en hy soe der ris mei hinne gean! Hat hja ea sa beseft, hoe 'n | |
[pagina 374]
| |
rykdom oft har tabetroud wie, hoe leaf oft har it libben is? Bang sykje har eagen de loft lâns, wêr oft it earste gefaar driigje mocht. O, as it no mar... Hja skrillet op. Njonken har springt er fan 'e fyts ôf. ‘Fanke, wat dochstû hjir!’ Yn in oerstjoere blidens knypt hja him yn 'e earm. ‘Dy helje... Tochtst dochs net, dat ik bang wie, wol!’ ‘Eh jonge nee! Mar wat in needwaar, net!’ Tagelyk hast driuwt der in rûzjen oan oer de beammen, neier en neier. ‘O, dy bliksekater! Hjir fanke!’ Hy skuort de jas efter fan 'e fyts en smyt dy harren beide oer de holle. En as twa maljeiende bern bokkelje se de reed lâns, hurd, hurd. ‘En wytst, wat ik aanste dwaan sil! Lekkere kofje foar ús brún meitsje!’ Har stim jubelt en beide laitsje. Sjongend wipt hja, as hja thúskomme, it bûthús lâns, wylst Peke om hûs hinne rint om nei de bybak te sjen. Dit is waar op syn koalraapsplanten! Jonge, jonge, wat rûkt it hea! Hy mei moarn noch wolris roedzje. Yn 'e hûs giet de kofjemûne. Hja sit dochs tsjintwurdich ek hiele dagen allinne. Sa, dy lekt ek net mear. En de hintsjes hawwe allegear in hinnekommen fûn. Jong, wat wierret dit op de plantsjes! Sa, no daalk efkes ferstrûpe, kofje en in piip. Hark syn wyfke ris sjongen troch it hûs! | |
[II.3.2.5]Keninginnedei te Dokkum. Dêr hawwe se har beide op spitst. Is it om it oantinken fan in ferline of om de wille fan hjoed de dei? Net ien hat it him fan datoangeande noch botte drok makke. Teda fiert it te Ljouwert en moarn of sa komt er thús. Hja sille it sa mar besykje en te Dokkum nei skoalle. Mar hjoed feest. De dei liket net sa min, wat winich. Klaas syn âld auto hat de geast jûn, dat dan op 'e fyts, fansels. Goaitsen, nee Goaitsen feestet net mear, dy laket syn guodlike laits en docht mei nocht de melkerij. Sa binne se ûnbesoarge ôfstutsen. Keninginnedei! Wat glydt Peke net allegear foar de geast lâns! Keppels hastich- | |
[pagina 375]
| |
fytsend jongfolk, brúnbaarnd of in bytsje tin wurden ûnder de fûle sinne en yn it swiere wurk. In dei, dat er mei heit skean de greiden oerstiek, in sekje jirpels foar Harm-om op 't skouder, mar yn it hert in ûneindich langstme nei it libben dêre. In jûn, skolperjende folksmassa's, oer de stêd in fanfare, dy't stjert boppe it stille wetter fan 'e grêft. Sykjende, swijende pearkes op 'e bolwurken. Mar dat is allegear ferline. Wat ferwachtet er hjoed? Och, hy wyt it net sa krekt. It is him goed, dat de sinne skynt, dat yn 'e touwen fan 'e skippen de flaggen hingje, dat fan 'e tuorren heech it doek wappert en oer de strjitten it toaisel spand is. It is him in stil geniet te sjen nei it hastich oerstjoere jongfolk, de jeugd en de ûnrêst yn 'e eagen. De jeugd fan hjoed. Noch nea hat Peke se sa byinoar sjoen en ek noch nea hat er der sa rêstich syn eagen oer gean litten. Sokke jonges dêr, wat ûnwennich yn 't sneinske pak, in rige fammen, stiif earm oan earm, drok oan 't praten, mar 't libben strielet derôf, de fikse kûten skodzje, kâltsje mar; mar de eagen sjogge lofts en rjochts en hâlde de kânsen wol yn 'e gaten. De sneed fan 't pak is oars as tweintich jier lyn, hja binne foar in part faaks op Dokkum ta kaam op motor of yn auto, ynpleats fan mei 't reau of mei de boat. Mar dat is uterlik en hat it folle ynfloed hân op 'e geast fan syn folk? In wûnderlike gelikenis sjocht er hjoed mei doe, doe't er hjir sels as jong baaske op en del swalke. De weagen fan 'e grutte wrâld skolperje hjir mar sa súntsjes nei. 't Is goed sa! Mar wêr hat hy, Peke, de rêst wei en besjoch dit allegearre hjoed sa kalm op in ôfstân? Hoe kin dit him allegearre sa stilbliid meitsje sûnder dat der yn him in sterke spanning komt en in ynderlike ûnrêst? Och, it docht him net mear botte sear en erken, dat dit him allegearre yn 'e grûn fan 'e saak sa net mear rekket. Dit skaai is sines net mear. Hy kin it rêstich oansjen, it langjen en driuwen fan dizze nije generaasje. Man fan tsjin 'e fjirtich. Wûnderlik sa't it libben sa stiltsjeswei syn gong giet en jin eltse perioade fan in oare kant oankomt. Dit lit er yn him omgean, wylst er mei Klaas oeral sawat hinne swalket. De froulju woene hjoed ek ris frij wêze; no hawar. Hja sjogge nei 't tugen en harkje nei de muzyk. Klaas syn sweager hat in grientewinkel yn 'e stêd en âlve bern. Dêr wippe hja | |
[pagina 376]
| |
efkes yn, mar fine der net folle haal. En as der dan tsjin 'e jûn in stowerke komt, binne hja ticht by de Posthoarn om te skûljen. In set letter fine de froulju har foar 't rút en efter in bitterke. It docht Peke goed, syn wyfke dêr wer te sjen foar 't finster. Hja. Troch har is it, dat syn einleas sykjend, swalkjend, langjend en dreamend hert bestille is. Fryslân, de Guozzepôle, hja, Hiske. Mar fan 'e trije hja it measte. Thús leit Max oan 't tou, de âlde jonge en yn 'e gong ropt it doke. Mar de kokes hawwe har gerak, dêr soarget Goaitsen wol foar. Noch in dei of wat en hy sil se efkes yn 'e Trêdeheal bringe. Stil betinkt er dat allegear. Strak geane se nei hûs. Dan, mei folle gebear, falle de twa froulju ek by 't taffeltsje del. In healsuster fan Klaas mei de feint komt der krekt letter ek noch by. En 't is in fleurich healoerke. Wat earst in stower like, is in fatsoenlike bui wurden. Hawar, in kertierke letter sjout it folk de strjitte wer lâns. De jûne sil goed wurde. Mar hy wurdt net goed. En mei de skimer komt wer de rein, earst miggeljend; ridlik gau falt it wetter der mar wer del. De strjitfersiering hinget fersutere en ûnwennich mank de beammen. Yn 't wetter dript de rein. Op in skip barnt ljocht. It folk streamt, 't wurdt fol en roerich en drok en ûngesellich. Hja bliuwe ek noch mar efkes te plakken. De jûnfeestlikheden falle yn 't wetter. Hja digerje it rút út op 'e wiete strjitte. 't Moat oars hast al ophâlde. Mar't hâldt net op. Der koe wolris net folle ferwin op wêze, liket Klaas ta. Hja swije. Mar dan wyt Tryn it wol. Strak aanste meiinoar nei Sjoerd-en-dy, de grientewinkel, om wat iten. En dan is der faaks jûn wol wat te dwaan yn 'e Beurs of sa. Peke hapt neat net hurd ta, Hiske likemin. Yn sa'n drokke húshâlding en de jûn ferhingelje. ‘Ik fiel my ek mar wat huverich. Kjeld skipe fan 'e wike hâld ik der foar. 'k Soe der suver wol sin oan hawwe om nei hûs.’ ‘Eh fanke, in bitterke!’ Mar hja skodhollet. Nee, en as it dochs sa sútrich bliuwt. Peke jout har in knypeachje, toe mar! Mar Tryntsje hat har nocht fan't feestjen noch net ôf. No, dat let suver neat! Hja geane mar stil har gong. ‘Sille wy dan efkes in auto roppe?’ | |
[pagina 377]
| |
‘Bist net wiis; as 't aanste wat licht, jakkerje wy der sa wol troch, jonge.’ Dat om in oere of acht stappe se it hotel út mei de jassen oan. Och, hoe jammerdearlike iensum leit alles der no ynienen hinne. De Syl, leech op in mennich balstjurrige jonges nei. By de Wâldpoarte sieddet de rein yn 't wetter en pylket op by 't ljocht fan in inkelde lampe. De fytsoppasser stiet iensum en fersútre ûnder in ôfdakje en is hjit op in praatsje. Mar hja hawwe der net ien fan beiden de rjochte nocht oan en dan, 't liket op 't stuit wol gaadlik. Dat hja stappe op. Yn 'e wyn. Fansels. Mar hy set syn sterke hân har yn 'e rêch. Troch de klean hinne fielt er har waarm lichem. Hiske! In klear momint sjit him troch it brein. Jitris sa'n jûne. De wegens lâns jakkere it folk. Hy ried ek dizze kant út. Op in liende fyts fan 'e boer. Hoe klear binne al dy lytse dingen. Tsjits wie doe njonken him. O, hoe jong en grien wie er. Mar it docht gjin sear no. Hja, Hiske! Waarm is har lichem troch de lichte klaaiïng. Wûndere goed docht him dit. Lit de wyn mar strûze, hy trapet foar twa. Hoe sil 't der op 'e Pôle foarstean? Ien fan 'e hinnehokken lekte okkerdeis. Hè ju, it reinen wurdt fûlder. It wetter slacht harren yn 't gesicht. Sille se ek efkes skûlje? Hja skoddet fan nee en laket. Nei hûs! Yn 'e feart leit in iensum skip, it ljocht yn 'e mêst wyndert. Efkes in rook fan tarre oer de wei. By de sleat lâns in rige kij mei de koppen boppe 't wetter. In inkelde fytser sjit foar de wyn del har foarby. Is dit deselde wrâld fan fan 'e middei? Lêste fan augustus. Wis, in bulte moaie dagen kinne der noch komme. Mar mei de simmer is 't skielk dien. Sjesa, hja hawwe de reed hast te pakken. By Tsjaarda's pleats is alles al tsjuster. Allinne yn 'e kokenkeamer skimert in ljochtsje. By Siger en Ynskje spûket it ljocht om hûs hinne. De âld man is noch warber. Allegearre folk, dat it thús siket: hja hâlde gjin keninginnedei mear. Mar hy, Peke, stekt ek nei hûs ta. Tsjuster yn 'e lannen leit de Guozzepôle. By de daam stappe se ôf. ‘No fanke, dêr binne wy. Hoe no?’ ‘Eh ju, wy peadzgje dertroch.’ ‘En dyn skuon?’ ‘Wat soe't! Fuort mar!’ | |
[pagina 378]
| |
Peke set de fytsen om 'e hikke en hja sykje de skjinne gerskant safolle mûglik op. Klearder en klearder wurdt de skym fan 't âld spul troch it reingerdyn hinne. It wurdt Peke no goed en gol om 't hert. Hy heart de wyn troch de swiere mantel gean. It paad nei eigen hoarnleger. It waar moat oars noch net al te gau omslaan. Dat past him net bot op syn ekerkes earte. En de kokes moatte hjoed of moarn nei de Trêdeheal, dêr moatte se de boel net daalk ferpeadzgje. Dat sil allegear ek wol wer wat tafalle. De bistjes lizze op 'e fierste hoeke. 't Begjint hjir wat peisk te wurden. De hiemshikke stiet iepen. Hark. Max slacht oan yn 'e skuorre. Thús! Peke fandelt de kaai op fan 't amerrek. Dêr hat Goaitsen him jûns dellein. De bûthúsdoar giet iepen. Hiske skoot de loper wat op en de fytsen komme yn 'e groppe. Max wringt him troch de heafeksdoar en tsjirget him, wylst Peke de lantearne oanstekt. Sa, hè, ljocht. Ja, wis, wis, bêste hûn! No, no. Jas út, mantel út en oan in heak. Skuon, klets, yn 'e groppe. Hiske har hoed, rûts, oer de lege stâl. ‘Sa, de simmer is dien!’ Hja laket. Peke tsjocht in pear klompen oan en rint efkes nei de hinne-hokken. Alles is goed. Dat lekken falt ta. Mei in stikje asfalt kin er it fuortoan wolris efkes ferhelpe, liket it him ta. Yn 't grutte hok op 'e pannen slacht de rein. Hè jonge, wa hie dat fan 'e moarn sein, net? Sa net, de wyn moalke al hieltyd wat. In keppel grutte piken makket wat drokte by 't lantearneljocht. Wat moai guod. Mar ja, 't is augustus út. De hjerst stiet foar de doar. Hy seit it foar himsels lûdop. De hjerst stiet foar de doar. Yn 'e hjerst kaam er oan. No giet de hjerst skielk oer syn eigen hoarnleger. Mar 't spul kin der tsjin. 't Hea sit yn 't gol. Skielk de kokes op 'e stâl. Trije en in grut keal as 't wat koe. Lit mar komme. Meikoarten in kacheltsje oer de flier. Moarn of sa komt Teda thús. Ja, Teda. Mar ris besykje. Wêrom soe 't net kinne? Syn jonge. As er yn 'e hûs komt, stiet it teewetter op it trijepitsstel te razen. Hiske hat har al ferstrûpt. Boppe de doar ropt it doke en fleurich barnt de lampe. Hiske hat de gerdinen delskood foar de ruten. Hy ferklaait him ek redsum. Droege sokken, broek, | |
[pagina 379]
| |
húsjaske en in pear keamerpantoffels. Oan wjerskanten fan 'e tafel stiet foar elts it maklike reiden stuoltsje. Hy falt del en siket in piip út it finsterbank. Hja jit tee op, de rook priket him derfan yn 'e noas. Hark, tsjin it rút slacht bytiden de rein. Goed, de gerdinen binne ta. Bûten binne no inkeld de lûden fan 'e nacht. Efter syn stoel leit Max en slikket him de poaten. Hiske docht de doar ta en jit tee yn. In lekkere timpe koeke hawwe se meinommen út Dokkum. Peke sit yn 't âlde stik krante te sneupen, dat der omhinne siet. Troch de keamer bliest Peke de reek en op 'e tafel ljochtet it teepitsje. Yn 't efterhûs rint de bak mei ûngelikense goaten. Mar oan ien stik wei. Bliezend priuwt Peke de tee. Hiske teantet om en snijt koeke. Dan falt se him mei in plof op 'e knibbel. ‘Hast my ek sa goed thús brocht, âlde skierroek!’ Hy triuwt har stiif tsjin him oan. Licht en slank en jong. ‘Wa wyt, is 't net wat dien mei de moaie rite, fanke. Skielk hjerst en yn 'e modder, en jûns betiid tsjuster.’ ‘Woest my bang meitsje?’ ‘Nee, dat liket my sels goed ta, allegearre.’ ‘My ek. Dan sykje wy it fuortoan mar wat tichteby, watte? Yn ús eigen wrâldsje?’ ‘Hoe komst dêr sa by, fanke?’ ‘Och, sa mar. Yn dat lytse wrâldsje hjir, beammen oan 'e iene kant en 't keale fjild oan 'e oare, in mennich buorlju en in smûk thús, dêr sil 'k leau 'k ek genôch oan ha.’ ‘Skielk de kokes op 'e stâl.’ ‘En in lytsen yn 'e widze.’ Watte... Syn grutte eagen sjogge har oan. En hja laket mar. Dat it libben sa goed en grut en genedich wêze soe. In fier byld flitst him troch de geast. Teda... Syn eigen jonge... Mar ditte, fan har, dy't syn siel leavet. Hja bliuwt sitten. Oanstellerigens, soks hat it libben beide wol ôfleard. Mar twa minsken, rêstich en it libben begripend. Djipper lokkich, om't se djipper ferlern wiene. Yn 't efterhûs rint de bak. Tsjin 'e ruten slacht de rein. |
|