en balstien, dat it bist moat krûm sitte. Mar de baas hellet wol mear gekheid út. Dochs sjogge ien amerij de trouwe eagen freegjend mei in grut en bang fermoeden nei Peke en boar je rjocht yn syn hert. Hastich leit er de balstien op 'e mestelbank, hellet de hûn op 'e râne, ien raam, dat it boatsje der fan roeiket. Oer it Ald Djip wjerklinkt in koart en fel gegûl, in gerochel, dan wurdt it stil en nêst it boatsje buorrelt it.
As in moardner set Peke him wer efter de riemen, yn in omsjoch is er it Ald Djip út en oerstutsen nei it stalt. Hy hellet de riemen yn, leit it keatling fêst en mei grutte trêden rint er it Jaachpaad del.
Iensumer hat er him te wrâld noch net field.
Op it hiem kriemet noch in fuormanswein om it lêste spul. As Peke der is, ha se it bêd en noch ien en oar opladen. It kammenet is yn 'e teheistere keamer stean bleaun. Keale muorrekalkplakken gapje Peke oan.
‘Ha jim noch plak foar it âld kammenet? Wol jim it dan mei in sekfol ditten en datten foar my by Doede's besoargje?’
De fuorman hat der gjin beswier tsjin.
‘En wat is no it doel, Doanje? Werom nei de East hast, tink?’
Peke jout der gjin azem op.
‘Sis dan, dat ik jûn foar iten by harren kom.’
Hy helpt efkes om it kammenet útinoar te heljen en set de stikken op 'e wein. De fuorman slacht it hynsder derfoar en hâldend en kearend giet it it hege hiem ôf.
Foar is alles no leech. Yn 'e skuorre sit noch in stikje hea. It bûthús leit der mâl hinne.
Tsjin 'e slypstien stiet Peke syn fyts. Hy kriget him en giet dermei foar Tette ruten lâns. De kaaien hingje oan 'e spiker boppe de pomp, dy kinne se dêr fine, ropt er.
Under op it hiem stapt er op 'e fyts, de greide is al moai droech. By it hege Jaachpaad kin er net opride, dat hy moat der jitris ôf.
Sa is dus syn úttocht, dêr't er in lyts jier lyn sa bliid en fol hope ynhelle waard. En allinne in moaie dream dêrfan sil neilibje yn syn siel.
It haadstik is ôfsletten. Foar altyd.