'e bou. It begjint him oan te gean. Tagelyk betinkt er, wat sil er no noch langer beskreppe? Mei in moanne of wat...
‘Ek moarn, dokter! Ha jo ek ferstân fan kokealjen?’
Dokter glimket en seit, it is moai waar. Hy hat hjir nêst west en de âldste soan ferbûn.
‘Bliksekater, dokter, is it sa bot oankaam?’
No, sa raar is it net, snijwûnen, wat glês deryn, in skylde heupe, en in ferstûke pink. It stie der mar wat raar by op 'e oare ein, dat dokter woe mar efkes oanrinne. It hoe en wat giet him fansels net oan, mar as se it besykje, draait Peke der yn, dat as er him riede litte wol, dan soe er sels oanbiede de ûnkosten te beteljen.
De man hat haast, Peke betanket him tige en bliuwt allinne sitten. Soa!
Mar it bistje is wer lizzen gien. Peke skoot hoeden de barte der efter en bliuwt der op 'e hûkearzen by sitten. Op 't lêst rint er noch hinne om in baalsek. Fuort dernei hat er dêr in moai tekene kokeal op lizzen en sleept it it bûthús lâns de heafeksdoar yn.
Mei ynderlike wille stiet hy der nei te sjen; nij libben, fan alle kanten brûzet it as ta de grûn út. Dan fernimt men earst, hoe skrousk en deadsk alles by jin sels fan binnen is.
In oere letter, as alles yn it bûthús berêden is en de ko rêstich leit te sliepen, hellet Peke de fyts, dy't Doede him koartlyn taskikt hat, út 'e skuorre, slút de doarren en leit de kaai yn 'e goatte. Himmel ferklaaid sjocht Tet him de greiden delfytsen.
By Doede's is it iten behimmele, mar Hiltsje hat wol in krouske stean, dat sil se efkes opwaarmje. Mar hoe en wat? Doede kreweiket thús om, der is noch net genôch te dwaan op 'e bouwen, de fuorlju kinne it noch wol sûnder him rêde.
Yn 'e heal oprommele, heal oeralsteande keamer mei de feger en it blikje noch oer de flier en it tabaksfetsje op 'e tafel tusken it ôfwaskersguod, docht Peke ferslach. De beide âldsjes sitte elts op in hoeke fan in stoel.
Hiltsje besaut har en seit: ‘Hè, hè, moat it no ek sa mâl?’
Doede pypket en harket. Ja, hy soe wol sizze, der in ein oan meitsje. Ek net omsjen om wat oars, de boel mar fuort. Dy bou