myn siel him folle oangie. As ik besocht my oan te sluten, waard ik fan jimme beide ôfstonken, ik wyt net, oft jim dat wurd fetsje...’
‘Watte...?’
‘Ja stil no ris, ik bin noch net útpraat. Jo, dûmny, hawwe noch net it fatsoen hân, in nijkommer te reden te stean, om fan gemoedlik praten en rie jaan noch mar te swijen. En jo, boer, hawwe in minskelibben lang myn âlde Heit ôfbeuld en útmolken en him op 't lêst fan alle kanten dwers sitten. Woene jo sizze, dat myn of syn sieleheil jo ien spier oan 't herte gie? Mar no't ik besykje by oaren te finen, wat ik by jimme, myn eigen folk, om 'e nocht socht haw, no komme Jim op in draaf, want der koe ris in sieltsje fuortrinne. Jimme hawwe om ús sielen nea gjin byt jûn en jim dogge my it grutste plezier ek net wer by my oer de flier te kommen. Gean jim gong yn Jim fêstroaste kristendom.’
‘Ja, mar, broeder... e...’
‘Neat gjin gebroeder, dûmny, ik hjit fan Peke Donia, en ik moat fuorje, jimme kinne om my skoan wat sitten bliuwe. Hjir stiet it fetsje.’
Efter him oan wiene se mar wer it gonkje delstutsen en de doar út.
Al dy dingen komme op dizze jûn ek wer op it aljemint. Hie hy der goed oan dien? Ja, krektlyk sa soe er it wer sizze. Oan dy kant is it speak rûn, dat is al fêst. Mar hy kin mear kanten út. Dat Eke fan 'e oare kant is, hat er hast noch net ienris by stilstien. As hja de bân mar wurdt, dy't him wer oan Fryslân bine sil, dat er net mear tusken eigen folk stiet as frjemd. En de tiid sil it oare wol dwaan; dat moat er ek net ferjitte: de tiid.
Max is oereinkaam, it wurdt letter, tinkt him. Foar bêdtiid giet de baas der meastal noch efkes mei him út, as it waar net te min is, en it is Max fuort net te min. De kachel bejout him ek, fernimt Peke. Hy pakt it spul op, hy is huverich. Wêrom fielt er him op dit stuit sa iensum, wêrom is Eke net weromkaam? Hy stekt ek net mear nei de oare ein ta. Strak mar op bêd.
It is tsjustermoanne en om hûs hinne smoarch en glêd. Mar