| |
| |
| |
[I.2.7]
Peke stiet foar ien fan dy riedsels, dy't it libben net ophâldt sa út en troch in minske op te jaan. Klaskemuoi is der op besite. Hja hie fêst miend, dat de jongelju hjoed de geboadens krije soene. En dêr is se fan 'e moarn midden yn it sneonswurk oanstekken kaam, al foar kofjedrinken.
‘Koe se it noch mâlder yn 'e holle krije?’ hearde Peke âlde Tet grútsjen yn it foarhús. Mar hja wie der. Bjinse-om wie de hiele dei nei de soan ta te dongjen, dat no kaam dit sa moai út en juster hie se mar sneonze. Hjir soene se dochs wol wat koart om 'e hoeke gean, hjoed mei it oanjaan.
Hoe hie se har no sa fersinne kind, hja miende mar fêst fan sneon.
Peke is de ynkûle bult oan it bleatlizzen, it roufoer is it ein fan te sjen en in winter is lang, dat fernimt er no earst wer, dat hy is danich bliid mei syn stikje kûle. Klaskemuoi! Hjir moat it iene of oare efter sitte. Al kûledollend lit er it yn him omgean en it soe him neat benije, dat it wie om 'e tsjerke. Tette folk tsjerket yn 'e grutte, net drok, mar dochs, dat moat it wêze dat Klaskemuoi hjir bringt. Faaks soe se noch wol lykfolwat oer de holle sjen, as hy der nochris wer troch yn 'e âlde tsjerke belânje mocht.
Peke laket ris yn himsels. Wat is syn lân noch krekt gelyk. Hy kin der net lilk om wurde. As er efkes om hûs hinne sjocht, liket it him ta, Klaskemuoi hat al in âld skelk foar en skrept mei yn it foarhús om en oan it praat te hearren, is it al yn oarder. Eke sit der in mennich jirpels by te skilen en ropt, it iten wurdt in oerke letter hjoed. Tsjalling is al hinne om 'e lege bussen. Dat koe Peke daalk ek wol efkes dwaan. Max komt ûnder fan it tún en is ree om mei.
Tsjalling hat de molkfarder opheind en hat Peke syn pûdsje yn 'e bûse. Under it rinnen jout er it him oer: ‘Bist leger mei fet, moatst der lynkoeke by jaan mei dat lichte hea.’
‘Wolst der efkes om tinke, Tsjalling, datst mei dyn kloeren fan myn spul ôfbliuwste?’
| |
| |
Tsjalling sjocht ris efterom. Peke is poerrazend. Folle mear soe er sizze wolle, mar it is al sa. It sil oars heech tiid wurde, dat se ris klear wite, wat se oan inoar hawwe. Hy kuieret troch om 'e bussen. Fierhinne it hiem sjocht er in fyts fan 'e dyk ôfkommen, it reedsje del. In man mei in jekker. O goede, Seinstra dochs net? Gau sjout er it hiem op en efterom.
As de bussen op 'e boats lizze, rint er nei Tettes foar.
Op it bjinstalt nêst de doar stiet Eke mei in bus, Klaskemuoi rint mei de amer fol jirpels en Tet skrobbet it foarhús út. En dêr midden yn dy drokte komt Seinstra oanstrûzen. Earst jout er Eke in bats foar it efterst, dat dy stoot hast oer de bus hinne en seit fan ferjamme! Klaskemuoi set de jirpelamer del en Tet faget har mei de skelk om 'e noas.
‘Hea fanke, wat woe dat slaan! Bistû in suster fan Peke syn nij wyfke? Jonge ja, Beppe, hingje de jirpels hast mar oer, fan sa'n reis hat men de hûnger yn 'e hals. Deale, wat sitte Jim noch yn 't wurk!’
Mei syn smoarge skuon trapet er it foarhús yn. Om 'e hoeke fan 'e hage stiet Peke ien en oar ôf te wachtsjen: efkes sjen hoe't dit rint.
‘Is it jonge pear hjir net? Ik hie krekt in moai speechke op 'e tonge en aanste wyt ik it net mear! Hoe is it mei jimme oars? Ik tochte, ik stek mar betiid hinne.’
Tet hat de luiwammes delset en set de hannen yn 'e side en sjocht nei de man, dy't gol laitsjend syn grutte snor opstrykt.
‘Wa binne jo as ik freegje mei?’
Seinstra stapt efterút, knoffelt oer in amer mei wetter en ferhellet it op Klaskemuois earm.
‘Stil mar, Beppe, ik bin altyd foarsichtich by froulju.’ Tagelyk docht er de hân oan 'e platte pet, slacht de hakken tsjininoar en dreunt op: ‘Seinstra, Rikus, pinsjonearre ûnderoffisier fan it... safolleste... ensafuorthinne...’
‘En hoe komme jo hjir?’
Unfersteurber kundiget er oan, op 'e fyts yn 'e wyn op.
‘Mar ik wol mar sizze, wat dogge jo by uzes?’
Wel, hy is Peke syn âld freon, en hoewol't er it trouwen
| |
| |
faaks net mear meimeitsje sil, komt er hjoed om it gefal te bedrinken.
‘Ja mar, wy sitte midden yn it sneonswurk.’
‘Ha jim dan myn brief net krige, dat ik foar iten kaam?’
‘Nee, neat krige, hiene jo ús dan skreaun?’
‘Wel nee.’
‘Hoe koene wy dan wat krije?’
‘Ja, dat wyt ik ek net. Hen fanke?’ It lêste tsjin Eke, dy't mei de mûle iepen nei him stiet te sjen. Gol laitsjend kriget er har by de earm: ‘Wat seistû, wêr is dyn suster, by Peke tink?’
Mei in op-en ôfgeande kaam skuort hja har los. Hja hat gjin suster iens!
Hja sil trouwe!
‘Wat seist dêr? Lit Seinstra ris goed sjen.’
Klaskemuoi en Tet sjogge inoar ris oan, de lêste plantet de hannen wer op 'e heupen: ‘Ik soe sizze, jo moatte mar gau wer ôfstekke, wy kinne hjoed gjin besite ha.’
Mar Seinstra sil it ek ris sizze: in bytsje oan kant, sjesa, de jas út, hjir fanke, hâld ris beet, ik sil skrobje, jim skile der in pear jirpels by, sa!
Mei de luiwammes yn 'e hân set er him te skrep en stompt der Peke mei yn it liif: ‘Och hearken, jonge, wat bin ik bliid dat ik in minske sjoch.’
‘Wisten jo Peke, dat dy man hjir hjoed komme soe?’
Mar Peke, dy't oant no ta in gefoel hân hat, as wie hy fan binnen bestjurre en no wer raant, heart neat en fûstket en betanket foar de tûzen bêste winsken yn rynske wurden te'n bêsten jûn.
‘Is it slim Tetsje, dat der in iter by komt hjoed?’
Peke leit út, Seinstra giet gau wer nei Ynje en sawathinne. En der is faaks ek noch kofje?
Dy stiet noch op it stoofke, dan moat er sels mar sjen.
‘Kom Seinstra, jonge!’
Yn 'e keamer sitte se tegearre de lêste kofje sûnder sûker op te pjutskjen. Peke ropt Eke, mar hja komt net.
‘Dû moatst sjen, datst de bussen skjin krigeste!’ En Tet skrobbet demonstratyf.
Dan giet Seinstra mei Peke te busleegjen en kriget in pear
| |
| |
klompen fan Heit sines oan. Tegearre buorkje se en sitte op 'e bûthúsbank.
Seinstra hat oer treddelwike in boat besprutsen, de ‘Stuttgart’ fan santjin maart. Dy docht Rotterdam oan. En hy woe Peke mei hawwe dêrhinne.
Eke komt by de doar te roppen, it iten stiet ree op 'e tafel, daalk komme.
Allegearre sitte al. Tsjalling is oer syn spek gear en jout Seinstra in glêde fette hân en like gemoedlik faget dy it ôf oan syn hier.
Tsjalling wol avensearje.
‘Ik ek,’ seit Seinstra.
Tsjalling suchtet earst dien, Klaskemuoi lêst, by dy tiid hat Tsjalling syn spek op.
Tsjip is ek thús en sit nêst Seinstra.
Seinstra wriuwt him ris yn 'e hannen: ‘Wat lykje de jirpeltsjes moai, frou. Is it de bedoeling, dat ik my sels servear?’
Allegear sjogge him oan. Tsjip begjint te laitsjen dat hy der hast yn fersjit en as Seinstra him mei brike gesichten oansjocht, kin hy der hielendal net mear útkomme. Tet falt út en Seinstra seit: ‘Dat is de tsjintwurdige jeugd, frou.’
As er Eke lilk hat mei te sizzen, dat er hjoed eigentlik kaam te sjen, oft se wol itensiede koe, komt er Klaskemuoi op 'e lije side oan mei belangstellend nei har man te freegjen: hoe wie it mei de âlde? Dan is hja him hast al tagedien. Mar as er troch in ienfâldich misbegryp trochgiet en freget, hoe't it mei syn wetterjen giet, ferbruit er it foar hjoed en moarn en altyd en it helpt net, as er al seit: ‘Ja, mar dêr leit men allegear foar bleat, n't Eke?’
Tsjip ferslokt him wer.
It praat ferskoot him nei it neutraler terrein fan it iten. Ja, Seinstra stekt wer ôf, oer in wykmennich sit er wer yn 'e tropen. In hiel ferskil mei hjirre. Dan moat er skielk earst wer de tehaksele mûzen út 'e rys sykje en de eamelders út 'e brij fiskje, n't Peke?
Klaskemuoi hat hjoed sa it soer, wier, hja mei net mear.
‘Mar it is lang sa slim net mear as it west hat. Dat de froulju bop- | |
| |
pe de potten stean mei in bern yn 'e slendang, dat wat út 'e doek rôlje lit yn 'e brij of dat men in deade kat út it sop fiskje moat, komt praktysk sprutsen net mear foar. Nee, dat wurdt allegear folle better.’
Tsjalling leit de leppel del, de brij is oanbarnd, seit er, dat is gjin iten sa!
De oare trije manlju smakket it bêst. Seinstra besiket wat gekheid te meitsjen mei Eke foar him oer, mar dêr is gjin wurd út te krijen en Klaskemuoi makket der koart en goed in ein oan mei te freegjen, hoenear oft Tsjalling it earste keal ferwachtet.
‘As de ko de sturt optilt,’ seit Tsjip.
Mar dan rint Tette mjitte oer. Dat in oar net wiis is, kin hja net helpe, mar har folk sil syn fatsoen hâlde.
Hoenear oft se har ris stil hâlde sille, fernimt Tsjalling, hy moat hinne te strontfeien.
Tet lêst.
Hoe let kinne se teedrinke, tochte Tetsje? Dan wol Peke efkes mei Seinstra te buorkjen.
‘Wyt ik neat fan, hast it iten al op? Wy hawwe noch in hûdfol wurk!’
Jitris biedt Seinstra syn tsjinsten oan.
‘Nee, ruk mar op,’ seit Tet.
Tegearre sette se de lêste stikken kûle klear en dan ferstrûpt Peke him in bytsje.
Efkes letter kuier je se de kant út nei de dyk.
Peke tsjut hjir út, wa't dêre wennet en dêre. Fan 'e dyk of sjogge se Peke syn hoeke bou lizzen en ek de Jan Bintsjeslannen. Dêr stikket Tsjalling om foar har tegearre, leit er út.
‘En dan sil Peke Donia safolle as lytsfeint wurde by de famylje, ha 'k begrepen.’
Peke sjocht him ferheard oan, faaks omdat er hielendal net sa botte ferheard is. ‘Hoe bedoele jo?’
‘Hoe bedoele jo? Ik haw wol sjoen, jonkje, datstû tsjin dat folk net opwoechsen bist.’
Wat, Peke der net tsjin opwoechsen? Dat sil er harren sjen litte, hy lit him neat sizze.
‘Nee, dat sis ik net, mar dat folkje dêr is sa taai as sjerp. Astû ris
| |
| |
in kear útfalste, hâlde se har stil en Peke mient, dat er it wûn hat en begrypt net, dat se ûndertusken trochwrotte en dat er ynpalme wurdt as de mich fan 'e spin.’
Peke stekt in sigaar fan 'e âld baas oan en hja steane te sjen nei in foarbyfarrende tsjalk.
‘In moai gesicht, Peke, dat sil ik misse, jonge. Nee, as ik dy myn lêste goede ried jaan mei, sjoch sa gau mûglik, datst fuortkomst, by dat folkje wei, faaks sille jim it tegearre wol fine, mar hja moat net ûnder har folk bliuwe.’
Al gâns in ein hinne binne se it Stienfek.
Kinne se dêr oanstekke? Dat is ommers in útkomst!
It is der stil om distiid. In inkeld rintenier út 'e buorren sit der en twa skippers, dy't hjir donglade.
Yn in hoekje efter de kachel jouwe se har del en it praat wol net rjocht flotsje.
Seinstra sit te smoken en oer wat te brieden.
Op 't lêst hat er it foarinoar.
‘Ik kin no net sizze, dat jim safolle neiïnoar tale, wol? Falt se wat ta as jimme allinne binne?’
Peke makket der net folle fan; och, hja hawwe ek nea net safolle meiïnoar omgien, dat moat ek stadichoan komme.
Mar as Seinstra syn sin seit, koe dat hielendal wolris net komme.
‘Ik moat sizze, ik haw my wol wat besaud. No moatst net lilk wurde, mar jonge, is dat wol in wiif foar dy?’
No moat Seinstra net ferjitte, in geskikt wiif is makliker te bepraten as te finen, goede hannen oan it liif hat se grif wol en fansels, ja op 't lêst, hawar, Seinstra wyt wol, de pôt is oanbarnd en it liket Peke ta, hja moatte der it bêste mar fan meitsje.
‘Sil ik dy ris wat sizze? Ik leau der gjin byt fan, dat dy grouwe pochel in bern ha moat. Bist net wiis? Dat rint sa hurd net; sa 'k dy sis, ik leau der neat fan. Myn wurd, dêr, hja ferrifelt de boel! As it no net mis wie, soest se dan ha wolle?’
Peke smookt en drinkt: ‘Soa, tochten jo dat!’
‘Ja, no, wat seist dêrop?’
Te'n earsten neat, mar Seinstra kin it hast wol riede.
‘Jo hawwe lêsten te Ljouwert sein...’
| |
| |
‘Jonkje jà, mar lit ús inoar no efkes goed begripe. Ik betroude, datst der ek in bytsje dyn harsens by brûke soeste, mar dû bist der ferjamme as in skoaljonge yn rûn.’
Seinstra bestelt jitris, de kastlein sjocht dit nuvere steltsje ris op en del oan, hja kinne moai redsum it spul behimmelje. Mar hy seit neat. Yn prakkesaasjes drinkt Seinstra leech en ropt fuort dernei de man ta, wêr't syn bytsje bliuwt. Peke glimket, mar Seinstra fernimt syn misset net.
‘Ik gean de santjinde oan board en ik soe it beroerd fine, datstû hjir yn it ûngelok efterbleauste. Dit hat in needsprong foar dy west, mar it is mis. Dan soe 'k noch leaver weromgien wêze. No kin 'k wol sizze, Seinstra is der altyd noch. Mar ast ienkear yn it labaret sitste, dan is der net safolle mear oan te dwaan.’
‘Wat woene jo dan?’
‘Ik soe wissichheid ha wolle; is 't mis, no, dan is it net oars, dan ek in keardel wêze. Mar sa 'k sei, fêst net. En dan soe 'k my goed beriede.’
Fierhinne teetiid stekke se ôf. Peke ûnthjit, as der thús gjin kealderij komt krekt, dan sil er te Ljouwert wêze en sjen in melker te krijen en dan tegearre nei Rotterdam, de santjinde.
Thús sitte se oan 'e tee, mar de gesprekken nimme in moai rimpen ein, as de manlju der yn komme - it doogde fêst net foar har earen.
As se in pear bakjes op hawwe en de piip oanstutsen, en as Tsjalling syn brea en bôle op hat, de oaren hawwe it liif noch fol, dan docht it bliken, Seinstra hat by de kastlein noch wat yn 'e bûse mûze en mei in tapaslik speechke fernimt er der nei, soe der wat op tsjin wêze, as er hjoed noch efkes traktearre? Op 'e brulloft en op it ôfskie; hy stiet der tige op; dat ja, ja, no ja, it is ek mâl om te sizzen fan net. Dat út 'e jekkersbûse oan 'e knop fan 'e bêdsdoar hellet er in pear flessen en Eke fandelt in mannich romers fan it boppeste buordsje yn 'e porsleinkast.
De âlde froulju reitsje hast noch suver mei ien en oar fersoene, as se de flesse fol rezinen op brandewyn sjogge.
‘Mar wy sille mar wat oars ha, net jonges?’
No, Tsjalling moat mar in pear rezinen ha.
De trije oare manlju priuwkje moai hastich, it set Tsjip hast
| |
| |
fuort nei de holle, mar koppich hâldt er fol. Peke stekt ôf en komt werom mei de grammofoan. De froulju moatte dêr net folle fan hawwe, sok ark en om distiid fan 'e dei ek noch. Klaskemuoi stekt it bûthús lâns, mar kin fansels ek net de hiele middei op it húske bliuwe.
Tsjip moat der moai deun by stean, as Peke de platen opset en stiet der op om plat op 't gat oer de grûn te sitten, nêst de muzyk en nei de mjitte fan syn jefte mei te sjongen, troch gjin lilke gesichten ôf te bringen. Seinstra betsjinnet him rynsk en rojaal en set in nij plaatsje op en mâltsjirget wat om 'e kachel hinne. Mei tige noegjende gebearten stekt er op Eke ta: ien dûnske, as se der net op tsjin hat. Rjocht en stûf sit se op har stoel, gjin glimke kin der ôf, de earms oer inoar, krekt as Mem. ‘Toe fanke... e...’ En guodlik kidelt er har efkes tusken de skouderblêden.
Oerstjoer stoot hja oerein, dat de stoel tsjin it kammenet oandost: ‘Wat mienstû hjir, smoarge skarlún...!’
‘Eh fanke, ik bedoelde it sa goed, der moat in gekheidsje by, sei ús Beppe altyd.’
Mar ek Tette mjitte rint oer: ‘En no is 't út! Wat ha wy hjir mei dy te meitsjen! Us doar út, daalk of wy sille it oars besykje!’
Hja trillet fan lilkens. Seinstra nimt it allegear tige gemoedlik en siket in sigaar op: ‘No frou, as ik jo der in deugd mei dwaan kin, dan sil dat wêze, sjoch, meitsje jimme jûn dy flessen mar fierder leech, soargje datst dyn part krigeste, Tsjip! Peke rint in stap of wat mei?’
Foar it bêdsket lûkt er de jekker oan. Klaskemuoi is jitris it bûthús del, it rûn de spuigatten út, fui!
Mei in joviale hânswaai groetet Seinstra it folkje en tegearre stekke de maten by de skuorside lâns en fandelje de fyts op.
‘No ha 'k ek noch lilke minsken makke, Peke, jong. 't Is tiid, dat ik wer ôfsjou nei de East, hen?’
Mar hjir binne se thús sa noch net ôf, fertelt Peke, hy woe nyskes gjin drokte meitsje, mar... e...
‘Sil ik dy ris wat sizze, Peke? Ast mei harren trochsette wolst, dan moatst der sa min mûglik spul om meitsje en skielik oars
| |
| |
omsjen, gjin drokte. Of dû moatst der hielendal in ein oan meitsje. Neat dwaan om my, tink der om! Mar it liket my net goed ta. No hoecht it sa mâl ek net as it hjoed gien is, mar dû hast sels ek sjoen, hoe'n bytsje as it lije kin, en soks hâldstû op 'en doer net út!’
In ein kuierje se tegearre it stille Jaachpaad del, dêr't de iere blomkes bloeie tsjin 'e smoute kant fan 'e dyk yn 'e sinne.
‘De maitiid is yn 'e loft, Peke. Myn lêste, jonge! As it spul yn 'e bloei stiet, sit ik wer oan 'e oare kant. Foar altyd dien, wat is in minskelibben op 't lêst dochs!’
Jitris ûnthjit Peke, hy sil de jûne tefoaren te Ljouwert wêze, de reiskosten binne foar Seinstra. Wat Peke fan 'e pakkeboel brûke kin, mei er ha.
Dan stekke se elts in kant út. Seinstra hat him in steviger hân jûn as gewoanwei en Peke sjocht faker om. Wer ien fan dy skerp ôftekene skiedingen yn syn libben, sa fielt er it. Dizze rouwe rûge koloniaal, wat hat har sa bûn?
Hy stekt rjochtút nei syn eigen bûthús, dêr't it fee stiet te wachtsjen.
Klaskemuoi stekt ôf, sûnder him goendei te sizzen.
Nei fuorjen, as hy der ynkomt, leit Tsjip op bêd. Tet fangt him by de doar op.
‘Ik woe dy wolris wat sizze. Oan sok folk haw ik yn myn hûs gjin nocht, hast dat begrepen? Ik bin hjir de baas en it sil sa't ik sis. Ik warskôgje dy!’
Rimpen strûst se him foarby, it foarhûs yn, derfan oertsjûge, dat se it goed sein hat.
‘Just Tetsje. En mei ik no ek noch in wurdmennich sizze? Wêr't elk sa syn easken hat, soe ik sizze, doch ik ek mar mei. Ear't wy nije wike oer de geboadens krije, soe ik ha wolle, dat jo dochter ris nei dokter giet. Dy lju sjogge soms mear as wy, it soe wêze kinne dat der noch neat gjin haast by wie. Ik wyt net, oft jy my fetsje. Dan...’
Ear't er de sin ôfmeitsje kin, komt se út it healtsjuster op him tafleanen mei in koekpanne fol snijde jirpels en wylst de daalderkes oer it foarhûs stowe, slacht se mei de frije hân nei de
| |
| |
man, dy't har tergje doar en wat slimmer is, dy't har trochsjocht.
Peke siket de klompen, blaast de bûthúslampe út, slút de doarren en stekt mei Max nei de buorren om by Doede in hapke iten te heljen.
|
|