‘Ik woe jo efkes sizze... astû faaks mienste datst ús allegear foarby kinste, dan bist fier en fier mis. Dû silst mâle skoan wite, wat hjir in skoft lyn by dy sels yn 'e hûs bard is, dû grutte skarlún! Dêr bin ik no earst efterkaam. Hat my dat bern der net dagen allinne mei ompakt! Foar har hiele libben hast dat stumper ûngelokkich makke. Nee, hoechst my net sa mâl oan te sjen, hja moat fan dy, smoarge stjonkert, in bern hawwe! Mar ik haw dy ien ding te sizzen, dit is sa net ôfrûn, dan kenstû Tet net. Tsjalling woe hjir fan 'e moarn fuort al hinne, sa troch alles hinne wie dy, mar ik sei, lit my earst mar gean. Dat ik haw dy dit te sizzen, dû silst it fanke nimme, al hoe't ik der tsjinoan sjoch, of ik sil it better mei dy besykje. En ek sa gau mûglik, ik kin wol gûle om dat earme bern! Dat wy dit noch belibje moatte fan it Doanje's folk! Hiene wy se mar nea op it hiem helle! Mar ik warskôgje dy, jûn bist by uzes en dan it ien of it oare, ik warskôgje dy, ik warskôgje dy!!’
Peke sjocht op. It is stil wurden, de boppebûthúsdoar slacht ta. Noch altyd by de kachel stiet er mei de trekpôt yn 'e hân. In lyts goatsje is de tute útrûn op 'e kachel en op syn broek, mar no earst fielt er, dat it waarm is. Hy set de tee op it pitsje en jit wat wetter by it tsjetteltsje.
Soa, dan is 't sa. En hy, grutte Olfert, hat lyk as altyd, op it goede stuit fansels gjin wurd werom fine kinnen. Dat it fuort sa wêze moast by dy grouwe tutte. Mar hja hat it wollen, hja hat it der op oanlein, dat stiet foar en boppe alle dingen by him fêst.
Kom, hy sil in stikje ite. It giet koart om 'e hoeke, it iene pantsje tee nei it oare spielt hy der troch en sadree it lêste stikje bôle behimmele is, blaast er it pitsje út, skoot it kachelslaad ta en stekt nei it bûthús. Foar fuorjen is it noch wat betiid, dat hy falt noch efkes op 'e bank del en stoppet.
En wat, as er har no ris net naam? Mei jild is it dochs altyd noch goed te meitsjen?
Mar nee, sa't er it tinkt stiet it him tsjin. Dus dan nimme! Soa, wie Tsjalling sa opsternaat, dat sil 't wol! Mar dan sil er harren jûn allerearst ris efkes fertelle, dat se it allegear lige, as soe it harren sa oangrize. Hoe âld soe it frommis wêze? Fêst fiif en tritich, nee, âlder.