Peke teart foar de safolleste kear it brief ta. Ynje, Amearika, Fryslân. Hy stekt de ute piip wer oan. Wist ik mar wat ik it leafste hie... Peke wyt it wol. Fryslân, mar Fryslân betsjut iensumheid, lyk as oeral te wrâld. Ien fan beiden, sei Seinstra, fuort of in wiif sykje. Ja, toe mar! En yn Ynje sit Mardjo, en hjir lizze Heit en Mem en hjir is syn lân.
Foar de safolleste kear komt hy der net út. Seinstra syn tiid moat no ek avensearje. Hy ferwachtet him noch al in kear.
Under de prakkesaasjes wei is er de skuorre ynstutsen. Dêr stiet in keal op in houten stâltsje, dat bist stiet meastentiids dwersferkeard op 'e stâl.
As it moarnier wat waar is, moast er mar wat hea ynhelje. Tsjalling hat de healep noch net werombrocht, dy hat it hjoed ek tige troffen, der hat suver gjin wyn west.
Wylst er yn 'e bitehoeke in pear delrôle foerbiten wat opsmyt en de kuorkes tichte nei de bûthúsdoar ta sjout, giet de efterdoar. Peke kin it yn it healtsjuster hast net skôgje, mar oan it lûd heart er it wol, grouwe Eke.
‘Binne jo hjir, Peke? Hjir wie de lep wer. It kaam Mem noch yn 't sin, de jonges binne beide net thús.’
Krekt leit Peke de bitesnijer oan kant; hja sjocht him no ek stean yn it tsjuster en set de lep by wat oar ark del.
‘No fanke, sa'n haast wie der no daalk net by.’
‘Dû woest hjoed of moarn oars ek ynhelje, net?’ Tsjin it byntsje giet hja oanhingjen en sjocht, hoe't er wat bitesturtsjes op 'e bult smyt.
‘Ja, it is hast wer op en dan kin ik middeis nei iten der net efkes yn delfalle, om it grouwe liif wat bekomme te litten.’
‘Soa, leistû dêryn? En leit dat nochal noflik?’
De lêste sturtsjes binne opsocht, Peke sjocht op nei it wibeljende frommis tsjin it bynt oan. Hja glimket en lit it grouwe efterein hinne en wer soeikje.
‘Dat sil 'k dy fertelle, fanke.’
Itselde stuit wurdt it him waarm yn 'e holle en slacht him it bloed troch de lea, hy sjocht it draaiende lichem en it laitsjende antlit: ‘Wolst ris besykje? Wacht, ik sil dy der ris ynsmite.’