get, foar te bliuwen. Strak op 'e tsjustere bûtenwei moat hy der fan ha.
Dêr 't de lantearns ophâlde, hâlde se yn en it kommende selskip wurdt moanne: Ofstappe. En dy achtsje it riedsum en doch soks.
Dan wurdt de Eanjumer ûnder it each brocht, hy hat him al in skoftsje slim misgien mei omgong te hawwen mei dat fanke: dy komt koart en goed oan in oar ta; en boppedat, yn alle gefallen is se te goed foar him. Hja wolle him dan ek út goederbêst riede en hâld dermei op. Kwea hawwe se net yn 't sin, mar hy wol no de oare kant wol útride?
‘Foar dat fanke wurdt soarge; kom hjir mar, leave!’
Mei beskermjende gebearten sil de âldste syn grutte earms om it frommiske hinne slaan.
Dat giet de earst wat skrutene Eanjumer dochs te stûf en hy ferkeapet de skaker in raam mei de fyts.
Dy nimt it guodlik op: ‘Toe man, moatte wy no earst lijen krije? Dan hastû it sa wollen, hear! Hjir fanke, net sa bluisterich!’
Hja ropt fan au!, en no wurdt it tinken mei Olfert. De fyts smyt er yn 'e berm en stoot op 'e pleager ta. Dy stiet him op te heinen, as hie hy der dagen nei útsjoen.
‘Hâld' Jim dy oare in bytsje oan kant, jonges. Nee, it sil my allinne wol slagje.’
Yn in omsjoch hat er syn tsjinstanner op in stienbultsje te pakken en tamtearret him moai ryklik, oan 'e lûden te hearren.
Peke komt in bytsje ta himsels: dit giet him te mâl en lûd ropt er: ‘Hâld op! Ophâlde!’
Mar elts minske, blykt him jitris wer, leit de saken út sa't hy se sjocht. Under it tapartsjen ropt de fjochter efterom: ‘Ja, aanste meistû, wachtsje efkes, ik bin noch net klear!’
Op dit stuit dat Peke syn winsk ferdúdlikje wol, komme der twa gleone fytsljochten fan 'e oare kant, it giet moai hurd en ear't de measten der op fertocht binne, steane se foar in pear polysjes, mannen dy't der sûnder folle wurden ynrame. De earste slach is foar Peke, de twadde foar syn maat en dan in hiele bringst foar de Eanjumer. De ferkearde kriget it meastal.