| |
| |
| |
[I.1.14]
Yn 't middelskoft hat Tsjalling fan Tet op 'e fyts by Bjinseom lâns west en sa oer Westergeast nei Harm-om en Hitsjemuoi op 'e Broek. It like fan 'e moarn neat net goed mei Heit, dokter hat der om in oere of tsien jitris west en dy sei ek, it âld boarst bejoech him. Fansels, men wist nea, hoe't in sterk gestel der wer boppeop kaam, mar oars, hy hie syn âlderdom ek net mear mei. Nee, oars koene se der ek neat oan dwaan, hy soe in spuitsje jaan en kaam faaks tsjin 'e jûn noch efkes del. Tocht dokter, hja soene de famylje warskôgje? Ja dat koe wol, dat wie miskien net ferkeard.
Al langer as in wike lyn is it eigenlik tinken wurden en Harm- om hat al in pear kear de loop hjirhinne makke en om 'e oare dei komt der ien fan Bjinse-oms. Fan Tette's rinne se de lêste dagen ek út en yn, Peke hast wolris wat te drok. Mar oars, hja binne ek wer ynskiklik, in drankje helje of sa, dêr steane se ek altyd wer foar klear.
By it bêd sit Klaskemuoi, wylst Peke yn it bûthús in toppe hea foarsmyt en dan wer mei heasiedfuotten hoeden it gonkje trochteantet om ris te harkjen. Hoewol't Klaskemuoi yn swier petear is mei Heit, kin hja it dochs net litte om eltse kear yn stil ferwyt har eagen gean te litten oer de smoarge fuotsokken.
‘Klaskemuoi, soe it net wat al te drok wêze foar Heit? Dan kin er jûns hast net in bytsje yn 'e rêst komme.’
Hja sjocht him oan mei eagen fan: jonge, astû noris heal wiste, wat dwaas praat ast haste, en swier fan wysheid lûke de djippe fâlden har yn 'e foarholle.
Peke kroasket nei it rút by de kast en sjocht út oer de winterske lannen, keal en deadsk yn 'e neidei. In wiete foarwinter bliuwt it, der is neat kaam fan 'e froast fan lêsten. Dêr koe Harm-om wolris de greiden oerkomme. Wat ek in gesjou foar sa'n âld man, mar fansels, altyd hielendal rinne.
‘Ik leau, Heit, dat Harm-om ûnderweis is.’
| |
| |
‘Allinne, Peek?’
‘Ja, hja sille sa om fuorderstiid net bêst allebeide fuort kinne.’
‘'t Is ek sa.’
In amerij falt Peke foar it bêd op 'e stoel del en alle trije binne stil, Klaskemuoi lit it petear sa'n setsje farre; Peke, hat hja al lang fernaam, is noch like fier fan hûs as earen en de âlde sjocht it net, hy sjocht it net. Hoewol, sysels stiet der soms ek noch sa raar foar.
Swier smûcht Heite âld boarst. Peke harket der in amerij nei en teantet wer nei efteren. As er de melkerij krekt reeset hat op 'e jarrekolk en de doar tadien, heart er klompen op 'e efterhústrjitte en Harm-om tilt de klip op.
‘Goejûn Peke, hoe is 't mei Heit, jonge? Dochs net folle slimmer wol? Ik sei tsjin Hitsjemuoi, ik mei wol daalk ôfstekke, sei 'k, mar it is dochs net slimmer, tink?’
In bytsje ûnrêstich kôget er op syn prûmke en knopet de buffel iepen, ûnwis en freegjend sykje de âlde eagen yn it rûn. De fierstente koarte boksen sitte lykwols noch fiks besmard mei blabze.
‘No, slimmer, slimmer! Harm-om moat tinke, Heit wurdt in dei âlder, dokter sei ek, it âld boarst bejoech him. Klaskemuoi is der, ik soe sizze, gean der yn, ik sil earst mar melke, dat moat dochs barre.’
Yn it al skimerige bûthúske stekt Peke de lantearne op. Efkes ljochtet de pit fiks op, mar gaueftich lûkt er wei, noch in wif flakkerpitsje, in gleon kopke... Peke skoddet der ris oan: leech. Mei de lusifers yn'e hân bliuwt er in amerij stean: as sa de libbenslampe fan 'e âlde ek ris leechbarnd wie, in lêst flakkerke en wei, wei... Dan soe hy hjir allinne stean yn it bûthúske, allinne yn it hiele hûs, allinne op 'e wrâld, allinne op 'e bank sitte, allinne it fee berêde en jûns allinne by de tafel, en letter... ja, letter! De âld stumper, dêr siik op bêd, hy is it dy't dit hiele stille bestean yn syn foegen hâldt en as hy der no ris ôfreitsje soe, wat dan?
De nijkeap grynt, Peke stekt hinne om de petroaljekanne, en op it amerrek jit er de lampe fol.
Hy fynt himsels earst werom, as er ûnder de earste ko sit en de bistjes rêstich plúzjen heart.
| |
| |
Under melken komt Tet der ek noch yn. Hoe wie 't, koe hja faaks noch foar it iten soargje of sa? Mar Klaskemuoi hat sein, dêr soe hja wol mei rêde. As Tet oars efkes sjen wol, Harm-om is der ek. Yn it gonkje moet hja Klaskemuoi lykwols al, en tegearre stekke de froulju it bûthúske wer yn.
‘Wat no, Klaskemuoi sil noch net fuort, wol?’
‘Ja, jonge, ik moat sa heal en heal foar tsjuster thús wêze, ek al om't Bjinse-om fielt him neat te goed. De kofje haw ik brúnmakke. Moarn komt ien fan uzes, as it in bytsje kin, in loopke del. Ik moat no ek oanmeitsje om it ljocht. No, jûn Peke, Tet giet safier mei?’
De doar falt ta en it lûd fan 'e kôgjende kij bliuwt.
Krekt as er boarne sil, komt Harm-om mei in pantsjefol kofje ynitbûthús: ‘Ik tochte, soest wol in bakje meie.’ En de âlde laket in amerijke oerdreaun.
‘Ik leau, ik leau, Peek, it falt wat ta mei Heit, net?’
Peke sjocht wol, de âlde besiket himsels moed yn te praten.
‘Tocht ik ek wol, Harm-om, hy hat ek tige syn trewis, dat Harm-om hjir wer is, wol 'k leauwe.’
‘Ja, ik sei ek, dêr moat ik daalk hinne.’
‘No, Harm-om kin mar tige kofje ynjitte.’
Hy laket lûdop en hellet it prûmke tusken de kiezzen.
‘Komst ek gau, tink?’
Peke makket dat er it spul fan kant kriget; as er de boarnamers op 'e kolk set, komt Max om hûs hinne suteljen, dy hat fêst de bouwen út west efter de hazze, dy't hjir tichteby sit. Mei in âld baalsek himmelt Peke him de poaten wat ôf en smyt him yn 'e gong. Dan skroevet er de lampe del en tegearre stekke se yn 'e hûs. Heit hat efkes slûge, mar skrillet ek daalk wer tewekker en kriget in hoastbui. Dy komme altyd noch al slim oan, dat dea-op falt er wer yn 'e kjessens del. Helpleas sit Harm-om der by en sjocht mei grutte ferhearde eagen om him hinne.
Peke jout Heit in snypseltsje swartsop yn 'e mûle en Harm-om nifelt, om ek wat te dwaan, oan 'e tekkens om.
De snijde jirpels steane op 'e kachel, Peke riert se om en leit it lekken oer de tafel. Harm-om yt fansels ek in hapke mei? Op 'e skoarstienmantel lizze in pear grutte giele apels fan Klaske- | |
| |
muoi, dêr skylt Peke Heit ien fan en snijt dy yn lytse fearntsjes. Mar der komt net folle fan iten, by de tafel hearre se him út en troch swier suchtsjen. Dan springt Peke oerein en sjocht ris: is der wat oan? Nee, allinne o sa ynein.
Wylst hja de tafel oprommelje, slûget Heit wer efkes yn, dat by de kachel stekke se elts in piip oan en dan set Peke tee.
Harm-om bringt ferslach út fan thús, oant Heit wer tewekker skrillet. Hy hat it yn 'e holle, soene se de foarholle net wat kâld meitsje kinne? Ut it reinwettersfet hellet Harm-om in grutte kûm fol wetter, Peke siket in skjinne skûteldoek út it kammenetslaad. Dat docht de âlde goed. In klamme wazem slacht harren oan fan it bêd. Heit is hjit.
‘Ik leau, Tede, soks moat der op 't lêst mei broeien út.’
Heit glimket tsjin syn jongere broer, dan glide de eagen ta.
‘Wytst noch wol fan Heite ferstjerren, Harm?’
Harm-om ferskikt wer wat, Peke jit tee yn, foar Heit ek in lyts bytsje mei in brout molke. De âlde liket him in bytsje better te fielen en moat sels wat opstuolle wurde en elts amerij ferget er Harm-om, om it iene of oare op te heljen út lang foarbye tiden, doe't Pake arbeide op 'e iest en by 't simmer in pear lepsens lân berêde.
En by it oantinken fan al dy foarfaltsjes glimket er stil foar him hinne.
‘Wat is in minskelibben op 't lêst ek koart, Harm.’
‘Och ja, mar dû kinst noch skoan in jiermannich te goede hawwe, Tede, yn dyn twaensantichst bist, net?’
‘'k Wyt net, Harm, wy moatte hjir allegear wei, jonge.’
In set is it stil, Peke syn tinzen geane nei it fiere Amearika, dêr sitte Hedzer-en-dy, en Hit, ûnwittend dat Heit hjir dizze selde jûn sa min leit. In wike of wat lyn hawwe hja noch skreaun, Hit-en-dy hiene der in lytse Tede by, allegearre wiene se tige sûn en as Heit krap siet soms, dan skreau er it mar, of oars wachte er mar oant takomme hjerst, as der wer sa'n goede simmer komme mocht, dan wiene Hedzer-en-dy fan doel oer te kommen in moanne of wat.
Wûndere oerienkomst fan tinzen: Heit ferskeukt ek; wol Peke him in deugd dwaan en lês him jitris Hedzer-en-dy's brief
| |
| |
foar? Harm-om hat it ek noch net heard. Stadich ûntsifert Peke it lêzen yn it healtsjuster foar it bêd.
Mei de eagen ta leit Heit te harkjen, it boarst giet.
‘It soe my o sa om dy bern muoie, as se net ien fan uzes weromfine soene; hja hawwe it der oars sa bêst, hen?’
De kachel wurdt minder. Peke set der in turf by, bûtendoar hellet de wyn oan. En hoe sil it mei Harm-om?
‘Hoechst hjir om my net te bliuwen, Harm, ik tochte, dat ik strak wol in bytsje sliepe koe.’
‘Nee, it liket my ek wol sa goed ta mei dy, ik moast oars jûn noch mar nei hûs ta, moarnier sitte se mei 't fuorjen en allegear. As wy moarn op 'e dei tegearre oars ris in loopke komme koene...’
‘Ja, dat is tige bêst, Harm.’
Mar Peke ornearret, hy sil Harm-om dochs mar it Jaachpaad delbringe oan 'e Dokkumerdyk ta, Tet wol hjir wol efkes komme. ‘Oant moarn dan, Tede, hen? Dû moatst dy mar sa gau mûglik deljaan, in goede nacht sliep, moatst tinke.’
‘Groetenis oan Hit, hear. Moarn mar ris sjen, hen?’
De âlde syn lûd klinkt wat ûnwis, Harm-om ferbyldt him soks ek en sjocht jitris om, mar no glimket er, it hat fêst sa net west.
Peke lûkt de doarren ta, ropt Tet en loadst Harm-om it smoarge hiem del, de Fjouwerreed lâns, nei it Jaachpaad.
‘It liket my dochs neat te rûm ta, Harm-om. Hjoed of moarn faaks net, mar ik wyt net, Heit is de lêste dagen feroare, tinkt my.’
Mar de âlde bokselt warber nêst him fuort en redenearret, it is him jûns stikken tafallen, as er mar troch it slimste hinne is, dit wiete waar docht him ek gjin goed.
Op 'e wei sjocht Peke Harm-om noch in amerij efternei; oant it lûd fan 'e klompen weiwurdt yn 'e jûn. Hy kriget noch in hiele reis.
Dan stekt er werom en is yn in omsjoch thús. Heimich jaget de wyn troch de keale beammen ûnder op it hiem. Nearne ljocht of libben, om him de iensumheid, de kleurleaze ferlittenens. Troch de blabze klabastert er it hege hiem op en stekt troch it bûthús hinne yn 'e hûs.
| |
| |
Jitris is Heit yn 'e dodde en Tet lústert, it is har bêdtiid, as hja fannacht help brek binne om 't ien of't oar, dan is it net mear as klopjen.
Fuort derop wurdt Heit ek wer mei in hoart wekker.
‘Waard Heit kjel?’
‘Ja, hè, krekt as foel ik sa mar in hiel ein, wêr is Harm-om?’
‘Ik haw him oan 'e wei ta brocht.’
‘O ja.’
Stil giet Peke foar it bêd sitten en hâldt de eagen op Heit: elts amerij is er wei en soms liket er in bytsje te dwyljen.
Yn 'e skoarstien boldert de wyn en hellet noch oan, in trochbarnde turf falt om yn 'e kachel. Op it swilkje derfoar leit de hûn te sliepen, it teepitsje barnt noch. Ryklik njoggen oere is it op 'e wekker. Tik-tak-tik-tak... Peke sit op kazernewacht, tik- tak-tik-tak... de lange, lange nacht, oant moarntejûn fiif oere...
‘Peek, Peek!’
Hy is mei in hoart wekker en faget him de flibe fan 'e mûle:
‘Ja, Heit, wat is 't?’
‘Ik wurd sa raar, sa raar, krekt as glyd ik soms wei.’
‘Sil ik Heit noch in kâlde skûteldoek op 'e holle lizze?’
In eang fermoeden komt yn Peke op, hy tinkt oan in iensum stjerbêd op in post yn Atjeh...
‘Oh, sa raar, Peke; it koe... wol nei... 't ein rinne, jonge... sa raar...’
Swier giet it âld boarst, soms wakkere wyld en ûnevenredich. Dan liket er wer wat by te lûken en slacht de eagen op.
‘Kin Heit efkes nei my harkje? Ik woe noch wat fertelle.’
Moast er no net tsjin 'e muorre slaan.. it folk warskôgje, dokter helje litte... hy twivelet...
Op 'e knibbels falt er op 'e stoel del, de earms op 'e bêdsplanke en deun by Heite ear lústert er de swiere bycht, dy't hjir gjin oare earen tatocht is: fan wat er ferswijd hat fan syn libben yn'e fierte... en fan Mardjo... trije jier ryklik is er no...
Sa bliuwt er lizzen. Heit syn azem giet koart en rêd. De eagen binne ta, skerp tekene lizze de blauwe ieren yn it antlit.
| |
| |
‘Is Heit der lilk om?’
Under de tekkens wei komt in ûnwisse hân en siket... en siket... en leit op 'e delbûgde holle. Op it bêdguod falle bittere triennen gear.
De hûn grommelt yn 'e sliep, troch de roaster falt der jiske yn it kachelslaad.
De âlde mûle ferweecht. Peke bûcht him.
‘Peek... moatst... de lytse jonge... hjir helje... hy... sil... foar dy wurde... watstû... foar my... wieste...’
In lange stilte folget: ien foar ien glide de minuten foarby... Is it libben der út?
Mar klear gean jitris de eagen iepen: ‘Ik moat... hjir wei... jonge,... nei Mem... en dû...’
‘Wat moat ik, Heit?’
‘... oanhâld... by... Harm...’
In klok slacht earne.
Dan ynienen mei ûngewoane krêft slacht de stjerrende de hannen út nei syn bern: ‘Peek, Peek!!! It wurdt... Hâld my beet!... Ik glyd...’
Yn in kramp knipe de hannen om Peke sines. Mar hja wurde stopper en stopper...
Oer it ynfallen antlit fan 'e âlde wurde de trekken mylder, benei ta in glimk.
Foar de kachel kriget de hûn it skrousk. Hy jout him oerein, skobbet de nekke mei de efterste poat. Spoekgûlend teantet er op it bêd ta.
|
|