‘Ik sjoch oars noch neat, ik bin ree mei ôfwaskjen; as ik dy helpe moat, seist it mar!’
‘Hjir net komme, kear de ljedder mar, ik sil sjen oft ik der ôfkomme kin.’
Hy avensearret de âld kolomkachel nei de râne fan it fal, giet in trêd of wat de ljedder del en hyst him op 'e rêch. Fuotsje foar fuotsje giet it nei ûnderen.
‘Pas op, pas op, heite, tink der om wêrst stapste!’
‘Ja no, stil no mar, dat gepraat jout neat!’
‘Ja no!’
‘Ja no.’
‘Sil ik him oankrije?’
‘Nee, bliuw Heit no foar de ljedder stean!’
‘No jonkje, dêr tink ik wol om!’
Noch wat ergewaasje en kibberaasje en de kachel stiet goed en wol yn 't skuorke. Peke stekt hinne om 'e pipen. Heit siket in nije earmtakke út it leech bêdsteed.
De pipen sjogge der rare roastich út.
‘Heit koe it spul wol net yn 't fet set hawwe ferline maaie.’
‘No jonge, dat koe der wolris oan hân hawwe, ik moat sizze, dat stiet my net sa goed mear foar.’
It poetsridskip moat byinoar fandele wurde en tegearre sille se der efkes oer gear. Mar der komt mei Heit net safolle fan, de lea docht him sear, in hûdfol kjeld en dan dat krûm stean! No en dan sjocht Peke him hjir of dêr delfallen, hy fielt him fêst neat te alte. Peke hat wolris wat noed mei de âlde, nachts hoastet er gauris en dan sit er skoften oerein op bêd. Mar Heit seit, dat hat er alle hjerstmis.
Der moat yn it bûthûs ek noch ien en oar yn oarder brocht wurde en dat bedoktert de âlde no mar wat. Peke stiet yn it skuorke te poetsen dat er stint. Heit pandert ôf en ta, bûtendoar tsjirget de wyn him om 'e húshernen. It wurdt tiid dat de bistjes op 'e stâl komme, hja ferlieze hurd. Strak net te let teedrinke en dan giet Peke foar melken hinne om it spul, yn twa reizen kin er it allinne wol dwaan. Mar al riddenearjend fernijt Heit, hy is wol fan doel om mei. Wat soe dat allinne wurdich wêze, de bistjes steech en allegear! Wat, kjeld skypje? Binnendoar kriget