Peke Donia, de koloniael
(1993)–Nyckle J. Haisma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 55]
| |
[I.1.10]Heit hat der in skoft tsjin oan hongen om noch in ko der by. Jonge, in winter wie sa lang en as der gjin genôch hea wie, dan rûn it der sa yn mei byspul. Dat hja hawwe gâns twadde sneed wûn en no earst, no't hja yn 'e neisimmer noch folop yn 't gers sitte en oermjitte hea oan 't blok hawwe, lit de âlde it ear der nei hingje. Peke hat it dochs al lang op 'e hûd nân om in reis nei Ljouwert ta foar 't hja mei it lânwurk begjinne, dat hy sil dan mar ris op 'e merk sjen wat in goede simmerkealder jildt. Sadwaande stiet er dizze freedtemoarn hjir foar op 'e boat. Hy hat it jild wol yn 'e bûse, mar it is lang net fêst, dat er mei in bistje thús komt. Lange Sjolle, dêr't Heit dan wolris saken mei docht, soe ris mei him omsjen, hoewol, in man de Mitslewierster kant út hie oars ek in geskikt bistje te missen en út 'e kunde, dat giet der op 't lêst mei, allinne, dy sit in bytsje heech yn 'e beam. 't Is hiel wat oars as jierren lyn. Doe wie eltse freed de boat fol. No leit in hinne-en kninekeapman ûnder te sliepen en sit der in âld boer op, dy't it oan 'e mage hat en nei Ljouwert moat om der mei te masterjen - en hy hat noch nea earder fan hûs west. De einleaze rigen greiden skowe stadich foarby. Sa yn 'e kâlde moarn liket it al knap hjerstich. Wol is it Fryslân. Dochs kin dy iensumens en stilte op sa'n stuit Peke oanfleane en dan moat er wat ferdivedaasje hawwe; dan buorlet de ûnrêst wer op yn syn hert. Hiel inkeld ris. Sa lyk as no, no't yn it twivelige moarnsljocht de pleatsen ferlitten mids de lannen lizze, it fee wat skrousk omstrúnt en in molkskouke yn 'e le omdobbert op 'e baar fan 'e boat. Hy ferwachtet dat Seinstra ek yn 'e buert fan 'e merk tahâldt; teminsten hy hat skreaun, dat wie sa freeds har ferdivedaasje. Dat as hja op 't lêst oanlizze, sjocht Peke al wakker om him hinne, mar Seinstra syn reade kop is earst nearne te finen. Net | |
[pagina 56]
| |
dat er him by it hanneljen brek is, mar hy hat sûnder kleare reden fan 'e moarn ferlangst nei syn âld maat. Krekt as er yn bestân stiet de merk op te stekken, heart er roppen: efkes hat er nedich om yn 'e man yn boarger mei in nije platte pet op syn âld freon wer te kennen. ‘Donia, man, ik wist datst komme soest om âlde Seinstra op te siikjen. Mar jonkje wat hast dat bierke yn 'e iiskast lang wachtsje litten! Ada baik?’Ga naar voetnoot1 De man is net allinne. Hat Peke al kennis makke mei Drenth, Siger Drenth? Dêr hat Seinstra it ommers wolris oer hân. En Peke giet no fansels allerearst mei. Wat, in ko besjen? Dat kin strak noch wol, sels folle better tsjin it ôfrinnen fan 'e merk. ‘Jim kinne my noch folle mear fertelle, âlde rinteniers! Ik gean earst de merk op en eigenlik wol 'k Jim net ienris mei ha te donderjeien.’ ‘Donia, Donia, dû bist de âlde net mear. No gjin praatsjes, jonge, dit wersjen moatte wy earst efkes bedrinke, n't Drenth? Wier heite, wy hawwe in tjapGa naar voetnoot2 bier rûn! Nee heite, nee, kom mei!’ Peke grommelt noch wat, fan dat kin hjir deunby wol barre, mar nee: hoe komt hy der by? Dat is hjir gjin spul; it is ek net sa fier ôf, wier net! Dat hja stekke efkes werom en belânje yn in drinklokaaltsje yn in efterútstrjitsje. 't Is op 't lêst ek noch net sa let. De kastlein is oan it feien. Oft hy der fuortynienen mei ophêlde wol! Foar it rút sit immen oan syn moarnsbierke, hy wurdt Peke foarsteld as Koert Hikker, Amsterdammer fan syn hantwurk. ‘Nei, dat is frekte flauwe kul, ik... hik... heit...’ ‘Och fint, wat kin Donia dyn namme skele? Datst fan adel bist, sjocht er sa dochs wol, wat dochst hjir sa betiid?’ It docht bliken, de man is der op útset nei de Skrâns om in âld motorfyts op te keapjen en doe't er hjir dochs lâns kaam, no ja... Mar Seinstra en Donia falle efkes tegearre by in taffeltsje del. | |
[pagina 57]
| |
‘Hoe is 't mei dy, keardel? Dû hast fan 'e moarn ek al wat hân, tinktmy, net?’ No ja, Donia hie oan board wat naam foar kjeldfetsjen en út ferfeling. ‘Dat it smakket dy noch wol. Jonge nee, heite, ik haw it hjir sa nei 't sin... wacht, earst efkes bestelle... jonges, jim ek mei, hen? Ien, twa, trije, fjouwer, ja fjouwer Stout.’ Jitris giet it op in noflik byskikken en dan folget it ferhaal. It wurdt lykwols moai ryklik lang, dat der geane in bierke of fjouwer mei fuort en it ûntkomt Peke in bytsje. ‘Ja, Donia, en hoe hastû it hân? Thús goed mei de âld man?’ Peke besiket op 'e tekst te kommen, mar, it is frjemd, hy kin it min foarinoar krije en it draait iderkear wer út op dy beroerde lange Sjolle, dy't Heit okkerjiers mei in twinterrier ferrifele hat. Dan ynienen hawwe hja it oer Ynje: hoe is dat sa kommen? En Koert wol fuort, dat it kostet Seinstra wol in wurd of tsien om him te bepraten. Hja hawwe ommers noch net iens in ôfsakkerke hân! Fuort dêrop komt Drenth op it idee, kinne hja net better in flesfol helje en brûk it ôfsakkerke thús? ‘Ja... bai main... hik... thuis, as jullie... hik... frek... hik... der niks op t... teuge hebbe.’ ‘Astû dan soargeste, dat wy der wat by krije te iten; Donia hat noch neat hân.’ ‘Dan mot je main... hik... waif niet k... kenne.’ ‘Man, wa soe dy it bêste kenne?’ Seinstra jout Peke in dúst en hja laitsje. In pear grutte strjitten troch in drankwinkel yn, dêr't Peke perfoarst de flesse betelje wol, en fierder giet it, de efterstrjitten lêns. ‘Tinkt dy ek net, Seinstra, dat it hjir beroerde min rint, folle minder as yn Ynje, en it hat fan 'e simmer ek stomme hjit west.’ ‘Ja, soesah, Donia, soesah, dat is it wurd.’ ‘Ja, en wytst wat it is, Seinstra? Jûns, dan... e... jûns, jûns, dan... e...; wat sei 'k ek hast, jûns dan... e...’ ‘Ja, dat is sa, Donia.’ | |
[pagina 58]
| |
Foar de safolleste kear stroffelt Peke, mar ferhellet it oan Seinstra syn earm. Dan wurdt er freonskiplik: ‘Seinstra, ik ha 't al sjoen: der binne twa kanten oan 'e saak, twa plakken lân, ien by Harm-om op 'e Broek en ien op 'e Syl by it fjoerwurk. Want Sjolle, dy beroerde lange Sjolle, dy hat, Seinstra, dat silst my meistimme, ik leau net iens dat er it measte ferstân hat fan kalve kij, fan..'e... gelde bedoel ik, sa geseid fan let ôfkealle dan.’ De oaren wolle har al laitsjende ek yn 'e konversaasje minge, mar Seinstra seit: ‘Hâld jim de toet!’ Mei har fjouweren bliuwe se dan stean. Koert kriget in hikbui en Seinstra slacht Peke op it skouder: ‘Hen sobat,Ga naar voetnoot1 wat hast hjoed dyn draai, net? Kom jonges!’ Yn in sydstege fan in sydstege is Koert syn saak; it is op 't earste gesicht min út te meitsjen, wat it net en wat it al foar in branche is. Mar haadsaak is, de saak is te lyts foar de saak. It wiif fan de man fernimt, it plan is om de treppen op nei har gerjochtichheid en in bui fan net sokke foechsume wurden komt fan boppen, folge fan de sprekster sels en Seinstra moat har gâns in skoft de rêch kardzje, ear't hja foar it ferstân hat, dat dit net in gewoan alledeisk gefal is. Dan lit hja it fjouwerspan foar har opgean. Sa'n ûnfoege trep hat Peke fan syn libben noch net sjoen, is dat ek in ding! Men skopt oeral tsjin oan en glêd! Dat hy rûgelet op 't lêst noch in trep of wat nei ûnderen, dêr't it frommis him opheint, fiks by it baitsje nimt en wer nei boppen stjoert. Mar de stuollen sitte noflik en der binne ek romers yn 'e hûs. Sa'n flesse is oars gau leech, it is ek ien stik boaiem. Soene se oars noch net in flutske helje? Peke taast al wer nei de binnenbûse: hy sil wol efkes, is hjir yn 'e buorren sa'n saakje? Mar like hurd falt er wer op 'e stoel del: hè, nee, it rinnen wol dochs net rjocht. ‘Gain wonder auk, dy... hik... arme drommel heb... | |
[pagina 59]
| |
noch... ni... niks gefrete auk; lâ main maer effys, ik... hik... tegelaik wat hartichs.’ Wylst Drenth foar de safolleste kear fertelt, wêrom oft er eigentlik foar syn tiid op pinsjoen kommen is, komt der noch in jong frommis de trep op. ‘Gut Marjan, treffe jou dat efkes? Mut je sien, wat fur 'n stel kerels ik op myn dak kregen hew.’ ‘Oh da's niks, kyn, dy hewwe we su maar klein. Hè, Seinstra, ouwe stinkfent, bistou daer oek, kenst my noch wel?’ ‘Kom mar by my op 'e knibbel, fanke, dan sil 'k ris sjen.’ Gâns in skoft skommelt it op 'e trep, dan rekket de doar op en Koert komt der yn mei in flesse en sâlte hjerrings. De lêsten komme op it kastje te lizzen, strak mar! Seinstra jit yn, Marjan siket om in romer en as har dat net slagget, wipt se Seinstra sines mar efteroer. Drenth ferfettet syn ferhaal en steurt him der net oan, as Marjan him hjit, syn snaffel ek ris te hâlden. Hja siket in hinnekommen yn it hoekje fan 'e âld kanapee, deun by Peke syn stoel, glimket him freonskiplik oan en hellet de flesse in bytsje dizze kant út, hja sil wol mei Donia út 'e selde romer drinke: wol sa leaf as mei dy âlde Seinstra. De konversaasje fersplinteret, Peke siket it geande te hâlden mei syn buorfrou, dy't syn stoel wat oanlûkt: ‘Kom hier 'n bitsje ju! Dan ken 'k myn foeten wat op jou stoel legge hé?’ Peke laket en set syn hân yn har rûch bosk hier. Hja lit it stil gewurde. Efkes letter lûkt hja him nêst har op 'e bank; noflik lit er him glide. ‘Wel, allemachies, hier... hik...' gain flauwichheid in main huis, op de... hik... klaarlichte dag, hé? Vanavond dan... hik... ken je je gang gaan, as je maar 'n paar... flessen mainaimt foar main, dan doe... hik... ik main auge wel dicht.’ ‘Mar nou as de wearlich myn hús út, 't is warimpel su twaelf uur en ik hew nog gien pest deend, asjeblieft!’ En it frommis set wolsprekkend de hannen yn 'e siden. H'm! Mar earst oer de hjerrings gear fansels. Dêr fielt Peke him tige fan opknappen. ‘Donia, no giest mei my te iten!’ | |
[pagina 60]
| |
‘Baik, toean!’Ga naar voetnoot1 Mar Peke bringt it net iens oan 'e trep ta. Drenth moat him hâlde, dat der kin neat fan komme. ‘Stop 'm hier maer 'n poaske in bed, ju; dy stumper dy ken su niet met.’ Dat de skuon út en de jas en yn in foech alkoof rôlet er yn it ledikant, dêr't er oan it snoarkjen slacht, noch foardat Marjan him de bûsen neifield hat en de manlju de treppen ôf binne. Syn lofterhên taast, taast nei it rûge hier fan in jong frommis, dan laket er en snoarket wer.
De molke stiet al in skoftsje op it stalt; oars is de boat hjir wol gauris om distiid, dat Heit pandert wat op 'e dyk hinne en wer, it jûk skean oer it skouder, de amer yn 'e earm. Hark, dêr koe er wolris floitsje, noch mar efkes wachtsje. In setsje letter komt efter de hege reiden de boat oangliden. It is altyd in hiel krewei om der hjir in bistje út te krijen, dat it sil de âlde ris nij dwaan oft er ek merke hat. Wat no, sil er net op it stalt oan? Dy jonge is der dochs net by Visser's stalt ôfstutsen mei it bistje? ‘De soan sit der net op, Donia, ek gjin bistje!’ ‘Hoe is 't no?’ ‘Alde kunde fûn yn 'e stêd! Miskien komt er mei de bus, de boat faaks fersitten!’ In pear boatslju laitsje. Efkes sjocht âlde Tede de boat oer de reiden nei; stadich sjout er de kant út nei hûs. ‘Wat no, Tede, de soan net weromkaam?’ ‘Nee Tsjalling, nee. Hy hie it der al oer, hy woe efkes by in goekunde oanrinne. De tiid is him faaks ôffallen!’ |