wyt gjinien it krekte fan. Dat sadwaande leit hy der by de measte lju út en hja sjogge him mar wat skean oan, as er nei tsjerke ta stekt: sa'n man!
En is 't no net kluftich, krekt dy âlde Tede moat fansels omgong mei him siikje: wat men dêr no krekt fan tinke moat? 't Is nuver folk, dat Donia's folk, âlde Tede syn heit hat ek raar mei de holle west, mei de âlderen noch wol tinke. Dy wenne de Wâlden del doe. Ryk komt sa no en dan jûns wol oan 't Heechhiem ta kuierjen, dat hy wyt al ien en oar fan Peke ôf. As grut jonge kin er him him ek noch foarstelle.
‘En is Peke noch by syn foarnimmen bleaun om net wer by te tekenjen?’
Heit glimket lokkich en tefreden: ‘Ik lit him der hielendal frij yn. Mar hy hat it no ienkear sa op 'e hûd.’
‘En dan oan 'e stúdzje, jong?’
‘No, kalm oan, Ryk. Fan 'e winter ris begjinne yn 'e liddige tiid. En ik woe der yn alle gefallen it wurk net foar stean litte. It komt op in jier ek net oan. Ik haw it sa skoan nei 't sin.’
Ryk hat ek it ferhaal al heard fan Van Clifford yn Atjeh, dy't Peke oan 'e gong holpen hat mei de boeken en dêr letter op syn iensume post stoarn is.
En skoalmaster is dan it doel? Dat hat dy Van Clifford earst ek west, hat Peke him ferteld, net?
‘Ik hoopje, jonge, dat it dy slagje mei. En dan setst dy mar earne rêstich del, dat giet der mei, Peke. Moatst mar net wer oan 't swalkjenslaan, as itte lang duorret, komt derneatgjingoeds fan.’
‘Jo hawwe jo oars sels mar min deljaan kinnen, Ryk.’ Heit sjocht him ris oan en glimket.
‘Ja, Tede der is mei my neat mear oan te dwaan, sa no en dan fljucht it my mar oan en dan stek ik wer ôf. Mar net dwaan, Peke. Dit liket my skoan ta.’
Dan leget Ryk it grom út syn lidsje, lit him wer by de kant del glide en kloetet fierder.
‘Ik haw sa ris tocht Heit, wy krije safolle winteriten, der moast foar de neisimmer noch in melkbistje by. As wy dan takomme jier wat oars krije kinne of noch in stikje lân derby, dan sitte wy daalk wat better yn 't fee.’