De man komt, in sigaar oan. Ja? Wat wie der?
Oh, no seach de man it earst, Donia! Ja, wat wie 't?
Hy woe dûmny efkes dei sizze, en him wol efkes sprekke en syn doopbewiis oerjaan.
Oh, just, ja. Ja sjoch, besite, mar oars moat er mar efkes mei komme. En dûmny loadst him de gong troch nei de gewoane deiske keamer en biedt him in rjochte stoel oan. Sels falt er efkes op 'e hoeke fan in oarenien del en bestudearret it doopbewiis. Soa, noch dooplid. En hy taksearret Peke ris. Dan seit er fan: Hm! Hy hat soldaat west yn Ynje, as dûmny it goed hat? Wat woe er noch freegje? En Peke begjint him út te lizzen, dat er fan plan is, om as it koe der noch wat by te learen, mar hy soe der wol wat help by hawwemoatte, hy tochte, faaks koe dûmny him ried jaan.
Mar de hoeder skeukt wat ûngeduldich op 'e sitting om; soe hy der net ris op in dei oer komme te praten? En boppedat, dêr siet dûmny fansels ek net yn.
Tagelyk makket er risselwaasje om wer oerein te gean, betsjuttende dat it gesprek is, wat him oangiet, dien. Tegearre stekke se de gong wer yn. Hy sil de man, dy't deroer giet, wol stjoere om oer de bydrage foar de tsjerke te praten. As er de doar iepen hat, komt it him ynienen yn 't sin, hie Peke ek smoke wollen? Oh nee?
In hân en de doar falt ta; it grint knapt Peke ûnder de skuon.
By Doede's ha se krekt it earste pantsjefol tee op, as Peke troch it stekje komt. Doede skoot de bril op 'e foarholle:
‘Dûmny hie saken, tink?’
Hiltsje hellet in skjin reauke út 'e kast: ‘Kom der mar gau yn, jonge, de tee is noch nij.’
Oan skraachwurk seis oere ta sitte se efter de bloeiende geraniums en beurskeblommen te redendielen. As de earste jongfeinten de buorren del begjinne te panderjen, snijt Hiltsje him in pear timpen bôle en allinne sakket er ôf foar it twadde eksperimint dizze dei.
Hjir en dêr hinget in keppeltsje jongfolk om, net hastich om op dizze moaie simmerdei it rikkerige lokaal yn te tsjen. De âlderen nimme gjin notysje fan him, inkelden hat er hjir earen kend, mar in âld freon is der net by, de iennichste dy't er ea hân