Under iten sjocht Muoike kâns om Omke mei syn miedepraatsjes efkes út te skeakeljen. Hja húsmanje dêr noch altyd tegearre om?
Peke jout útlis, hoe goed as Heit spek briedt en kofje makket en aaisiedt. In dûbelsinnich glimke komt om Muoike mûle, Omke aait syn sikje: ‘Soa, soa, soa. .. ja, soa!’
‘Mar moat dat no hast net oars, Tede? Dat is no ommers sa neat wurdich. Ik haw sa wolris tocht, Tede, ja wier, dat ha 'k wolris yn my omgean litten, is al dat gepiel om in pear sinten wol yn oarder? Jonge, Mammon leit altyd op 'e loer en it wol sa graach in oardiel wurde ynpleats fan in foardiel. Fansels, jimme moatte it sels wite, mar...’
‘Fansels Klaske, fansels, ja fansels fanke. Nee, ik wyt hast sels noch net, Bjinse, hoe't ik oan sil mei dat Jaachpaad. Ik tink, it measte mar mei de mesine en de omkanten mei de seine, 'k wyt hast net...’
Dogge hja it harren noch oan tiid om wat tee?
‘Wy moatte der al om tinke, Peke, om noch efkes troch de buorren om dy foarken by de timmerman, dat net te let, hen?’
Mar Muoike hat de trekpot al lege en rommelt gau de tafel op. Omke hellet in kistke sigaren fan it kammenet en hja stekke oan.
As de reek troch de keamer kronkelt, it teepitsje noflik skynt en bûten it ljocht minder wurdt, lit Peke in wurd of wat los oer syn libben dêrjinsen, mar as Muoike foar tinken opnimt, wat as grapke bedoeld is en Omke elts amerij in sydpaadsje besiket te finen nei de buorkerij, dan wurdt Peke ynienen wer de swijsume fan altyd, blaast reekrinkjes en harket ôfwêzich nei it petear. Oer de fjilden strykt de dize, it teepitsje ljochtet klearder en klearder.
Nei it tredde kopke keare se perfoarst om, it wurdt tiid. De âlde lju rinne in pear stappen mei en wurde dan wei yn 'e dize. Earne yn it fjild strykt noch in stalfuorder de seine om gers foar de oare moarns.
In jongfeint sjit harren foarby op 'e fyts, in arbeider mei in pear doeken oan it stjoer, nei de buorren west om boadskippen. Dan is it in skoft stil. Mar tichter by de hoeke, hja hiene