Heit leit him út, it oare is noch net op, mar dat kin it jongfee wol wat beplúzje.
It falt Peke op, âlde Eppinga folget deselde taktyk as safolle oaren, dy't er yn syn ferlof troffen hat. Hja nimme sa't it liket gjin notysje fan him, mar wacht mar: sa strak by har noas lâns begjinne se.
De kij begjinne mei gauwens te plúzjen. Peke beplakt de hikke wat foar de peallen, dy is wat wrak. Heit kôget in raai en ûnderhâldt in hoeden praatsje mei syn âld boer.
Dit wie dus de soan: wat in ein keardel hen? Heit soe grif in protte geriif fan him ha. En hoe hied er it nei 't sin hân? Der soe ek wol in sintsje oersparre wêze, tocht him? Hy hie teminsten wol ris heard, Ynje wie in ryk lân.
Neffens stille ôfspraak giet Tede noch Peke der op yn.
Hy hie Peke alris yn tsjerke sjoen, net? Wie it him ûntkaam, dat Peke yn tsjerke ôflêzen wie? Nee? No, fansels, it wie wol wizânsje, sa gau mûglik de attestaasje te besoargjen, hy wie dochs lidmaat? O nee? Swijend sjocht er âlde Tede oan: is der spot yn dy âlde eagen?
‘Ja, ik hie mar sa frij west om se efkes oer jo lân te heljen, boer, it is sa noflik.’
Eppinga stekt de hannen djipper yn 'e bûsen, lûkt de skouders op en snúft:
‘Ja, Tede, sjoch, dat is fansels gjin reed en sageseid, ik haw der ek net safolle beswier tsjin, sa net, mar op 't lêst, it is gjin reed. Salang as jo allinne wiene, gie dat sa, mar oars, no't jo soan thús is, och dy is jong en fluch. Ik soe sizze, no moatte wy der mar gjin gewoante mear fan meitsje.’
Efkes sjocht Heit ferheard op en wol hast noch begjinne te pleitsjen: it is sa ôfhandich. Sadwaande sjocht er net, dat Peke it bloed nei de kop flein is. Dy hat dy âlde lammeling nea lije meien en wrychtich, de earste de bêste kear... En tagelyk lit er it him ûntfalle:
‘Och Heit, lit dy frekte âld keardel yn 'e stront sakje, wy binne him dochs fêst net mear brek!’
Ferheard snúft de boer troch de noasters. Wat wie dat? It giet Heit ek hast botternôch, mar syn lilkens wint it en hja reitsje