Peke hat syn koffer al nommen en rint de strjitte oer: ‘Heit, Heit! Hjir bin 'k al!’
Ferbjustere sjocht de âlde op: wat is dit?
‘Wel, wel jonge, bistû dêr? Hoe is 't mei dy, ik hie dy hielendal net sjoen.
Wel, wel!’
De âlde eagen nimme him op fan ûnderen ta boppen, de piip trillet tusken de bibberjende kaken.
‘En wat bist feroare jonge, ik koe dy hast net mear. Och, och, en in goede reis hân, hoopje ik? Bist goed sûn?’
‘Ja, alles bêst. Mar Heit soe de reis der ommers net om makke ha!’
‘Och jonge, it wie sok moai waar en de drokte is noch net oankaam, ik tochte, ik stek mar hinne. Oan it Jaachpaad ha 'k in fikse stôk fike en op myn gemak bin ik hjirhinne gongele.’
‘Dus, Heit is ek noch hielendal rûn!’
Mei grutte leafde nimt Peke it lytse mantsje dêr foar him op: de duffel oer in skjin blaukile hinne, it lange grize hier hinget ûnder de swartsiden pet wei op 'e krage. Mar wat is er rûngear wurden, wat is er rûngear! In ferarbeide lea. Mei in wûnder blide glâns sjogge de âlde eagen him oan. Heit!
‘Ik bin bliid dat ik thús bin, Heit!’
‘Och, jonge, ik bin ek sa bliid, dat ik dy wersjoch. Wat soe Mem bliid wêze, as se dit noch belibje meien hie.’
‘Mar dat hat net sa wêze moatten, Heit.’
‘Nee, dat hat net sa wêze moatten, jonge.’
Swijend steane Heit en soan in amerij byinoar.
‘Wat sjochst der kreas út, ik hie oars al jild yn 'e bûse foar dyn nije klean. Moatst noch net wat hawwe? Wy binne no te Dokkum.’
‘Mar wêrom hat Heit jild meinaam? Dat moast Heit net dien ha, ik ha sels genôch by my.’
‘Ei ja jonge, mar ik tocht, dy djoere treinreis, en dat jild lei der al lang. Mem hie it foar har ferstjerren al foar dy efterútlein. Nee, dat is foar dy.’
‘No, dêr sille wy it strak noch wolris oer ha. 't Is ek sa, hjoed woansdei hen? Ja, ik moat oars al it ien en oar ha, wat ûnderguod en deiske klean en klompen.’