Peke Donia, de koloniael
(1993)–Nyckle J. Haisma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 5]
| |
[I] Paad Oer 't Hiem
| |
[pagina 7]
| |
[I.1.1]Dinderjend jaget de middeistrein de Swolster kant út wei op Fryslân oan, sûnder de lange rige fan lytsere stasjons acht te slaan, lyk as in snel foeget. Stienwyk is er al foarbyskood, noch in amerij en de rails lizze op Fryske grûn. Yn 'e hoeke fan 'e trêdeklas kûpee, rûngear fan it lange reizgjen, sit Peke Donia en stoarret swijend troch it iepensteande rút, mar syn eagen sjogge neat, wurch fan fierstente folle. Justermoarn binne hja te Marseille yn 'e Lloyds Rapide stapt, dy't har yn tongerjende gong troch âld Jeropa brocht, op hûs oan, elke sekonde tichter. En har eagen dronken it allegearre yn, oant mar krekt foar Parys de koarte simmernacht foel. Dan, ier yn 'e moarn wonken de Belgyske fjilden yn in tsjoen fan moarndize en as in einleas lange film is alles harren sûnt wer foar de eagen lâns sketten. Unwêzentlik is no it betinken, dat Fryslân, Heite hûs, Memme grêf, sa deunby binne: wat jierren en jierren sa ûnberikber fier úf wie. Peke knippert mei de eagen: it wol noch net yn him del. Oh, wat binne syn eagen oan ein. It is in oere of ien twa op 'e dei en prealjend stiet de maitydssinne boppe wrâld en bosk en wide griene miede. ‘En Donia, hoe fielst dy? It sit der no wrychtich hast op, jonge!’ Seinstra leit op 'e rêch op 'e lege bank; hja hawwe de kûpee tegearre mei in krantelêzend hannelsreizger. Peke grutet wat; mei nije ynspanning stoarje syn mêde eagen ta 't rút út: hja moatte hjir sa om ende by op Fryske grûn wêze. ‘No, wer sitst oer te mimerjen? Of hast no al wer ferlangst nei de klappers? Dat is wat al te gau, heite. En hast ek noch wol sa'n kreas Jeropeesk pakje oan. Mar tochtst soms, dat Seinstra strak net kreas by C. en A. ta de doarren út kaam?’ Yn syn âld Yndysk soldatepakje leit er noch altyd op 'e bank | |
[pagina 8]
| |
en rôlet in sigaret. Mei de fuotten skopt er omheech om it bagaazjenet te reitsjen, oant er heal omkantelt en de reizger syn bokse rekket. ‘Meneer, mag ik U belééfd verzoeke...!’ ‘Nee, 't mei net. En Donia, wytst no wol fêst, datste strak net efkes mei âlde Seinstra Ljouwert yn stekste? Ik wyt oars sa'n noflik plakje om in kâld bierke om te wippen, jonge! Teminsten, dat wie sa in jier of sân acht lyn. Tsjà, al wer hast in krúske âlder as doe't ik hjir de lêste kear lâns kaam, Donia, en no giet Rikus Seinstra foargoed, ôftanke spul, jonge, in âld koloniaal. No is 't wachtsjen op Hein... apa boleh boeat.Ga naar voetnoot1 Toe slûge, wêr sitst sa nei te sjen? Sis ris in bekfol.’ Peke glimket wat om syn âldere maat: ‘Sei, Seinstra, binne wy einliks al yn Fryslân?’ De grouwe riist oerein en kringt yn 'e oare hoeke: ‘Net om 't iene of oare, mynhear, mar besprutsen is besprutsen, hen?’ De reizger hat genôch fan dit rapalje, stoppet de krante yn 'e tas, slút de boel ferheftich ta en stekt troch de doar nei in oare ôfdieling. ‘Fryslân, seiste, Donia? Earst ris prakkesearje, jonge. Wol man, al lang. Men kin oars sjen, datst foar de earste kear mei ferlof biste, heite. Op myn jierren sjocht men nei sokssawat net mear. En Donia bist no wierwier fan doel net wer by te tekenjen? Dus dan in kreas wyfke sykje, in pear kij op 'e stâl, in lepsen of wat bou en dy deljaan, tochtste? It liket my neat te goed ta, heite. Jonge, harkje no nei de rie fan in wolmienend freon en begjin der net oan. It liket allegearre tige moai. It wyfke, dat sil ek noch wol gean. Mar man, dû bist der út. Wier dû bist der út. Sjochst Fryslân net werom sa ast der útgien biste. It lân faaks wol, mar de minsken net, want dû bist sels oars wurden. Nee hen? No, wy krije it der noch wol ris oer.’ Hy flybket ta it rút út, rôlet in nije sigaret, stekt oan en bûcht him mei in earnstich gesicht nei Donia oer: ‘Wier heite, wy dy't der ienkear út west hawwe, fine nea en nearne wer in thús. | |
[pagina 9]
| |
Faaks silstû dy wol wer op dyn plak fiele, mar foar de minsken bist in frjemdenien wurden, ien dy't der net by heart. En dan ha se it oer: by jimme yn Ynje. En ier of let swalkest wer neiJan East, leau my mar. Goed, no trouste strak, woest dat frommiske dan meinimme? Wytst sels wol, dat rint op neat út, fral tsjintwurdich mei dy stadige promoasje. Sa'n bern hat yn Ynje ommers gjin libben. Ferdikke man, byn dy net. Stek skielk werom; dû sikest dyn âld húshâldster wer mei de lytse jonge, Mardjo hiet er, seist net?’ Dan stekt er ynienen de kop troch it portier: ‘Wat, binne wy al op 't Fean? Wacht, wytst wat? Ik helje efkes in pear bierkes, ja? Sûnt Swol ha wy neat dronken, wol? Wy kinne it net jonger dwaan, no?’ Meidat de trein stil stiet, is hy der út. Peke sit stil te sjen nei it hinne en wer gefottel op it stasjontsje en harket glimkjend nei it gemoedlik Frysk petear lofts en rjochts: Fryslân! Hy hat der net iens erge yn, dat de kûpee folrûn is. Dêr is Seinstra ek mei de fleskes. ‘No Donia, jong, dêr giet er!’ Yn in omsjoch is it ferarbeide. ‘Mear smaak oan as yn Ynje, Seinstra.’ ‘Wrychtich! Noch ien? 't Kin noch krekt.’ ‘Nee, net mear, wier net Seinstra.’ ‘Wytst it fêst? Dan sil 'k dy dingen efkes wer nei dy toekangGa naar voetnoot1 ta bringe.’ Peke moat altyd laitsje, as er Seinstra sa út en troch syn Maleisk troch it Frysk hinnemjuksjen heart. As er weromkomt, falt it Peke earst op, dat it fol is. Hoe no? Mar Seinstra bokselt der al yn, in âld bepke wol oereingean; oars sil hja wol in oar plakje opsykje. ‘Jonge nee, Beppe, jo bliuwe stil sitten, jo wiene fierwei earst. Keapman, jo wiene de lêste, hen? Dus,...e, net om 't ien of oar, mar wy hawwe besprutsen plakken, sjogg' jo? Al fan Batavia ôf, dat... e...’ Hy hat it tsjin in foech rintenierke sa op 't each. | |
[pagina 10]
| |
In pear hannelslju glimkje, it mantsje makket net sa folle haast en neat gjin oanstalten. ‘Dit is jo tarong?Ga naar voetnoot1 Wacht, ik sil jo efkes helpe. Ajo.’ En hy set it spul op it perron, wylst de rintenier grommeljend syn bagaazje efternei stekt. ‘Hy fynt it noch mar altyd gjin manear, Beppe, mar rjocht is rjocht, no? Sit Beppe wat noflik? En, wer nei hûs ta, tink?’ ‘Ja, dat wie it doel.’ ‘Dat sei de man ek, doe't de ko kealje woe.’ ‘Ik haw in pear nachten op 't Fean west, ús jongste dochter is dêr oantroud. Hja hawwe koartlyn in lytse krige en it giet sa bêst.’ ‘No hark ris oan, in jonge tink?’ ‘Ja, in grouwenien, fan skraach njoggen pûn!’ ‘Boekan main!’Ga naar voetnoot2 ‘Wat sei?’ ‘Neat, en no wêr op hûs oan?’ ‘Ja, Jelle is allinne thús en hy kin him mei it itensspul en sa net sa bêst rêde, dat sadwaande. Wêr komme jimme wei?’ Seinstra strykt syn boarstelige snor wat op, heakket de tûmen yn 'e boarstbûsen en skoot it ûnderkin út: ‘Ut Ynje, Beppe. Wy, myn maat hjirre en ik, binne ginneraals fan it Yndyske leger. It bloed sit my noch yn 't hier... fan it skearen fan fan 'e moarn.’ ‘Ai kom! Wiger fan Foppes by uzes wei is der yn 't foarige ek hinne rekke, faaks hawwe jim him wolris sjoen.’ ‘Jonge ja, Donia, wytst wol, dy mei syn lykdoarn op 'e noas en mei dat ôfsakke kin; is 't net sa, Beppe?’ No nee, dy lykdoarn hie Beppe nea net fan heard, in ôfsakke kin hied er oars, miende se, ek net. ‘Nee, dat komt út, dat hat er by uzes skipe.’ ‘Och, och, en no wer nei hûs ta? Wat sille jimme âlden bliid wêze. En hoenear wer fuort?’ ‘Wat sei! Pinsjoen? En noch sa jong, fiif en fjirtich?’ Yn it hoekje sit Peke en lit dreamend syn eagen dwale oer | |
[pagina 11]
| |
Fryslâns fjilden. Dit is it byld, dat him seis lange jierren foar de eagen omtsjoend hat: greide, greide en pleatsen en weidzjende kij en miede mei blommen en in arbeiderswiif op it bjinstalt en in skiep oan it tsjoar ûnder de parrebeam. Deun by de spoardyk rikketikket in iere meanmesine... en ynienen kriget er de rook fan wyljend gers yn 'e noasters: heech snúft er it op, jitris en jitris. ‘Moatst prúste, Donia?’ ‘Nee, rûk ris, hearook!’ ‘Ja en kowestront, rûkst net?’ Peke swijt mar wer, Seinstra slacht him guodlik op 't skouder: ‘Hen, sobat!Ga naar voetnoot1 Donia, bist dochs in bêste keardel, wrychtich ik mien it. Mar hast noch ien pekol rys te min op, dat komt lykwols fansels.’ Peke ken Seinstra, rou yn 'e mûle, mar mei in rûm en gol hert. Dochs hat er him krekt trije wike lyn foar 't earst sjoen, doe't hja inoar te Belawan oan board troffen. Seinstra komt fan Tjimahi en Peke hat de lêste jierren bûten sitten, de kant út nei Atjeh. Mar yn dy koarte tiid is der in bysûndere freonskip ûntstien tusken dizze bombaarje meitsjende âldmaat en Peke Donia, de swijsume, dreamende en skrutene lânfries. ‘Wat, stiet dy kreta apiGa naar voetnoot2 no al wer? Ik leau, dat Fryslân de lêste sân jier noch lytser wurden is. Beppe der út? No jonges, helje jim kakki'sGa naar voetnoot3 ris in bytsje yn, hen? Jou my dy doek mei ruften mar, Beppe, en dy perkakasGa naar voetnoot4 ek mar. Sa, jou Rikus no mar in hân, foarsichtich, net op 't skoat wâdzje! No Beppe, slamat djalan,Ga naar voetnoot5 hen? Groetenis oan Jelle! Sjesa Donia, no krûpe wy noch efkes tegearre yn 't hoekje, jong! Dû bist noch it iennichste, dat my oan Ynje bynt. Silst my no ûnthjitte, datst âlde Seinstra gauris opsykje silst om in bierke? Ik sil soargje, dat ik altyd wat foar dy yn 'e iiskast ha, dêr kinst fan op oan! Hen, silst gauris oerkomme? It is net sein, datst my yn dyn twadde ferlof noch boppe de grûn fine silst, sis! Dû wytst, ik haw wat te rejaal mei myn âld korpus omsprongen, en as it spul dan ta rêst komt, kin it soms ek stomme gau dien wêze! Mar yn 'e tsjustere grûn moat- | |
[pagina 12]
| |
te wy allegear, Donia, oft it no ûnder de wylgen is of ûnder de klappers. In beroerd gefoel oars, jonge: foar 't lêst nei hûs, ôftanke, it libben foarby. It iene mei 't oar hat it in stom lyts bytsje west. Mar ja. En no foar 't lêst, Peke, trou net, want yn Ynje belânest dochs wer en dan begjint it lijen.’ ‘En wêr tochtstû te belânjen, Seinstra?’ ‘Ikke? Ik sykje in kosthûs by in mem mei in keppel dochters; ik haw de tiid om der op te passen, hen?’ ‘Hast oars ek noch famylje, net?’ ‘Nee, en dy't ik noch al ha is gjin famylje mear. Myn famylje, dat bistû en Siger Drenth; dy is ommers in goed healjier lyn op pinsjoen kommen, hy sit ek yn Ljouwert. En dan noch in mennich fan dy âlde Atjehmannen, allegearre in slachje âlder. No moatst sjen, Donia, dêr komt Ljouwert, rûkst it al?’ Swijend sitte se tegearre út te sjen, wylst de tuorren en huzen oprize fan âld Ljouwert. In foarbyfleanende trein, skrille floiten, geklos oer wiksels, razende remmen... ho!! Gjin inkelde goekunde stiet der oan it stasjon, net ien fan beiden hat soks ek ferwachte. De koffers út it net, efkes de rêch rjochtsje en hja stappe út. ‘No Donia, noch ien bierke op 'e falreep, net?’ ‘Nee, Seinstra, ik wol in hapke iten, in pantsje fol kofje en dan troch nei Dokkum.’ ‘Keardel, dan it alderbêste, hear! En ik sjoch dy dochs gauris wer? Myn adres krigest. Silst dwaan?’ ‘Grif Seinstra!’ ‘Slamat djalanGa naar voetnoot1 dan, groetenis oan 'e âld man!’ ‘Sil 'k dwaan.’ Iensum sjocht Peke him troch de kontrôle wei wurden. |