hurdriden op bleate motten |
ljippenêst mei kikkerts |
klompen mei spikers yn 'e harsens |
piggelmeesyndroom |
bêd fan boarsten |
sjantaazje op 'e kul |
eagen fol knikkerts |
hillige gesinnen |
de madonna en de hoer |
ûnderwrâldtrein |
pôt en bypôt |
biotoop fan fleis |
brillantinekoppen |
griene maffiajiske |
piksjitten foar de ivichheid |
hals mei klokketou |
wrede mearkes (allegearre dus) |
it weake rosmos |
goddeleaze konten |
pedofyl mei geel plaatsje om 'e kul |
dronken katten |
bluodderige skientme |
neigeboarten |
sisifus en/of sifilus |
omkearde wrâlden |
remises |
argayske torso's |
kopijrjochten op it tredde each |
bargebongels |
doarpstoreadoars |
rubberen poppen |
snyp.
Simmer 1995 oantmaitiid 1999, De Himrik (Fryslân), Donostia (Euskadi, Spaansk Baskelân).