Notysjes en ferantwurding
(út 'e optyk fan De Grutsk)
Algemien
It omslachûntwerp is mei ynspirearre troch de wurkwize fan Goldberg (New York, USA).
It jonkje yn de titel op de foarkant - de letter i - dy't himsels op in top yn 'e rûnte draait op de weareld, is makke troch Arnal Ballester fan Barcelona (1955). Dizze tekener en yllústrator makke it omslach fan it literêre tiidskrift peonza (nû. 38, Cantabria, oktober 1996), dêr't it topjende jonkje op ûnderskate wizen nei foaren komt. Peonza betsjut top.
Ballester yllústrearret (berne)boeken, tekenet kartoons yn kranten en hat ek in pear bondels poëzij mei syn tekeningen opfleure en ynterpretearre. Hy fielt him besibbe oan it surrealisme, it kubisme en de humor yn de tekeningen fan bgl. George Grosz. Yn 1994 krige er de nasjonale priis foar yllústraasjes yn Spanje.
It literêre (jeugd)blêd peonza ferskynt yn in oplage fan 1200 eksimplaren (10 kear jiers), en besprekt foaral berne- en jeugdliteratuer dy't yn Spanje ferskynt (yn de fjouwer talen). De fiertaai yn it blêd is Spaansk (Kastilliaansk sizze de oare talen, omdat se Spanje en it Spaansk fiksjonele begripen fine).
Op it achteromslach stiet in print fan Bertus Klazinga (út: ‘Wa't skriuwt bliuwt’, '94).