De holle fan de âldman stie as in ôffretten ljippekop oer it lân te sjen. Syn hier wie ferfongen troch seegers, it wetter sipele der tuskentroch. Hjir en der siet in skulpke en in moksel. De kop wie in part fan de see wurden, sadat it like oft er dreau. De wangen rûnen oer yn it sân. Der lei in boatsje dat de noas fan de kop as mêst brûkte. Ut de eagen spatte fjoer, it wiene de twa ljochttuorkes foar de yngong fan de delta.
de fryd
De tsjerke wie in sânkastiel wurden. Troch de iepensteande ruten klonk wylde muzyk. De preesterjende kat joech in teken mei in poat en syn sturt, en doe sochten de oare katten elk in maatsje en begûnen in fûle tango. Ek de knikkerts waarden wekker en folgen it ritme fan de dûns. Twa by twa. Se skeaten as jojo's horizontaal hin en wer. De lûden fan de botsingen fan glês pasten prachtich by de muzyk. De baaskat stie noch rjochtoerein en fertelde it ferhaal fan de tango.
de grutsk
De hals fan de âldman dêr't de stôk yn stuts like op in útrutsen fisk. It koe ek in âlderwetsk muzykynstrumint wêze. Der siet in skuor yn dy hals sa't der ek skuorren yn de adamsappel en de stimbannen sieten. De snor wie feroare yn seegers lykas it hier op 'e holle. Dêr hie in seefûgel in nêst boud. Der leine twa platte aaien yn. De ryksdaalder yn twafâld. Ek de holle like dêrop, twa kear Willem I.
de fryd
Ik hâld fan de tango, omdat er fanâlds yn it bordeel thúsheart. Asto yn dyn libben gjin doel mear hast en wanhopest, asto dyn skuon lek rinst om minsken op lije side te kommen, dan sil de ûnferskilligens fan de wrâld dy't doof en stom is dy wol lytsman meitsje. Do silst merkbite dat alles ien grutte leagen is, en foaral net moai of estetysk. En as der, myn leaf waarm huorke, noch wat bestiet dêrsto om joust, dan moatst noait help ferwachtsje. Gjin hân, gjin inkelde geunst. Dat sei in grutte tangospiler en -dûnser oait oer Yira-Yira, wat betsjut huorke-huorke. Ik