Grande parade mei tango
Haadstik 139
Itselde wetter oare wurden
De Grutsk hat in grutte ballon yn in feestwinkel kocht. Hy blaast him op. Dan leit er de ballon op syn buro en giet op syn matras lizzen. De ballon wibelet wat hin en wer. De Grutsk besiket him yn te tinken dat syn freon en grut alterego werombrocht is nei sa'n bargebongelballon. Dan rint er nei de boekekast en siket it boek fan de Amerikaanske skriuwer De Roth dy't ‘It boarst’ skreaun hat. Hy wol even krekt witte hoe't syn maat him no fielt. Ut in omkearde wrâld trochsjitte nei de eksistinsje fan in bargebongelballon is fansels net neat. Yn wêzen is er werombrocht nei in kul, omdat er dêrmei allinne noch mar in ferbining mei de wrâld lizze kin. Sokken rinne der fansels by boskjes om, mar dit slacht dochs wol alles. De Grutsk lêst in pear rigels:
= Ik bin in boarst. Op de achttjinde febrewaris 19safolle, tusken tolve oere nachts en fjouwer oere moarns, hat der him yn myn lea in fenomeen ôfspile dat om bar omskreaun is as in ‘massale tafloed fan hormoanen’, in ‘endokrinopatyske ramp’ en/of in ‘hermafrodityske kromosoameneksploazje’, sadat ik feroare bin yn in gigantyske boarstklier dy't net fêst sit oan in mins, in boarstklier sa't men dy allinne yn dreamen of op in skilderij fan Dali ferwachtsje soe. Ik bin noch altiten ien meter tachtich lang, en weagje njoggenensechtich kilo. Ik rin út yn in spien mei in silindryske foarm dy't tolve en in heale sintimeter boppe myn ‘lea’ útstekt. =
De Grutsk gniist. In echte bargebongel. Prachtich, en dat syn maat dat no krekt treffe moat. Hawar, it is net mear syn saak. Hy hat de ferhalen, de kommentaren en de analyzes oer de faks weromkrigen, sadat er dêrtroch ynienen al in moai ein hinne is. It is in kwestje fan komposysje, seleksje en gearstallen. Eins is it hast klear.
Hy moat noch neitinke oer de linen dy't er folgje wol. Dy linen moatte