moanne lyn al dien. Ik kom foar De Ank. -
- Dy is net thús. -
- Mar har fyts stiet wol tsjin de muorre. -
- O, no miskien hat se wol in oare fyts nommen. -
- Binne Jo wol wis dat se net thús is? -
- Fansels, hoe soe ik no net witte wa't thús is. Kin 'k it boadskip net oerbringe? -
- Nee, ik wol mei harsels prate. -
- Sa geheim is it dochs net! En oars moatst mar oant moarn wachtsje, as jimme wer nei skoalle fytse. -
De Lytsk knikte, sei goeie, draaide him om en rûn it paadsje wer del. Moarn soe it te let wêze hammere it troch syn holle. Hy hie freegje moatten hoe let oft De Ank thúskaam. Mar miskien hie se ek wol thús west, en woe har mem him der net yn hawwe. Dy wie noait net botte freonlik tsjin him. Har heit wol, mar dy kaam noait by de doar.
De Lytsk rûn in eintsje de dyk op en skeat doe it fjild yn. Op nei de A-peallen. Dat hie er De Ank freegje wollen, om dêr hinne te gean. Mar miskien hie har mem dat ek wol net goed fûn. Hy seach nochris oer syn skouder. Se siet net foar it finster op har keammerke. Hy begreep net wêr't se wêze koe. Oars wie se altiten thús om dizze tiid.
De Lytsk seach in ierappeltsje op de reed. Hy naam it yn syn hannen en sloech it op en fuort as in keatsbal. Doe fage er him om 'e holle en troch it hier. As er net mear lyts wie, mar grut, soe it miskien wat makliker wêze en praat mei De Ank. Fêst soe har mem him dan ek net mear sa maklik fuortstjoere. Letter.
De Lytsk woe De Ank net kwyt. Ast immen misrûnst dyst ferskriklik leaf fûnst soe dat in ramp wêze. Eins wie dat it iennige wat je misrinne koene yn it libben. Dan misten je ek de earmkes dy't dan om jin hinne slein waarden. Letter, as er grut wie soe er har fêst makliker treffe kinne. Doe sette er de stap deryn.
By de A-peallen tocht er him yn hoe't se dêre tegearre sieten, of leine yn it gers. Yn gedachten tegearre betsjutte hast ek al dat se hjir tegearre wiene. Allinne, sij wist it net. Mar foar him makke dat no even neat út. It koe net oars. Doe streake er mei syn iene hân de oare, en oarsom. It hie wat fan de wyn, it hie ek wol wat fan de hân fan De Ank. As er glogen hie koe er har noch better sjen skeat it troch him hinne. Mar hy