De rubberen poppen binne bûgber nei alle kanten, omdat soks by in tango in earste eask is. Trije orkesten spylje om bar, sadat der altiten muzyk is. Nei in skoftke piipje De Grutsk syn earen, de muzyk set him fêst yn syn kop. Ljochten flippe oan en út, minsken sjonge en dûnsje fan de iene hoeke nei de oare. De Grutsk sjocht dat se der hast allegearre binne. Yn 't echt en oars wol as rubberen dummy. De waarmte glidet him oer de lea. Foart it boek klear is wurdt it hjir al dûnse. Minsken dy't net yn 'e rekken hawwe, dat se mei triedsjes oan wurden byelkoar hearre fiere hjir it feest fan de takomst. De wrâld fan wurden yn it boek.
De Grutsk hat der niget oan hoe't se allegearre by it taffeltsje lâns dûnsje, him taknikke en platoanyske hântútsjes nei him stjoere: de njoggen freondinnehoeren fan de Fryd, De juf Annach, De Loet, De Jent, De Jelk, De Kat, De Harch, De Runs, De Ank, syn eksen, De Psyk, de belêstingkloat, de rjochter, de pearske adfokate, syn eigen adfokaat De Theus, De Bard dy't him mei har prachtige fluwielen broekpak rêden hat, en dêre yn 'e fierte sels De Fil mei syn eksmaat dêr't se hynderkeridend mei troch de seal huppeldûnset. En al dy oaren, yn allerhande pakken, jurken, broeken, keeps, topless of allinne mar yn in strinkje om oan te tsjutten wat ûnder en wat boppe is.
Fan klearebare wille begjint De Grutsk yn syn hannen te klappen. Dan sjocht er ynienen wer De Fryd oan syn taffeltsje. Hy hat har hast al fergetten. Hy wol har meilûke nei de dûnsflier. Mar De Fryd hâldt him tsjin. Se seit dat se it tegearre noch oer de ferhalen hawwe soene. De ferhalen fan De Lytsk.
- Ik nim de rol fan De Lytsk - seit de Fryd. - Do spilest dysels, en dan komme wy fansels by it ferhaal fan de tango. Want dêr draait alles om. - De Grutsk knikt. Hy bestelt twa bearenburch, want op dizze jûn mei sels De Fryd drinke.