Haadstik 131
Ik bin dy en do bist my
Faksberjocht
Saak:De G. - x
Rjochtbank G.
Ofskrift/Adf.kant.R.K.
Oan De Grutsk, Roekenêst
Grutstêd, Suburb-III
Goefreon/Amice,
wy hawwe wûn. Wy hawwe godferdomme wûn. En net meager op punten, mar wol hartstikke nok-út. Dy pearske geiten lizze as fisken op it droege nei de siken te gapjen. Op alle fronten, op alle liny's, op it lân, op it wetter en yn de loft. Ik bin bliid foar dy, sels haw ik der al ien op nommen, want iksels sprong in gat yn de keamer, sasto fêst ek dwaan silst. Al myn easken hawwe se ynwillige. Bist wer sa frij as in fûgel. Us gearwurking wie perfekt. Dyn foarlêzen fan in part fan de ‘Bûtensteander’ fan Camus en fragminten út dyn deiboeken hawwe eksplisyt meiholpen yn dizze bettel. Kom jûn by my del en dan sille wy him even goed reitsje. Lokwinske, lokwinske. Foar my wie it ek in swiere kees, mar ik haw op it krekte eagenblik yn it goeie fleis stutsen. Do begrypst wat ik bedoel. Pears moatte jo mei pears bestride. No, pears seach se. Kristenmesiele, om dyn wurd mar te brûken, of eins fan dat frommes. Pears, en it skom stie har op 'e bek, it sop skeat har ta de reet út. Halleluja! As it regear net mei nije wetten komt bist foar altiten frij fan dizze bline term dy't no foargoed útsnijd is. Oant jûn. Mei Roomske groetnis,
De Theus.
P.S., miskien hawwe de kearsen wol holpen dy't myn frou foar dy en my oanstutsen hie yn it kapeltsje fan De Hegebynten. Se húsmannet dêr op 't heden en bestudearret dy âlde terp en graaft har it swit tusken de riten. Allee, wy sûpe jûn op al myn pearske adfokatefreondinnen.
De Grutsk springt oerein, raast, âlet, giet foar de spegel stean en stekt dêre syn tonge út. Kristenmesiele, jesus christ superstar. Frij, frij, frij en