paling is oan Jo. En as lêste:
Winne betsjut soms struktureel ferlieze. Wy nimme oan dat Jo ek op dit mêd fan de belêsting wer yntegrearre wêze wolle yn de organisaasjefoarm fan dit lân, dêr't us hûs fan it jild de wichtichste pylder is. Struktureel, dêroan feroaret ek in ombudsfrommes gjin grevel.
Grutstêd, Belêstinghûs, seksje:
koördinaasje, organisaasje,
massaazje en prosesbegelieding.
Foar de direksje, De Mack.
(sûnder mes, haha...)
De Grutsk lêst it berjocht ien kear, twa kear en dan nochris heel stadial, mar hy fynt gjin inkelde ferbining mei syn protesten, mei syn brieven oan ûnderskate ynstânsjes. Hy pakt in wurdboek en besiket út te finen wat der no eins stiet. Mar ek dat leveret neat op. Hy flokt. Godferdomme, dy dweilen, dy oppompte sifermaniakken. As er goed lêst stiet der sawat, dat er te let wie mei syn brief oan de ombudsfrou. Mar dat kaam mei't dy ûngelokken yn dat frekte siferhûs de boel tiden opkeard hiene. Mei opsetsin fansels. Dat soe ynhâlde, dat it totale bedrach no fertrijefâldige wie mei al dy rinte en boeten derby. Kristenmesiele, it frommes út de binnenstêd mei har mânske reet sjit him yn 't sin. Hy wit net wêrom, mar dêr soe er no graach syn kul yn stekke wolle, achterlâns op syn hûntsjes, sadat er syn hannen op har grutte billen lizze koe, derom hinne slaan en har stadich op en del bewege. En dan alles ferjitte. Kristenmesiele!
Se joegen him gelyk, mar nettsjinsteande dat koe er syn kloaten mar op it blok lizze. En dat allegearre troch dy ferdomde strontpream op De Wâldstream. Dit is dochs godskristus kranksinnich. Hat er him dêrfoar út de naad skreaun, hat er dêrfoar oeren en oeren skille en al dy belêstingboeken trochwraksele. Jo hawwe gelyk menhear, mar wy skite op Jo. De Kat soe har jurk omheech skowe en dy fette strontfigen har dikke kont sjen litte, miskien in drol dellizze op 'e stoepe fan dat jildhûs sa't de grutte skilder, De Hús, út it âlde lân eartiids die yn de preekstoel fan syn tsjerke. Beskite dy lju. Mar De Grutsk fielt him sûnder stront al folslein besketen.