ters hat, en dat allegearre op basis fan ‘no cure, no pay’. It kin in moai einfeest wurde fan syn eksperimint. De Fryd tidiget op de earste tango mei him.
De Grutsk gniist. Dy De Fryd, noch altiten like gek as jierren lyn. Miskien kin se wat diplomaten meinimme. Foar De Psyk soe 't ek goed wêze. Om mar net te praten oer dy belêstingkloat. Spitich dat syn eksfreon út de binnenstêd no ferdwûn is mei syn De Fil. Dy hiene der ek goed bypast. Hy sjocht it allegearre al foar him: ien glêde dûnsflier fan waarmte en geniet lykas doe dêre op de brêge yn it âlde doarp. Dûnsje op de eachbollen fan de lju dy't ferslein binne.
In feest! Ja, miskien by gelegenheid fan de presintaasje fan it boek. In feest foar in fiif hûndert gekken dy't in rol spylje yn de histoarje fan it libben fan De Grutsk. Dan soe er ek daalk al in fiif hûndert eksimplaren kwyt wêze. Dy De Fryd. Dat is echt in wiif mei in gouden kut en briljanten harsens. Teater De Grutsk en Ko. Net gek. De Fryd koe har moai ferklaaie as in ko. Elkenien soe ferplichte wurde moatte him of har te feroarjen yn in beest, yn in fûgel of yn in fisk. Twa fisken tangodûnsje litte bygelyks, of in fisk en in kat. Ferklaaid as kikkerts hie ek wol wat.
De Grutsk sil De Fryd meikoarten skilje, en skuort har brief út de lange line. It koe in moeting wurde fan wierheden en replika's. Sa wie it libben ek sawat. Foaral guon dy't al replika fan harsels wiene, dy soe er út soarte útnoadigje. Der moast nedich wer ris in toer fan babel oprjochte wurde. No sûnder al dy talen, want dy talen soene feroare wêze yn liven. Yn konten, titen en kullen. Dêr koe men mei prate, en dat soe folle minder problemen opleverje. Dat soe winliken it haadgerjocht fan it feest wurde moatte. In toer fan louter fleis.
Dan lêst De Grutsk fierder en fernuvere hâldt er nei in setsje op. Dit hat er al ris lêzen, dit werkent er ferdealde goed. Soms is it wat oars formulearre, soms wurde der oare nammen brûkt, mar it ferhaal hat in soad te krijen mei syn eigen oantekens. Ferdomd as it net wier is, it binne de oantekens fan syn freon út de binnenstêd. Syn eksfreon. Hy hâldt him fergeemje oan syn wurd en stjoert alles wat er sammele hat, opskreaun of heal ferwurke. Net te leauwen.
De Grutsk giet stean en rint de meters tekst bydel. It wurdt him hast swart foar de eagen. Der leit wol hast in tritich meter tekst. In lytse