Krik fermoarzelje koe as wie er in ynsekt, in beest sûnder taal en gefoel. De Grutsk - of syn eksfreon út de binnenstêd, mar dat makket no neat mear út - hat ek noch wat appeltsjes mei dy De Bulb te skilen. Ofweve mei sokke antike goaden, mei sokke hiërargyske yn kasten tinkende antydemokraten, dy't in arbeider noch nea oars sjoen hawwe as in optelsom fan termen, stront en rare sykten. Dy De Bulb, in sosjalist avant la lettre, en miskien ek wol dêrnei. It mes deryn soe syn grutte freon en dichter De Kasp wol sizze, it mes deryn, en leafst plat stekke. Akkoart, in mes is soms in pinne:
ynstjoerd stik foar it haadblêd
Doku-4, faksnûmer: sjoch poststimpel
Juster seach ik De Krik wer mei syn prykstôk op it griene gersfjild fan Mekka yn Dryhús. Sterker, ik hong op 'e kop en nettsjinsteande dat koe ik him werkenne. In prachtich gebeart fan de fiif kommisjeleden dy't dêrmei it ûnrjocht fan de eardere potentaat-foarsitter sljochte hawwe. Se moatte wol de hân oer de kul strutsen hawwe, sadat se it protest yn dat wichtige lichemsdiel fielden. De Bulb is dêrmei weromwiisd nei de histoarje fan syn eigen lyts persoantsje. Lyts, dat wie er. Ik sil dat útlizze. Eins herhelle er de skiednis dy't er ea sels rjocht sette woe. Ik bedoel, de Hogerhúsmite. Yn wêzen jildt ek foar him de siswize ‘Wy hâlde fan kristus, mar jezus noch oan ta, wy slane him dochs in spiker troch de harsens.’ Dy haat-leafde spilet faak op.
Jierrenlyn promovearre De Bulb op de Hogerhúsmite. Oertsjûge sosjalist as er wie besocht er wittenskiplik fêst te stellen, dat de lju yn de Hogerhússaak ûnrjochtfeardich behannele wiene troch de aristokratyske rjochters mei de hege huodden en de streekjespakken. Hy slagge dêr foar it neist yn. Syn hert siet doe noch net fol spikers en kramtried. Sadwaande waard er ek útnoege yn it âlde doarp fan de mite en hâlde dêr in lêzing oer de hele saak. Guon lju dy't de reboeije noch meimakke hiene kamen rinnende út oare doarpen nei de gearkomste. Dat hiene se yn de jierren fan de mite dien, dat woene se no wer dwaan. Al rinnende soe itselde gefoel fan eartiids wol werom komme, sadat se tige laden harkje koene nei de wurden fan De Bulb.