dat elkenien dwaande is om net yn it wetter fan de loft te fallen. Dy loft is no in see of in oseaan wurden. Guon poppekastspilers fier boppe de tribunes en it gersfjild - eins djip yn de grûn - hâlde elk fêst oan toutsjes en bewege de lju op it fjild hin en wer. De keatsbaltsjes driuwe op de wetterloft, fleane fan lofts nei rjochts en ferdwine soms ûnder de tribunes. Dan raast elkenien en klappe se yn de hannen. Der komt wolris sa'n bal op him ta, mar hy skrikt net mear lykas doedestiids yn de bioskoop. Op ûnderskate plakken yn it loftgers hingje manlju dy't net fan har plak komme. Se prykje mei in stôk yn de grûn.
Ynienen sjocht De Grutsk ferheard. Ferdomme noch oan ta, De Krik hinget der ek wer, op de grins fan fjouwer linen en it griene gers. Hy hat de slach wûn. Syn feroardieling ta libbenslang is ynlutsen. De nije foarsitter fan de PC-kommisje hat blykber de hân oer syn kul strutsen en De Krik wer in stôk jûn om te prykjen en te giseljen.
Sa op 'e kop hingjend krijt alles dochs mear diminsjes. Der is yndied ôfskie nommen fan de âlde potentaten. Dan wurdt it De Grutsk read en swart foar de eagen. Hy kin noch krekt op tiid de touwen fiere litte. Even letter leit er wer foar pampus op de flier. Noch krekt sjit it troch him hinne dat sa'n omkearde wrâld yndied nije Perspektiven biedt. Dan rekket er bûten westen en draait it allinne noch mar yn syn holle.